Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

07 01 13

 

Freed stie yn alle kranten útsein de Ljouwerter in foto fan minister Opstelten, dy’t blykber wat komysk sei, hoe ist mooglik, en dêrom hinne stienen in fjirtich plysjeminksen plichtmatich te gnizen. It wie terjochte dat de foto net yn de Ljouwerter stie, want we koenen njonken de minister net ien werkenne, en it gie dochs om de reorganisaasje fan de plysje. It is yn tweintich jier de tsiende reorganisaasje, ik ha lêsten heard dat dy fan 1997 noch net iens hielendal ôfrûne is. Ek moatte der noch hieltyd plysjeburo’s dy’t nij bout binne ferkocht wurde, dy bin noait brûkt, dy wiene by de folgjende reorganisaasje al net mear nedich. Se kin no allegear ticht, want we ha no nasjonale plysje. Mar at dêr sa’n 60 man en benammen frou yn de top beneamd binne, soene je dochs wol hoopje dat it alâlde korps Fryslân der wol in pear, of miskien ientsje oan leverje soe. Mar ik koe op dy foto net ien fine. Fierder wit je ek niks. Ja ik wit dat de Fryske plysje net mear bestiet sûnt 1 jannewaris. Ho, gjin freugde, want ik ha se op 3 jannewaris al kontrolearjen sjoen op it dykje tusken Offenwier en Jirnsum, at jo in bekeuring krigen ha, dy moat je echt betelje, mar dat jild giet no nei Grins. We ha no noardelike plysje, mar dy hyt net sa, want we moat no krampeftich nasjonale plysje ha. Mar Geard Bouwman, want dy ha’k nei Opstelten noch heard, dat it allegear better wurde soe yn de plysjemienskip en dêrnei ek yn de gewoane mienskip, dat fiel ik dochs net as ús plysjebaas. Mar ik ha dat hielendal net mei Oscar Dros. Dy is nammentlik noardelike plysjebaas. Dy man wie korpssjef fan Grins, wy hiene frou Kramers, mar dy is it blykber net wurden. Wat dy wol wurden is wit ik net en miskien sy sels ek wol net. Mar it is in fêst gegeven, at de trije noardelijke provinsjes by elkoar komme dan ferlieze Ferd Crone en de miskien wol tichter by ús steande Sicko Heldoorn, boargemaster fan Assen en dus korpsbehearder yn Drinte, dy ferlieze it fan Peter Rehwinkel, harren Grinzer kollega. Dus Dros waard de baas, no dat sil we witte, want dy hat dat hiele Harense facebooksoadsje noch op syn rêch. Ik wit dat dy de noardelike baas wurdt, want we ha in mailtsje krigen dat we dy man ynterfjo-e meie, ik wik dat we net Frysk tsjin him prate kinne en dat we nei Grins ta moatte. Dat waard ús meidield troch GRN PB NN Communicatie. Folsein ûnbekind wat dat is, en ik ha dochs in pear oeren op ynternet sitten te sjen at ik dat ek fine koe. It sil de foarboade wêze dat at der aanst in man fan de sokken riden wurdt yn Surch, dat we dan as sjoernalisten wachtsje moatte op sa’n foarljochterke út Grins dat fantefoaren, tidens it ynterfjoe en dêrnei ropt maar ik weet van niks. Lit we dat mar sa hâlde. Mar it kin net oars dat binnen dy plysje in fjildslach oan’e gong is foar de posysjes yn it nasjonale korps. Ik hearde in fakbûnsman sizzen, no dy 61 topposysjes dat wit we no wol, mar de oare 61.000 man dy witte noch altyd net wer’t se oan ta binne en dat sil ek noch wol efkes duorje. Dat betsjut dat dy fakbûnsman seit: we sitte mei in plysjeorganisaasje, dy’t noch net iens begûn is mei reorganisearjen, wylst de top al n asjonale gefoelens hat. Dat wurdt in folsleine mislearring. En dat yn in roerige tiid, dat krekt dy plysje noch wol it ien en oar te ferhakstukjen hat. Dus at sa’n plysje ropt: ho man dat kin net, dan sis ik: wa bin jo en wat is jo funksje…. en at dy man of frou dat net wit, akseptear ik de boete net. Foarkomme. En dan freget dy rjochter it in heal jier letter ek noch in kear en dan wit hy of sy it noch net. It is ek net nedich te witten wa’t de plysjebaas is, dat bin Peter R de Vries en de Tillegraaf. En yn Amsterdam wurdt rêstich trochsketten, no mei mitrailleurs. De plysjes bin ommers dochs oan it gearkommen.  

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s