Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

20 12 12

 

At der immen skillet en by my dogge se dat om seis oere hinne, de measte kâns dat ik efkes tus bin, dan stiet der wer ien mei in kollektebus. Ik sjoch en hear net iens wat it is, hert, kanker of nieren, makket my neat, nei de beurs, hupstee. Us heit dy woe ús eartiids bybringe dat je dêr ûnderskied yn meitsje kinne soenen. Hy sei bygelyks alles mei in C hoechst net te jaan. Mar de fersuiling is sa linkendewei wol ferdwûn, boppedat bin der wol C ynstellings dy’t as ienige op in bepaald mêd wat goeds dogge. Dus ik sjoch net mear, harkje net mear en pomp wat yn de kollektebus. Mar de kollektebussen bin it fansels lang net allegear mear. We ha no radio, tillefyzje, watte we ha sosiale media, wat kin we wol net allegear. Dat lit benammen de Postcodeloterij sjen. At ik sjoch hoefolle jild at der ferbarge wurdt oan prizesinten, dan tink ik wolris, hoefolle giraffes yn Kongo hienen we dêr net fan oerein hâlde kinnen. Mar de minsken dogge dus net mei foar de giraffes. Se witte hielendal net wer’t dy lotterij foar is. It giet inkel om de prizen, ach 10.000 euro yn dat fak, wie? Autootsje voor mevrouw, o u had al een auto? 50.000 euro dêrre, o vakantie in de Maladiven. Ja mar de postcodeloterij soarget ek dat oaljefanten yn Kenia genôch rotsen ha om dy ivoren slachtosken te slypjen. O, no ja dat kin my neat skele, miskien komt dy man jûn wol lâns mei 32.000 euro. En ik moat earlik wêze, ik wit it ek net. Al jierren krûpe trije disksjockey’s fan radio 3 yn in glêzen hûske earne op in plein, en it jild stroomt binnen. Serious request. Sterker, ik ha’t opsykje moatten, se dogge dat yn’e mande mei it Reade Krus en it giet dit jier tsjin de bernestjêrte. Goed doel. Dêr ha je dus wol wat foar oer. Mar ik reizgje der net foar nei Enskedé wer’t dy tinte sûnt hjerjuster stiet, en ik kom takom jier ek net yn Ljouwert. Want it gedoch der omhinne dat fyn ik net moai. Ja der binne hiele aardige aksjes yn ferskate doarpen. En at der sa’n lyts famke oan de doar komt, mei selsbakte kupkeekjes krijt se jild, tsjin de bernestjêrte, en ik hoech de keekjes net. En ik sis net iens lêbbich tsjin dat famke do dochst it wol foar dy radio 3 jonges en net foar de sike fûgels yn de winter hjir yn it doarp. Ach, lit mar. Mar al dy idioate aksjes. It slimste is yn de Knipe is der ek in aksje mei in glêzen hûske. En yn Snits sil ek twa dj ’s yn sa’n ding sitte. Betink dan wat oars, of nee want dat is ek allegear fan dat frjemde gedoch. Sa sil der hjoed ek allegear lju út Fryslân nei Enskedé fytse. Om it jild te jaan. No ik hoopje dat it goed reint. Meitsje dat jild oer, ek fia ynternet kin dat al maklik. We komme sa linkendewei yn dat at je wat dwaan wolle foar ien of oar goed doel, dat je in prestaasje leverje moatte en inkel omt it foar in goed doel is, wurdt je sponsore troch minsken. Dus dy baby’s hingje ôf fan at in lyts jonkje fiif of seis kear om de tsjerke sjoue kinne. Oerrstallich jild en oerstallige enerzjy makket it rindemint fan de aksjes minder. Omdat der tefolle eigen waan yn sit. Moaiste foarbyld derby is Alp d’Huzes. Je moatte seis kear dy berch op fytse, derfoar moat safolle mooglik oare minsken betelje en dat jild giet dan nei it Wolhelminafonds, tsjin de kanker. Prestaasje = jild. Mar deroer wurde op radio 2 dan sokke ferhalen en útsendings makke, dat de Alp dHuzes je kiel úthinget. De tourrenners dogge oare jier twa kear op in dei de Alp, meie dy dan noch neat jaan. Dat gedoch altyd. Ik gean fannemiddei nei hûs en dan wachtsje ik dat it seis oere is en at se dan bellet, de frou mei in kollektebuske foar de hersenstifting , dan mei se der yn komme, se krijt kofje en in knoarre jild. Want se is gewoan. Hiel gewoan.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s