Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

24 12 12

 

Wy Friezen ha altyd in hiel rare Pavlov reaksje as it giet om skaalfergrutting. Yn guon gefallen kloppet dat wol. De wize werop de kreamôfdieling fan sikenhûs de Sionsberg yn Dokkum fuortdondere is, is ûnfrysk. Je moate altyd de wize werop at in mienskip wennet en went is te funksjonearen ta útgongspunt fan je belied nimme. Krekt sa mei alarmearing, skaalfergrutting deryn mei inkel betsjutte dat je in tillefoantsje minder hoege te dwaan, net dat dy ambulanse fiif menuten letter komt. En je moat dwaan wat je sizze dat je dwaan sille. Sizze dat je frysk fersteane en je ferstean it net, dan is de rest fan je gedoch ek waardeloas. Oerheden fine hieltyd wer oare wurden út foar besunigje : heroriëntaasje, nij belied, efficiency, en no dus skaalfergrutting. No ja en dat moat je dus fan gefal ta gefal besjen. Mar no is it ferwûnderlike, we ha hjir yn Fryslân in hiel jier praten oer bestjoerlike skaalfergrutting, dat soe in geweldige kwak jild en enerzjy besparje kinne, mar we bin net in sentimeter opsketten. We kinne dat net. It kabinet liet in proefballontsje los, gruttere gewesten weryn in pear provinsjes sitte. Gooh, dêr kamen wy Friezen los, nea, nea, nea by Grins. Nee, net bý, mei Grins. De minsken yn Fryslân ha gjin betrouen yn harsels tsjinoer de Grinzers, we tinke foarôf al dat we ûndersneie sille. Moat jim ris tinke hoefolle foarsprong we mei ús identiteit en taal en histoarje krije kinne inkel yn noardelik ferbân. Folle better toch as lannelik, Den Haach tinkt: we sette dy taal yn de wet en dan is it klear. Nee dus. Wy as Omrop hingje sels oan dat triedsje. Nee, Fryslân aanst wat stoeie mei Grinzers, mar dy Drinten dy wolle wol, 80 persint fan de bestjoerders dêr is fan Fryske komôf. No en twa tsjin ien, bingo. Mar wy kinne dat net en we litte dat sjen yn de gemeenten. Ja ik wit wol, út in ûndersyk hat bliken dien dat súdwest Fryslan no djoerder is as dy eardere fiif gemeenten opteld. Ja fansels, alles is djoerder wurden, hoe soe dat hjir net. Boppedat is it in bytsje doare fansels, dy politieke jonges en famkes yn súdwest Fryslân binne te fersichtich. Fersichtich tsjin de amtners, dy bin te fier fuort stien gien fan de gewoane minsken. En fersichtich tsjin de mienskip, want at je middelje yn it jild jeij je ek minsken dy’t no mear krije as de midden tsjin je yn it harnas en dat wurket tsjin je want de media ha it net oer wat je goed dogge, inkel oer wat guon minsken min fine. Trochhinne sjen, je eigen belied folgje. Mar súdwest fryslân hat fansels de skrik goed yn’e poaten, hoe sit dat no mei dy oerienkomst by de Houkepoarte, 7 miljoen wie ôfpraat, en doe’ wie’t al 10 miljoen en doe wie der ynienen in kontrakt foar 14 miljoen, hoe siet dat? Merkwaardich dat de Fryske media der net yn trochgien binne. Mar goed, ûngelokkich begjin. Mar it hie syn wjerslach op de rest, moat it allegear wol sa hurd. Ja Skarsterlân sette sok, yn in soarte fan benaudens om mei Hearenfean fierder te moatten, sleepte Gaasterlân en Lemsterlân mei, waard troch regearing wat yn de rêst setten, mar dy bin no hiel aardich dwaande om it allegear wat op ien line te krijen. Mar ja, no jou se ek al wer tefolle sinten út oan idoate fan Fryske marren foarme taffeltsjes yn it nije ûnderkommen. Dat je yn 2012 net leard ha om net tefolle sinten út te jaan, yn al dy âlde gemeentehûzen stean dochs genôch taffeltjses. Boarnsterhim mei allegear bestjoerders fan bûten ôf hat himsels opheven. Fan bûten. Fan binnen, dan wolle wy it net, it is fan ús, ôfbliuwe. En dan al dat lytse guod, wol fansels sa net neamd wurde: it Bildt komt by Harns. Nee, Harns en it Bildt en oaren gean mei syn allen oan de slach om in moaie nije wat gruttere en derom better funksjonearende gemeente te meitsjen. Mar at je dan sjogge dat Germ Gerbrandy op syn 60ste as boargemaster fan Achtkarspelen beneamd wurdt, wit je wol dat de Jorritsma’s ferwachtsje dat it noch wol in jier as fiif duorje sil ear’t it safier is dat se dêr de boppeste helte nei Dokkum smiten ha en de oare helte by Smellingerlân kaam is. Tusken heakjes, al dy waarnimmende boargemasters dy’t Jorritsma beneamd hat, omt er tocht dat it proses wat hurder gean soe, wat soe ús dat net koste ha. En dat proses giet net hurd omt Ljouwert, Drachten en Hearenfean net dogge wat de Jouwer wol die, trochdrukke. Se bin sa stil as in mûs. Se ha it echte ferlet ek noch net, dat hie’t it krekt wer lytsere Snits sûnder gelegenheid te bouen oer de gemeentegrinzen wol. En se bin deabenaud om wat te sizzen want se wurde der daliks op ôfrekkene. Dus dogge de oaren it wurk. Sju de Ljouwerter âld wethâlders Tom van Mourik en Roel Sluiter bin fansels delsetten yn Menameradiel en Harns, om de tarieding te dwaan foar in gemeente Ljouwert mei as haven Harns. Mar at ik dat sa sis wit jim dat it lang duorje sol. En dêrom wie it ek sa spitich dat Rutte lûdop sei dat dy grutte provinsjes no wol koene. Dat smiet safolle Fryske hakken yn’e grûn, dat it oare proses deryn wer meisleept wurdt. Ik bedoel ik fyn it aardich dat in FNP-er boargemaster is, mar je moat al witte dat Gerbrandy de lieder fan it ferset wie yn súdwestfryslân yndertiid, en dy krijt neffens my no de opdracht om it dêr wat foar elkoar te krijen. It is trouwens noch wol krusiaal yn dy hoeke, al ha ik myn grutste fraachtekens by Tytjerksteradiel. It kin net oars as dat moat by Drachten tegearre mei de ûnderste helte fan Gerbrandy. Mar at se yn Drachten no al ris roppe, ach wy wurde toch it noarden dan kin we miskien better mei wat Grinzer gemeenten derby, ja dan stean dy fryske hakken daliks wer yn ‘e grûn, en dan ha we noch in langduorjende en noch yngewikkelder diskusje, dy’t pas dien is nei dat Gerbrandy 65 is. Watte, wol in aardich spultsje? Miskien wol, mar wat soenen al dy oerlizzen kostje?    

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s