Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

12 02 13

Fannemoarn dan komt de VVD nei Makkum ta. Dat heart wol hiel driigjend, mar it binne inkel mar in pear steateleden fan de VVD dy’t yn Makkum prate sille mei de ûndernimmers yn horeka, toerisme en rekreaasje. Dy ûndernimmers binne benaud foar de provinsiale plannen om by Makkum yn’e buert wat wynmûnen del te klappen. Oer dat wat  kin je ek noch oer stride, je kin’t ek in soad wynmûnen neame. Boppedat bin it hiele grutte wynmûnen, want oars is it rindemint te leech  en yn dizze tiid is rindemint it wichtigste wurd fansels. Dy ûndernimmers ha al oankloppe by de kolleezjepartijen yn de steaten, mar ja de FNP is o sa leaf foar wynenerzjy, de PvdA drige dy ûndernimmers mei noch mear wynmûnen at se de bek net hâlde soenen en it CDA is noch oan it wynhappen nei oanlieding fan de lêste ferkiezings. Sa kamen dy ûndernimmers dus by de VVD, en dy partij hat it ferskriklik swier mei wynenerzjy fansels. Sju, dy ha lannelik in dealtsje sluten mei de PvdA en doe ha se net goed sjoen nei de portefeuilles en no moat Kamp, VVD er yn ieren en sinen en echt gjin wyndrinker, dy moat no oeral wynmûnen delsette. En dus bin allerhande oaren yn dy partij dwaande om allerhande deskundigen te finen dy´t sizze dat wynernerzjy gjin rindemint hat, dat der noch nea in wynmûne útkinnen hat, dat it hjir net hurd genôch waait, dat it hjir fiersten te leech lân is, dat it te djoer is om dy rommel yn see te setten, dat we genôch enerzjy yn de grûn sitten ha foar de earste 400 jier en dat dy gasierdbevingen yn Grins neat oars binne as it ôfskiten fan Grinzer boeren nei in goed wintermiel. En gean sa mar troch. Want de VVD moat no op wittenskiplike grûnen dy wynmûnen keare. Dêrom bin dy Fryske VVDers o sa bliid dat de Makkumer ûndernimmers yn it geweer komme. Se sille dus hiel fersichtich sizze werom at it sa wichtich is dat der wynenerzjy komt, dy kursus ha se fan de PvdA krigen , mar efter de komma sizze se fansels tenzij er motiveringen uit de gemeenschap komen die voor enkele vraagtekens zullen kunnen zorgen, zodanig dat we misschien onze stellingen moeten verlaten. It hat foar it oare allegear gjin doel, de VVD docht net mei yn dizze provinsje, mar ik bergyp dy Makkumer ûndernimmers ek net. Fan hjoed of leit nammentlik op de gemeentehûzen, se ha der noch in stik as trije, yn Súdwestfryslân, de konseptnota toerisme en rekreaasje. Dy mei in moanne lang ynsjoen wurde. Se ha hiele brede kantlinen dernjonken en dêr mei je wat ynskriuwe. Wat je der fan fine. Yn dy konseptnota giet njonken it wenstige geâldehoer fan we ha rekreaasje nedich, we biede dat en it is is wichtigste taak, en it smyt ek noch wurk op, mar it giet ek oer goed gastheerschap, en ek oer beleving van natuur en landschap. It is dochs hiel simpel en skriuw dan wat oer dy wynmûnen. Earst dat it ferbazingwekkend is dat dy wynmûnen der net yn steane, want ik wit wol dat it gjin rekreaasjeobjekten binne, mar se stean wol deeglik aanst yn it sa heech achte en o sa oanpriizge lânskip en natoer. En fierder moat dy ûndernimmers skriuwe dat se tinke dat der tenei 100.000 minsken, efkes oerdriuiwe, minder nei Makkum komme sille omt der allegear wynmûnen stean te sûzjen, te balten en te wapperjen. En dan moat se der fuort by sette, want je kin de reaksje fan de gemeente al hast priuwe, dat it wis yn oare lânnen wol sa is dat der oeral wynmûnen steane, mar dat de belibbing yn Fryslân noch lang sa fier net is as yn Denemarken,Wales of Dutslân. En dan moat je ek noch efkes skriuwe dat it projekt kening fan de greide opset wurdt om de skries te rêdden en je stoarte der safolle jild yn, dat je dan gjin wynmûnen delsette moatte, want dan  bliuwt der gjin skries oer. De byienkomst yn Makkum duorret mar twa oerkes. Want foar’t de ûndernimmers sykhelje om út te heljen tsjin de wynmûnen, ha de provinsiale VVD-ers al fersichtich sein, dat har ienige kâns yntusken op de gemeentehûzen fan Sudwest Fryslân leit.  

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s