Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

14 02 13

 

It is hjoed sa’n dei dy’t je soms ynienen tsjinkomme, sa’n sympoasium/âldehoer/netwurkdei. Sju, we ha yn ús mienskip allerhande fragen en soms sizze we: kin we der net ris mei syn allen oer prate, miskien krij we dan eindelik in útropteken. Dat is in misfetting, at Nederlanders en dus ek Friezen mei syn allen prate krij je inkel mar mear fraachtekens. Mar ach, besykje is moai, dus sympoasium, netwurkdei en wat al net. No, wannear sil we dat dwaan, no, healwei febrewaris, en at je it dan op de tongersdeis dogge nim je de freed frij, moai lang wykein. Dus hjoed sympoasiumdei. Ik sil net alles neame, mar der bin wol hiele frjemde dingen by. Het projekt Noordervisie 2040 werkt aan een nieuwe ruimtelijke en ekonomische visie op het noorden waarbij via een prijsvraag sessies met de namen Noorderstorm en noorderlabs de inbreng van onder andere de bevolking is gevraagd. 2040? We witte ferdorie net iens wat 2013 ús bringt. Nieuwe visie? Ja se wolle witte at it merk het noorden ea wurkje sil. No ik tocht it net, want Grins neamd alles wat dêr bart noardelik. Fandêr myn fernuvering, dizze byienkomst is yn Ljouwert. Noardelik sympoasium yn Ljouwert. Yn de Harmonie. Yn de Friesland Bank zaal. Nee wol, de ferstoarne Friesland Bank en nieuwe visie, no at dat dy nije noardelike line is. Dan mar nei wat oars, Friesland voorop. Dat klinkt moai. De syktekostefersekering Friesland wol de sikehûssoarch yn Fryslân better, mear duorsum en goedkeaper meitsje. Better én goedkeaper. In contradictio ynterminus sa is 100 jier lang yn de sikenhûssoarch tocht. No meitsje se dus yn in sikenhûs in pakje mei 1000 medisinen iepen foar in pasjint, brûke der trije fan en moat dan de rest weidonderje. Mar dêr prate se hjoed net oer, nee, se wolle by de Friesland hjoed prate oer mobiliteit fan pasjinten, sa fan yn Grins is ek wol in dokterwat dogge we noch mei it MCL, oer previnsje, at jo gjin gryp krije hoege jo net nei’t sikenhûs, mar ek oer e-health. Want at jo no efkes efter de kompjoeter sitten gean at jo je net goed fiele, en fia in heale dei googeljen tinkt de kompjoeter dat jo wierskynlik in hersenfliesûntstekking ha. Da’s moai, dan hoecht dy dokter dat net mear út te sykjen, dan kin it sikenhûs der fierder wol mei rêdde, al is it wat spitich at de kompjoeter it mis hie en jo hiene inkel pine harses ha. Je ûntrinne sa’n dei net dat er dus ek wat ûndudlike dizenige en oerstallige sympoasia binne op dizze nasjonale sympoasiumei. Dy’t tafallich ek noch op Valentijnsdei falt. Op himsels al in folslein oerstallich gedoch en dan hâld je dus op nasjonale sympoasiumdei dêr ek noch in sympoasium oer. No ne, in netwurkbyienkomst. Fan de NHL. De Verleiding. Want kommunikaasje is, sizze de lju dêrre, ferleide It skynt dat dêr in freeslik moai frommis is wat oan it wurd komt, ene Pauline Schueler. Se is marketingdeskundige, mar wurdt faak typeard as ferliedster. No ja dat wurdt it hichtepunt fan de dei fansels, sa’n iepenbiere netwurkstripferlieding. Yn elk gefal moaier as de oare sprekker op dizze byienkomst. Dy tinkt dat kommersiële merken folle mear definieard wurde troch wat se dogge as troch wat se sizze. No ha’k noch nea in flesse cola praten heard of sjoen dat dy út himsels wat die, mar je moatte neffens dy sprekker wol deeglik digitale kontaktstrategiën ha foar dy liter cola. Mar it komt net goed, want dizze man liket my nearne kontakt mei te krijen. Dy man hyt nammentlik Polle de Maagt.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s