Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

27 12 12

De Rabobank hat de Friesland Bank opkocht. Dat betsjut dat der noch in soad libben yn de Friesland Bank siet, want de Rabobank keapet net in ferlerne saak fansels. Mar at it gjin ferlerne saak wie, wêrom moast de Friesland Bank dan opdûke. Dan is grut dus dochs lyts wer de baas. Want as it noch wol wat koe mei de Friesland bank wie de Friesland Bank fansels wol een konkurrint fan de Rabobanken, seker yn Fryslân. En mei dat de Friesland Bank dochs omfoel, wie de worldwide krisis ek yn Fryslân in feit. Al in pear jier wie al bekind dat de âlde gedachte net mear wurke fan dat at je by in bank of fersekeringsmaatskippij wurken dat je dan wol moai wis wiene fan je baan. Mar dat de Friesland Bank sels hielendal ferdwine soe, dat wie in, ûnoangename, ferrassing. Eins gie de belle hjir ek yn Fryslân, krisis. De Friesland Bank fuort, dan wisten we it wol. We ha letter noch wol it ien en oar leard oer it hâlden en dragen fan de banken yn de lêste jierren en dan hienen we ek witte kinnen dat it eins wol logysk wie, mar dochs, ferdorie, de Friesland Bank. Wie krekt dwaande him te profilearen op allerhande oare merken yn Nederlân. Wie deeglik, it boartersguodspultsje fan dy jonkjes Kuperus. Untstien út de Suvelbank en Kingma’s bank. Sûnt 1913 in weardefolle pylaar yn de Fryske mienskip, ek mei omt se harren maatskiplike posysje wiermakken troch oer al yn allerhande eveneminten hun wearde fêst te lizzen. De Friesland Bank fuort. De Rabo fuortkaam út in âlde konkurrint wêr’t se eartiids noch wol mei wurke ha, de Raiffeisenbank, naam it spultsje oer. No ja se bin der noch oan it hottefyljen oer posysjes, sosiale plannen ensafuorthinne. Rekkenje mar dat de Rabobank, dy’t sowieso altyd minsken dy’t by harren wurke ha de foarkar joue , sa linkendewei it personiel fan de Friesland bank oan de kant skoot. It meast ferrassende is, dat elk dat ferdikkeme útsprekt, mar net fierder giet. We stean te gûlen at der wer sa’n bankgebou leech komt te stean. We seure at we mar ien pinapperaat yn it doarp oerhâlde en dêr stean se hieltyd ek noch te skimmen, net noflik, sizze we dan. Mar mear dogge we net. Dat is eins mei de hiele ekonomyske krisis sa. En je kin altyd wol sizze dat alles yn Fryslân 50 jier letter bart, je moatte der dan wol fan oertsjûge wêze dat de minne dingen hjir daliks barre. It fielt net goed dat it it hiele jier duorre hat. Ferbazingwekkend dat ynienen in boubedriuw dat it goed die yn it nijs kaam. Mar de bou yn syn gehiel, lege briefkes. Oanferwante bedriuwen. Leech. Wentebou, dach. Doarpen rinne leech, wy as Fryslân krije de krimp as ekstraatsje by de krisis, hokker idioat hat hjir yndertiid 419 doarpen deltimmere. It is sa wurden dat wa dan ek dy’t earne sprekt, dat de earste wurden binne: we ha krisis, dus it is net mear itselde. De benzine waard sa djoer, wat frjemd dat we der amper oer seurden, we ha dêr dochs yn Fryslân folle mear lêst fan. Wy moatte mei de auto fan hot nei her, omt it slimste wie dat it alternatyf it iepenbier ferfier ek de pottebak yngie. Mar we fine it allegear gewoan, alles dûkt mar yn elkoar, besunigje. Ik tink dat der noch noait safolle minsken op in matras sliept ha wêr’t in soad jild yn ferstoppe sit. We betroue de banken ek net mear fansels. Mar it oanpakken fan de hiele ekonomy, de hiele krisis, dat dogge we net. En dat “we” moat we letterlik nimme. Jo net, ik net, buorman ek net. Mar wat noch slimmer is, mei syn trijen dogge we it ek net. Twa kanten út net. Maklik te heljen besunigingen pakke we net, we litte dy heale en heule oerheidsynstellings omklungelje, we ha fierstenfolle minsken dy’t allegear it selde dogge, tink no ris om it rendemint. Mar nee, lit se mar trochmodderje, we nimme nearne ferantwurdlikens foar. We seure allegear ferskriklik oer al dat direkteurefolk dat mei miljoenen ôfset net de moaie oarden yn de wrâld, mar we dogge der neat oan. Ik fyn jim letargysk, ik fyn buorman letargysk. ik fyn mysels letargysk. En ús meast letargyske foaroprinner is it provinsiaal betsjoer. no dy is my dochs letargysk. Ja ho, tenminsten nei bûten ta. Nei binnen skynt it wol ta te fallen, mar it is fansels sa dat de polityk in bytsje kloppet, dat it pas fertroud wurdt at it nei de minsken ta goed is. En dan moat je dus net letargysk wêze, mar mei ynmoed de striid tsjin de krisis oangean. Net dat geëamel fan it komt wol goed want dat komt it net. Mar we sille ús úterste best dwaan om wat stypjen. Yn de jieren 80, doe’t it ek min gie yn dit lân, wie der Douwe van der Til fan Damwâld, in âlde marinier dy’t trochskood waard nei de polityk en úteinlik deputeare waard. Fryske deputeare. Hy focht. Sette allegear wurk op, dat betelle de oerheid, en dat smiet wurk op. En dus minsken dy’t wer jild fertsjinnen. En wer ynfestearden. No ja , dy’t seine ik keapje ris in ysko mear. Wit jim dat it tekoart op de begrutting foar Nederlân yn dy tiid 12 persint wie. Regearing Lubbers. Net ien dy’t dat doe slim fûn. En no skrabje we om it op trije te hâlden. Nee , dat is de Grieken harren skuld net, dat docht Europa sels. Mar werom nei Douwe. It wurk dat dien wurde moast, der soarge Douwe foar dat der yn begûn waard. Wurk foar wurk. En we ha dit jier sjoen dat we in soad dingen ha wer’t we mei oan de gong kinne. En hoe koe’t sa moai yn sa’n minne tiid, de provinsje hat in knoarre jild. Stikje Nuon ferkocht. Miljardsje yn it matraske fan Jannewietske. Mar ja, dan sjoch je dat gegriem mei Thialf. Sis no gewoan dy Fryske bouers krije dat object. Twa banen. Njonken it Abe Lenstra stadion, dan kin we gewoan trochreedride. Kosten 100 miljoen. Hjir ist. Oant it wurk jongens. Eigen foech, eigen minsken, eigen jild. Presies wat wy Friezen altyd wolle, frijheid, eigenheid. En wurk. At jim dat as provinsiaal bestjoer no dogge dan dogge wy ús bêst om dat gedoch mei de kulturele haadstêd klear te krijen. Want yn de rest fan Europa sizze se, sju dat gewest docht it allegear sels. 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s