Eelkesweblok

It each fan eelke

Een reactie plaatsen

15 02 13

 

Wy Nederlanders bin in demokratysk folkje. Dus wurdt der neat mear beslist. We freegje alles oan de mienskip, oan de minsken. Yn de polityk wurket dat noch net allegear like goed. Sju we stimme en de partijen dy’t winne dy pakke it partijprogramma derby. Mar at se dat dan hanteare skriuwt de Tillegraaf dat soks net goed is en dernei roppe de minsken dat ek. Boppedat moat ik der net oan tinke oer hoe’t oer in jier de Earste Keamer derút sjocht, dan sitte Samsom en Rutte hielendal blokfêst, want wy bin dan wol in hiel demokratysk folkje, mar yn prinsipe doge de lju net dy’t yn de regearing sitte, tinke we, en dus stimme we dan wer hiel oars. En sa krij je altyd en ivich it CDA-midden as belied, al is dat no faak sûnder it CDA. Yn de rest bin we super demokratysk. Eartiids hienen je spultsjes foar de tillefyzje dan wûnen je of ferlearen je. Mar no oardiele de minsken yn it lân, de sjoggers en dat bin we ek net allegear. Dus at je net sjonge kinne, mar je ha in soad freonen, sjogge der lekker út en kinne jesels goed presinteare komt jo voice heger as dy fan de echte voices. Oan de oare kant kin ik it my ek foarstelle, at je sjuery of direksje binne wurdt je sa negere oer je stânpunt, dan hâld je dêr gau mei op. Dus seit it Fries Museum no ek, wy ha wat tefolle guod om yn it nije museum del te setten, we moat in kar meitsje, no lit de minsken de kar mar dwaan. Jo meie dus sels sizze at je Benner yn it nije museum ha wolle of fryske klaeijinge ut 1800. Dat giet hjoed los. Mar soms, soms bin der yn Fryslân noch echte sjuery’s oan it wurk. En dat is ek hjoed. Ut namme fan de Ried fan de Fryske Beweging, de Fryske Akademy en Tresoar, allegear treflike ynstellings moatte Truus de Vries, Hindrik Sijens en Wieke de Haan útsykje wat it bêste nije Fryske wurd is. Sju we hienen sa’n list mei nije Nederlânske wurden, en dy moasten fertaald wurde yn brûkber Frysk. De foarsetten kamen wol wer fan gewoane minsken.

Fan de 610.000 Friezen ha 61, dat is in tûzendste persint, meidien. En Truus, Wieke en Hindrik ha de moaiste fiif derút socht. En de winner derfan sil fannemiddei bekind makke wurde. De nominaasjes: Sorrykultuur waard skjinpraatkultuur. No, skjinprate is de skuld oan in oar jaan, da’s net it selde as nim my nei kwea ôf. Aandachtsjunk waard pronkprotter, no aandacht is omtinken en protters frette alles en bin dus net ferslaafde junken. Apenstaartgeneratie is apesturter Apesturter. Net út te sprekken en buorfrou begypt der ek neat fan. Bezorgbromfiets is in bringbrommer, spitich dat dy lju no allegear skooters ha. No ja dan bliuwt Papadag iepen, ik ha nochnea fan it wurd papadag heard, yn alle adfertinsjes stiet vaderdag en sûnt jier en dei sizze we dêr al heitedei tsjin, dus da’s gjin nij wurd. Lit we dan mar ris nei al dy oare nije nederlânske wurden fan 2012 sjen. Dy kin je soms hiel gewoan fertale. In wrijftelefoon is in wriuwtillefoan, it inbrekersrisico fansels ynbrekkersnoed. Cupcakemama, ja da’s wat swierder, cup is gewoan cup, cake is gewoan cake, en mama is mem. Cupkeekmem. Nee dan mar kopkekeekjememke. Yn de polityk is it wer maklik, begrotingsravijn is mear as de beurs útjûn en in weglooppoliticus is fewoan in frisse winder. Mar de echte wurden wer’t it om gie yn 2012 bin swier. Bangalijst. Sju in banga is in slet. In slet is hat noch at wat fryske fertalings Ljidskelist. Klitselist. Skeukelist. Klongellist. En hielendal swier is de winner fan 2012 Project X feest. It meast dúdlik is gewoan Projekt X feast. Mar Frysk moat yngewikkeld oars is it net nijsgjirrich en sa’n sjuery moat ek wat dwaan. Project X feest is Grinzer Griemerij of eeeh Harenske Hakkerij.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s