Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

11 01 12

De oerheid jout altyd tefolle sinten út. Dat blykte ek wol juster, Berenschot hat de provinsje derop wiisd dat se ûnnedich tefolle grûn oankocht ha foar tefolle sinten. Dat komt seit Berenschot omt deputearre Hans Konst net wist dat it yn syn portefeuille siet. No fyn ik it altyd wol aardich at de deputearren yn de sijk set wurde, at dêr reden ta is, mar dit is ûnterjochte. Berenschot bedoelt fansels, dat de hiele provinsiale organisaasje net doocht. At it om dy oankeapen giet. Jim moat it jim sa foarstelle, dêr sit in mantsje efter in burootsje, weistoppe efter wat argyfkasten. Sa no en dan  waait der in mailtsje op it burootsje fan  dat mantsje, bygelyks: we moat de Heak oanlizze, wolst dy grûn efkes oankeapje. Hy antwurdet ja. En 25 jier dêrnei, want sa lang duorje dy prosedures, 25 jier letter freegje se: ha we de grûn? En dat mantsje hat itselde antwurd. Ja. No is it net slim dat Konst dat mantsje efter dy argyfkasten net fine koe, mar wol dat de bedragen dy’t dat mantsje útjûn hat sûnder kantroeren yn de sifers terjochte kamen. Dêr hat nimmen nei sjoen. Sterker, de steateleden dy’t no hea en gêrs roppe sille, ha der ek nea nei sjoen. It mantsje wie wat rij, de noardelike rekkenkeamer is ta dy konkluzje kaam en Berenschot hat no Konst ophong. No ja je leare fan je flaters. Bygelyks, de gemeente Súdwest-Fryslân. Dy  hie te krijen hân mei de Houkesleat en dy tochten it moat net wer sa. Sju, oan de igge fan de Iselmar krekt ûnder Hylpen stiet in âld badpaviljoen, it is fan 1913 doe´t de measte lju yn Fryslân inkel op Pikstermoandei op Skylge de broek oant de knibbels omheech strûpten. Doe hie it nijmoadrige Hylpen al in badpaviljoen. Dat is no alhiel fertuteaze, it sjocht net mear út, in rotsooi. En toch, toch at je om dat badpaviljoen hinne rinne, dan tink je, tsjong betonnen gefal, dit efkes sa en dat efkes sa, dêr wer in moaie taap, dêr itenstaffeltsjes, parkearterreintsje, tsjong dan is it in moaie tinte. Kostet wat, mar it soe kinne. Moai plak, benammen de kitesurfers komme der in soad op ôf, dy lizze mar wat op de dyk, mar at se dêr de tredde helte fiere kinne soenen….. Dus sa rûn wethâlder Wigle Sinnema der ek lâns en hy tocht itselde, en doe hat er de oaren opruid, sil we dat ding keapje, oars wurdt it dêr krekt Syrië nei trije jier oarloch. Of it letterlike krimpmonumint. Dus keapje en it spul dan foar in legere priis ferkeapje sadat it wer past yn it rekreatieve imago fan Súdwest-Fryslân.  Dus Wigle bea eigner Douwe van der Meulen jild. Ja ik wit net hoefolle, hy seit dat er him útrekt hat, mar ik kin de begrutting fan Súdwest Fryslân, dat betsjut heroriènteare op útrekken. Douwe liet Wigle der net iens yn,   de doar wer ticht, al dondere dy daliks út de heakken. En skreau in nije brief nei Monumintesoarch want dy wol syn 1.7 miljoen kostjende ferbouing net goedkarre. Douwe is ek te begripen, keapet de patatboer fan Hylpen dat ding aanst foar heal jild en dy fertsjinnet der oan. It ferfelende is se ha beide gelyk: de gemeente dat it sa´n rotsooi is, it badpaviljoen hellet de toptsien fan it meast bedrige erfguod yn Nederlân, Van der Meulen, it is minen en ik wol der wol wat fan meitsje, mar it moat wol kinne, en de gemeente wol foar in dûbeltsje op de earste rang sitte. Mar no komme wý dus oan it wurd. Wy ha mar ien belang, dat it badpaviljoen fan 1913 bewarre wurdt, ek foar ús neiteam, as in geweldich monumintaal gebou op de dyk, wer´t je moai op terras sitte en sjen kinne, nei it kroadzjend iis, of nei de kitesurfers dy’t de loft yn fleane. En op de hoeke fan it terras stiet in byld fan Wigle Sinnema en Douwe van der Meulen dy’t elkoar de hân jouwe. Dream. Dat ferrekte jild ek altyd. 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s