Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

19 12 12

 

In hiel soad Friezen ha de ôfrûne wike de waarkaarten der by pakt. Yn de boppeste luchtlagen is in grut gefecht oan de gong fan allerhande fronten. In gefecht fan kâld tsjin waarm. Foarearst wint waarm. En hoewol de waarlju it noch net iens hielendal iens binne is de grutste ferwachting dat it pas snein begjinne kinne soe te friezen. In graadsje, mear net. Mar de wyn wurdt fan sudeast hielendal pal east. Wat der efteroan komt is net dudlik. Giet er troch nei it noardeasten? Dêr sit de kjeld. Yn de hjerst dogge de Friezen soks net, dat sjen. In pear yn de maaitiid, mar dan sit se yn de fûgels of it earste gêrs. Mar yn desimber/jannewaris, dan binne dy luchtlagen foar elkenien nijsgjirrich. Ik kin lju dy’t at de kjeld oan it winnen is fersichtich nei de souder gean en alfêst efkes oer de redens strike. Se nimme se noch net mei nei ûnderen, dan daach je it waar tefolle út. Mar at it dan goed komt yn de luchtlagen en de wyn giet yn de Noardeasthoeke sitten en fanút Skandinavië en Moskou komt moai kjeld Fryslân yn, o wat moai. Dat maratongedoch op de ûnderspuite baantsjes is kommersieel. De Ulesprong en Nijelamer bin echt. It kin en it kin ek wer net. Moaie dagen. In koartebaan op de âlde wize, mei syn allen om de kachel dan efkes ride en dan wer de kachel, en de flessen drank en waarme sûkelaademolke. Ik kin der neat oan dwaan, mar sa nostalgysk is it noch altyd en ik fyn it moai. Aaah en at der dan in pear moaie dagen komme, skoalriden op de iisbanen, bern stean mei reade koantsjes oer it iis, al wolle se de tiden fan Sven Kramer brekke. Hjir en dêr wurdt der alris in foet op it bûteniis setten, ja dy âlde strûken út Ljouwert mei in haal oer in rântsje iis, dogge net mei. Nee it echte wurk. Wyn en streaming soargje foar it fariabele byld fan it iis. Nee ik ha’t net oer de alvestêddetocht. Dat is wat ekstra’s, at dat byld wat minder fariabel wurdt. Gewoane winterke, rûnom wedstriden, tochten, de skoallen passe harren skema oan, beppes krije gjin besite mear, der moat riden wurde. Fan moarns ier oant jûns let. Hjoed 20 km, moarn 30, yn it wykein in rit fan 50. Ik ha noch earne in lûdsbân fol mei fleurige petearen mei wedstriidriders en -riidsters en ek oar folk oer werom at it hert harren djipper yn de kiel kloppet at dat iis der is. Dan wurdt je wat oars, sei Marten Hoekstra. Dy’t der oan taheakke dat it o sa moai wie dat yn 1967 troch prinses Christina in kunstiisbaan iepene waard yn Hearrenfean. Dan koenen je dat gefoel wat langer by je hâlde. Doe wie’t noch sa dat mei de hjerstfakânsje de iepen baan iepen gie, at it net te wreed reinde, en dat dy 1 maart wer ticht wie, no ha we folle langer en wurdt der sels yn de simmer brûkt. En wat blykt, noch altyd is dat Fryske folk hartstikkene idioat wat it riden oanbelanget en der wurdt in drok gebrûk fan makke. Want Friezen ha in eigen gefoel oer dizze wize fan sport. Sju eartiids wie it sa dat je nea by je suster kamen, útsein at it dik winter wie dan giene je dêr op redens hinne. Dy ferhalen, ek fan de leafdes op it iis ha derfoar soarge dat we de iisromantyk noch altyd by ús ha. Iis is fan ús. Se boue rûnom yn de wrâld prachtige iisstadions, mar dy ha te min rendemint omdat dy minsken dêr dat gefoel net ha. By ús is de baan te lyts. En kin at we in bytsje tinke om de enerzjy de baan hast wol rendemint ha. Mar ja we moatte wol betinke dat der ek noch oare Friezen binne. En dy sitte tafallich allegear yn de steaten. Se dogge aanst wer heal wurk. Se ha dit gefoel nammentlik hielendal net. Ha noch noait riden, ha noch op de ien of oare wize gjin weet fan dat Fryske gefoel. Bin it eins wol Friezen? 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s