Eelkesweblok

It each fan eelke

4 reacties

18 02 13

Jim ha’t fansels al heard, Hearrenfean hat juster ferlern fan ADO. Op himsels neat frjemds mei, Hearrenfean hat in seleksje dy’t mar krekt goed genôch is foar de eredivisy. Mar by in klub wêr’t de organisaasje net doocht, is it fuotbal ek noait goed. It giet dûbeld op. Yn 1983 wie der in lyksoartige sitewaasje by de doe noch earste divisy fuotbalklub. Twa miljoen skuld, gûnen, dat wie doe noch in soad. Dokter Steenhuizen wie foarsitter en hy moast oan de kant, neffens guon lju, dy’t dy wylde frikandellebakker út Bakkefean Riemer van der Velde nei foaren skoden. Gjin gedoch krekt as no, it wie doe samar klear. No wie Riemer net sa hele wyld mear, foarbyldsje: hy sloech bestjoerslid Klaas de Jonge op it skouder, sei do moast eins net mear yn it bestjoer, mar wolst do ek dit of dat dwaan, liet de man yn syn wearde en no’t er 92 is liedt Klaas de Jonge noch minsken rûn en ûntfangt de skiedsrjochters en al sawat. Lean twa jonkjes. Mar sis Klaas gjin ferkeard wurd fan Riemer. Mar hy is ek te beskaafd om oer de hjoeddeiske direksje te seuren, al skoddet er de holle wol hiel faak en mist er de geselligens. Dy hat Riemer der yndertiid ynbrocht. Fout. Riemer net allinne. Allegear mei elkoar, entosjast, gesellich, mar ek fertroud. Riemer van der Velde is in Fries, en in echte Fries jout nea mear út as wat er yn de ponge hat. Hearrenfean waard sa de aardigste sûne klub fan Nederlân, nij fol stadion, yn- Frysk, folksliet as wapen, Abe, oanfallend fuotbal, mear sponsors as wa dan ek, gjin gedoch mei supporters, no ja gean sa mar troch. Dat gie oer sfear, lit ik it sa mar sizze. En hoewol hy en ek syn Annie, net woenen dat it inkel harren bern wie, beskoude elk it dochs sa, omt sy de ferbylding fan alles wienen. Dat kaam ek om, en dat wie fansels ferfelend, Riemer hie 99 fan de 100 kear gelyk. Altyd. At it no gie om al of net in spiler, of wa’t wêr sitte moast, hy hie gelyk. En dan  krij je yn sa’n grutte wurdende ferieningsmienskip lju dy’t ek wolris gelyk ha wolle. Bart van der Meer, doe foarsitter fan de Ried fan Kommissarissen rûn foarop. Dus doe’t Riemer sei dat er wolris stopje woe, de ferhaaltsjes fan de langst sittende eredivisie foarsitter hongen him al lang de kiel út, doe sloech Bart ta, beneamde gau in ferfanger en hat dêrnei in belied yn wurking set, fan alsmar fuortstjoerde lju, dy´t in soad sinten krigen foar it har de bek hâlden. In part fan de ferliezen fan Hearenfean is dêrtoch foarme. Se moasten wol fuort, want it marsjearde net mear mei Hearenfean. En adfiseur-earefoarsitter Riemer van  der Velde seach dat it net goed gie en die de mûle iepen, krekt as elk dwaan soe at se oan je bern komme. En it slimste is dat de hjoeddeiske foarsitter Robert Veenstra en ek technysk direkteur Johan Hansma al twa, trije jier neat mei Riemer syn adfizen dogge. Veenstra ferkeapet soks mei: we prate dochs mei Riemer. Mar dan wol immen konsekwent foar joker stean litte. Soks moast wol klappe. Mar omt Riemer Riemer is, en in nochal yndrukwekkend netwurk hat, ha yn de rin fan de lêste jierren altyd as der wer wat mis gie mei Hearrenfean, de sjoernalisten Van der Velde om kommentaar frege. Noait in oar. En sa wurdt Riemer it slachtoffer fan him sels, hy moat no yn ien kear koartebaan ride tsjin Veenstra. Dy´t noch altyd dutsen wurdt troch de Ried fan kommissarissen, dy´t ek gjin inkel fraachteken sette kin, want wat soe dat wol net kostje, Veenstra fertsjinnet al trije en in heale ton foar de funksje dy´t Riemer 20 jier fergees dien hat. Mar it moat gjin striid wurde tusken twa mannen, it soe no it bêste wêze dat Riemer net allinne foarop rinnen bliuwt,hy wol dat sels ek net. Mar al dy oaren dy´t it âlde Hearenfean  wer werom ha wolle moat oaren foarop, en  Riemer moat mei harren meirinne, net foarop yn de sjitskiif. At dy nije lju, want alles wat der no is, is fansels net mear te hâlden, at dy nije lju sa no en dan mar in adfyske fan Riemer oannimme wolle.   

Advertenties

4 thoughts on “It each fan eelke

  1. Pingback: It each fan eelke (Column) | Fean-Fans Front

  2. Sa is’t mar krekt Eelke; neat oan ta te foegjen. Ik ha itselde ek alris tocht, dat lykas doe yn A-dam mei Cruijff, dat ek hjir der ien komme moat fanút de leden fan de klup dy’t foarop begjint te rinnen en de hiele boel op deselde wiize derút bonsjoert. “Zachte heelmeesters maken stinkende wonden”, dus rigoreus de hiele boel op’e skeppe. En dan fannij ôf oan wêr organisearje mei minsken mei it hert op it júste plak, minsken lykas Riemer en Annie. Soe Foppe de Haan dat wêze kinne? (fan ids talen út Boazum)

  3. Moai stikje fan Eelke Lok! En sa is it mar krekt….

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s