Eelkesweblok

It each fan eelke

Een reactie plaatsen

19 02 13

 

At je eartiids oan it wurk gienen, dan hearden je rûnom: befalt it wat? wat dochst eins? wa is dyn baas? wat fertsjinnest? En dêrnei kaam sûnder kantroeren: bist al lid fan it fakbûn? En at immen út it bedriuw sels soks al net regele hie, dan regelen je dat as jonkje, it hearde ommers sa. Soks is alhiel feroare, it blykt no faak dat jonge minsken net witte hoe’t in ko yn elkoar sit en wat in fakbûn is. Sterker, der bin ek in hiel soad minsken yn ús mienskip dy’ t in belangeferiening foar it ien of oar, bygelyks foar it yn stân hâlden fan in sikenhûs of in sport, smeulsk in fakbûn neame, de namme stiet dus guon minsken tsjin. No en at it safier is, dan is de diskusje dy’t juster begûn wol aardich. Twa fakbûnen de Unie, ferlitten troch Rindert Algra dus einlik ûnder it kompromisleaze CDA wjuk wei en FNV bondgenoten dy ha yn cao’s ekstra geunstige betingsten dellein foar fakbûnsleden. It is net sa yngreven hear, it giet om ien ekstra frije dei foar omlearen, omscholing. Mar ja, ekstra tiid of jild foar it makliker oan in nije baan komme kinne is fansels wol aardich, al moat je it optheden ek net oerdriuwe. Mar goed, it is dúdlik, guon kranten ha it no al oer foarlûke fan fakbûnsleden, oer in net konsekwint gedrach nei de wurknimmers ta. Dus at jo jierren lang lid west ha fan it fakbûn mei jo net in foardieltsje krije boppe de minsken dy’t it ferdomme om lid fan in fakbûn te wurden en wol allegedurigen profiteart ha fan de troch de leden betelle kaderlju fan it fakbûn dy’t soarge ha dat de cao ’s noch wat foar al dy wurknimmers dienen. Ik ha salang at ik wurkje altyd jild en net in bytsje betelle oan it fakbûn. Dêr ha’k fan profiteard, mar tagelyk profitearden al dy lju dy ’t net lid wienen der ek fan, dêr betelle ik dus foar. En ik meitsje no mei dat in soad net leden yn de sosiale plannen en yn it omlearen en yn it krijen fan nije banen allerhande profijt derfan ha, wylst dy fakbûnen foar my neat dwaan kinne. It ienigste is fansels dat by in staking dy net-leden net útbetelle wurde, wylst it faak sa is dat dy netleden it lûdste raze dat der in staking komme moat, dan dogge se sels net mei omt se net lid binne en gnize stiekem dat it fakbûn jild kwyt rekket, dat de leden jild ynleverje want se krije net 100 pt fansels en at it fakbûn op it lêst wûn hat, dan strike sy de mear sinten likegoed op. Ik oerdriuw. Sa is net elkenien, mar sa fiel je dat dan as lid. Mar der bin lju dy’t wol deeglik mei-stake sûnder fergoeding. Lit dy lju, dy’t hieltyd ferjitte om lid te wurden, no mar ris wekker wurde, dit is in fakbûnsaksje om mear leden te winnen, dat moat kinne. En dat belang wurdt ek hieltyd sterker, want it wurd mei de wize werop at wy ynhierd wurde foar wurk hieltiid mear ien wurknimmer tsjin de baas. En at dy wurknimmer hieltyd ien fan it fakbûn njonken him hat, stiet dy wurknimmer sterker. Boppedat makket it it folle dudliker, sterke fakbûnen tsjin sterke ûndernimmersorganisaasjes, sûnder dat dy ûndernimmersorganisaasjes holpen wurde troch smeulske anti-fakbûnslûden fan wurknimmers. Dan krij je in earlike striid, en dy is foar de regearing dy ’t altyd fia dy zigzagpaden der tusken troch knipe kin, dan needsaakliker te folgjen. Dan is der noch mar ien saak ûndúdlik. ZZP-ers. Dy gean min oan de kant fan ûndernimmers sitten, soks wolle se net, se ha gjin bedriuw, se wurkje inkel. Der wurdt al praat oer in fakbûn foar ZZP-ers , mar mei wa moatte dy dan yn de slach. Se ha alle dagen of alle wiken in oare baas, al ha se ek wer swierrigheden mei dat wurd. Dan moat we dat mar in belangegroepearing neame. Mar je moat dêr wol lid fan wêze, stel je foar, je moatte noch omleare. 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s