Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

15 01 13

 

Winter. No ja de wyn sit wer wat yn it suden, mar de froast leit yntusken oer ús, dus in soad rommel hjoed. Dat fersteurd it wurk fan ús meast heech achte frijwilligers, de iisklubbestjoerders. Meest heech achte, want in iisklub is de ienigste klub wer’ t we it allegear oer it doel iens binne. In goed doel, at der winter komt moat der iis wêze. Sels in doarpsbelang docht wolris dingen werfan immen oars seit: moat dy hûzen no dêrre. Mar de iisklub. Ja we ha fansels hân dat in part fan de mienskip de baan wol ticht ha woe op snein, mar dat is noait fierder kaam as dat sneins de musyk der dan ôf gie. Mar tsjintwurdich riidt it tsjerkefolk ek op snein, it hat bliken dien dat it net sondich is. Dus ien doel, iis om te riden at it friest. Sa goed mooglik iis. Mar ek sa gau mooglik, dy sudewyn kin der ek samar ynienen bliuwe. Dat sa gau mooglik útert him yn de striid dy’t guon iisklubs ha oer de earste wedstriden. Eartiids wie dat simpel, wa’t tocht dat der de oare deis genôch iis op de baan wêze soe foar in koartebaanwedstriid dy skreau him út. At je dan earst wiene, kaam der in soad publisiteit op ôf en je hienen it dan sogenaamd wûn. Je moat dus ek in iisklub wêze mei in iisbaan wer’ t mar in bytsje jeugd komt, want hy giet dy earste dei fansels oan barrels, en dan moat je wer ticht. |Dus wiene Ulesprong en Nijelemmer meast winner, dêr komt net safolle folk te riden. It is allegear oars wurden. Yn Veenoord Nieuw Amsterdam hiene se sa’n atletiekfjild en dat setten se langsem ûnder wetter yn de earste nachten dat it frear. Hiel fersichtich mei in jarretank fol wetter der oer. Lyts laachje, frieze, dan wer. Hiel faak wer. Se dienen it foar de marathonriders, dêr siet de sponsering. En de marathonriders riden har redens der dan hielendal ten ein op, want se sloegen gatten yn it iis en der kaam dan grint boppe, de measte redens kin dêr net oer. It betonbaantsje yn Noordlaren waard letter ek sa dien, en dy wûnen dy primeur dan wer, mar dat wie wat oars as de earste koartebaan wedstriid. Haaksbergen en Haulerwijk kamen mei jarretanken op de skeelerbaantsjes. Ach, it hie wol wat ludieks, iisklubbestjoerders dy’t de hiele nacht oan it wurk wiene, en gâns beerenburgjes of jägermeisters nei binnen smieten en de oare moarns heal yn de oalje de oprukkende parse te wurd stiene of jankten omt de iene efkes hurder it baantsje klear hie of de KNSB bestjoerder earder by de hân hie. De mooglikheden wurde noch better, se ha yn it súdhollânsake de Lier in iisbaan makke mei in sproeiynstallaasje. Dan kin de bestjoerders dy druppelje litte en sels ûndertusken mear de oare druppen ynnimme. Dy iisbaan koe snein al iepen. Foar de bern. Want dat fine se dêr it wichtigst. Dy ha hielendal gjin ferlet fan we bin de earste yn de ien of oare troch de parse betochte kategory. De iisklub fan Bantegea , bekind wurden troch de skeelertoertochten, woene ek wolis earste wêze en se gokten op jûn. Sân oere. Manlju. Nasjonaal koartenbaan kampioen Jesper Hospes, dy’t de oanslutng by de sprinttop wat ferlern ha sette syn gps-ke op Bantegea, mar doe belle Steggerda, wy kin fannemiddei wol. Dat sil los fannemiddei, foar jûn de maraton yn Noordlaren. Steggerda, sûnder sproeien. It is trouwens wol gesellich yn Steggerda hear. Ik herinnerje my noch dat se op in jûn nei alven in zamboni en iismaster De Jong by Thialf weihellen. De oare moarns leveren se it spul om fiif oere wer ôf, de zamboni leech, Jan de Jong fol. De baan wie de moaiste fan Fryslân, der koe in geweldige wedstriid riden wurde. Sa sitte dy iisklubbestjoerders yn elkoar. Miskien bin dit wol de hiele aparten, mar wês gerêst, de oare banen komme fannewike wol iepen. Want dat heart sa. 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s