Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

11 02 13

Goeiemorgen. Ik bin der wer. Trije wike yn’e sinne lein, kom je werom en friest it hjir noch. En dêr kaam inkel de Tillegraaf, en dy kin it waar net feroarje, dus ik wit dat it griemen bleaun is mei dy froast. No leit it wat nofliker yn dy sinne, at je net it idé ha dat Jan Oostenbrug alle dagen in pear oeren earder fan’t bêd komt om mei de punt fan de klompe it iis te trêdzjen. Mar safolle is der fierder ek net bard fansels. Ja, dy leave Plasterk seit dat de reorganisaasje fan Fryslân en Grins/Drinte (want Tigchelaar hat Drinte al ynlevere) net hastich is. Nee, se passe wol op, se wâldzje nea wer hastich oer it Frysk hinne. Mar ik tink dat der noch mear efter sit, se sjogge nei it geâldehoer fan de Fryske weryndieling fan gemeenten en da´s sa´n rotsoai, dus se begjinne der net gau oan mei de provinsje. De FNP hat de hakken al djip yn’e grûn smiten, al sil se sjoen Ljouwerteradiel it fan har eigen leden noch ferlieze. Mar Plasterk tinkt dus dat in  ivich lange diskusje oer de provinsjes der foar soargje kin dat de earne Ljouwerter Krante en it earme Omrop Fryslân noch lang bestean kinne, dan is der teminsten in ûnderwerp wat by elke sleauwe dy´t der wat oer seit wer yn gâns grutte artikelen en reportaazjes beskreaun wurde sil. Trouwens omt it gas no hieltyd mear gatten yn Grins oan it sjitten is, wol we it net iens mar ha fansels, it is lek. En fierder, no ja de keninginne giet mei pensioen. Rutte wol eins oanjaan dat 75 wol likernôch de leeftiid is dat je ophâlde meie mei wurkjen. Dat berjocht sloech trouwens ek ta wer’t wy wiene, Curacao. Dat is al wer in pear jier selstannich, mar neffens my fine se noch altyd dat de keninginne fan Nederlân ek by harren op de troan sit. Net inkel omt se soks wol gesellich fine, mar ek omt alles eins it selde bleaun is. Freegje je dy minsken dêr wat is der feroare nei´t jim selsstannich wurden binne. Lûke se de skouders op, neat sizze se dan. Werom moast it dan oars, ja dat witte se ek net.  Se witte inkel dat se fan de keninginne hâlde. Dat wie al sa yn 1888 doe’t se de fameuze brêge dy’t útlein wie oer pontsjes dêr delsmieten. Dy neamden se nammentlik de keningin Emma brêge. In 168 meter lang nijsgjirrich gefal. Sju se ha dêr, yn Willemstad, in yngong nei in machtich grutte baai en dy yngong wie noflik te ferdigenjen, twa forten mei wat kanontsjes en it wie ree. Dy pontsjesbrêge kaam dus letter, der sit op’e ein in moter en wat skipsskroevespul, en at der in skip oankomt,  bygelyks in cruiseskip mei 5000 rike Amerikanen oan board, der komme alle dagen minstens twa, dan  skout de brêge efkes iepen. Handich systeemke, soe ek wol wat wêze foar de Langwarder feart of sa. Folle handiger as dat hin en wer farren, dan bliuw je oan de gong. No moat sa’n brêge wol ûnderhâlden wurde fansels en yn 2005 is der dêrom in Frysk bedriuw hinne gien, de Boer en de Groot fan Warkum. Om dy brêge op’e  nij yn it hurdhout te setten. Machtich. Soad Europeeske subsydzje, dat koe doe noch. Ik bin dus in pear kear grutsk oer dy brêge rûn, yntusken al yn it besef dat in soad Friezen der op Curacao goeie funskjes ha, mar ik stroffele hieltyd in pear kear. Oarsaken a mispleatste grutskens, b it rint nuodlik op slippers, mar de temperaturen bin dêr no ienris sa, mar c der sitte noch al wat gatten en skansearingen yn it hout, dat wat minder hurd is as at tocht wie. Ha de Boer en de Groot dat net goed dien. Jawol, sizze de lju dêr, mar waar en sâlt seewetter dogge hiel wat. Mar der sit neat oars op dat se dêr jitris hinne gean en eventueel mei help fan de Fryske oerheid dy gatten tichtsje. Goed foar it wurk, mar ik bedoel, it fielde in bytsje as myn brêge, no dat moat sa bliuwe.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s