Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

09 01 13

 

Wat is it spannend net minsken? Wurgjend spannend. Der is hast net mear fan los te kommen, sa hâldt de spanning je fêst. Je witte net mear wat je no dwaan moatte. No ja, yn elk gefal de bûtenkraan ôfslute, want it begjint kommend wykein jusjes te friezen. En je moatte net befêrzen leidinkjes ha, dat is sa’n kloaterich gedoch. Alhoewol, oan de oare kant gean der dan miskien wat minder ynstallaasjebedriuwen om in luchje, want de segaar ûnder de befêrzen lieding hâlde, dat duorret dan wol efkes en at jo dy oeren betelje plus de kofje dy’t dy mannen opsûpe, dan kin sa’n bedriuw wer efkes troch. Smelle marzjes. Mar it ûntnimt de spanning net, o heden nee. Sju, it wie ferline wike freed doe’t op de foarpagina fan de Tillegraaf in foto mei in bulte snie en iis stie en dat wie dan de oankundiging dat it in wike letter begjinne kinne soe te friezen. Ja ik begryp dat it tsjintwurdich allegear wat mear fan tefoaren bekind is, we ha no ienris satellyten ôfsketten en dy sjogge sa yngreven nei ús en nei wat we dogge, en dan moat se dwers troch dat waar hinne sjen, dat dan nimme se dat mar efkes mei, dus wy witte wat mear fantefoaren. Mar, en ik wit der in bytsje fan, sa folle fierder kin je net foarút sjen. Boppedat kin it ek wêze dat it ynienen werom draeit. Ja, ik wit Siberië – 50. Ik hearde in man sizzen ferline wike, no at we dat hjir krije dan riidt der gjin auto mear, lit stean dat jo bûtenkraan befriest. No wol de Tillegraaf ús leauwe litte dat we dêr in brok fan krije sille. Inkel, de hiele winter is elke kear de eastewyn yn in heale dei trochdraaeid of werom draeit nei it súdwesten en westen, dêr wêr’t dy rein weikomt. Riders yn dizze provinsje witte dan dat yn de measte gefallen der net in echte winter komt, inkel wat gegriem. Werom gean dy media lju dan sa op yn in eventuele strenge winter. Dat is toch net oars as oars, we sitte yn de winter, dan soe in winter ek logysk wêze. Gjin foarpaginanijs yn elk gefal. Frjemd is wat der dit jier bart en ferline jier bart is. De hjerst is lang trochgien, hiel lang en muoiteleas oergien yn de maaitiid. Snieklokjes komme al boppe, knoppen sitte yn de beammen. Dat wurdt dus kommend wykein al wer allegear fernield, want it sil heechút in graad as fiif frieze, gegriem dus. Oer wat der dernei bart is Piet Paulusma noch hiel fersichtich, of nee earlik, hy seit rûnút dat wit we net. It KNMI seit 60 persint kâns dat it wat trochgiet, 40 persint kâns dat it itselde wurdt as at it no is. Mar werom slingerje dy Tilegraven dat dan sa oan. Werom skriuwe se de schaatsen kunnen uit het vet. Witte dy sjoernalisten dan net dat it wetter wer gâns waarmer wurden is, en it wer twa dagen duorret ear’t dat op 0 stiet, en dus befêrzen wurde kin. Witte se dan net dat de oergong fan tsjuster nei ljocht folle koarter duorret en dus de temperaturen hurder omheech gean. Gean sa mar troch. Mar boppedat, je kinne yn it waar net in wike foarút sjen. Mar de foarpagina’se wurde oanfitere troch de sportredaksjes, dy fuotbalploegen sitte yn it bûtenlân en se wol dochs wat útfine. Of bin se ynhierd troch de regearing om it mar earne oars oer te hawwen as de krisis. Soe it lykwols dan net folle leauwensweardiger wêze dat at se sizze dat der sa’n winter út Siberië hjir komt, hoefolle ellinde in soad minsken dan ha sille. En dan net inkel it ferkear, ien sentimeter snie joech yn desimber al code oranje, mar benammen yn de húshâldens. Want dy minsken yn Siberië sitte regelmjittich yn de -30, mar at dat ús oerkomme soe…. Oeh, ús sniewinterke fan ’79 soe ferbleekje by sa’n winter. Mar dy komt miskien net. Of miskien wol. We witte it net. Set dat in kear op de foarpagina.  

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s