Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

21 02 13

 

Ronald Plasterk. De man jeuzelt altyd sa hurd en ûnfersteanber, mar at je dy grausluier der ôf lutsen ha blykt ynienen dat dy man fantastyske dingen seit. Op de ien of oare wize ha se dêr op it ministerie fan ynlânske saken in dossier oanlein oer de gearwurking en fúzje fan Fryske gemeenten, mar hat noch nea immen dat lêzen. Plasterk lêst alles. En at er wer in dossier delleit dan seit er wat er der fan fynt. En doe fûn ik Plasterk ynienen heel leaf. Want hy fynt nammentlik dat Fryslân as de bliksem oan’e slach moat, dat de gemeenten foar 1 juny de hiele weryndieling regele ha moatte. En net foar 1 juny st. juttemis, ne foar de kommende 1 juny. En at se it net foar 1 juny regele ha, moat de provinsje, sis mar Tineke Schokker, mei hurde hân optrede en de saak mei twang yn elkoar flechtsje. En dan dy hearlike driging fan Plasterk der efter oan: net efkes kopkestrike fan twa gemeenten dy’t miskien in bytsje gearwurkje wolle, nee gemeenten fan 100.000 ynwenners. No hat Fryslân dik 600.000 tûzend minsken dus hy hie’t oer seis gemeenten, mar fanwege de mooglikheden moat dat fiif wurde, Ljouwert, Drachten, Hearrenfean, Snits en Dokkum dat krijt de eilannen der dan ek by. Fiif gemeenten. Dan kin je de taken fan in gemeente teminsten útfiere. Want Plasterk sjocht mei ôfgrizen dat de gemeente It Bildt no tenei gear moat oer de AWBZ, oer de jeugdsoarch, oer wurk. Watte, dy gemeenten moat hast it dûbele útjaan aanst, soks moat wol ferantwurde wêze. Pats. Dêr sitte de Fryske gemeenten. Sels Sudwestfryslân is noch net iens grut genôch, dy moatte Gasterlân der noch by ha en eins ha se dan noch mar krekt genôch. Kin je neigean hoe’t it mei de oaren sit. No ja jim kinne it gesko en gedoch, dat giet no noch troch. Dus skoden se de feriening Fryske gemeenten nei foaren en dy skoden Houkje Rijpstra, wethâlder fan Tytjerksteradiel nei foaren. De rest weaget him er net iens oan. No ja en doe moast dy earme Houkje, se liket my in enoarme fan fan Plasterk, doe moest Houkje Rijpstra tsjin har hero yn. En sizze dat we it hjir allegear sels wol bepale. Mar Houkje en al dy oaren: jim begripe der neat fan. Jim dogge neat oars as tiidrekke, sizze tsjin de ynwenners: wat fine jim dêr fan en wat fine jim dêr fan. Ynstee fan te sizzen dat kin we aanst yndied net oan. Jím sizze, ach mei wat gearwurking komme we in hiel ein. Nee Houkje, dat mienst ek net en jim âlde boargemaster Polderman hat jierren lyn al sein dat sels Tytjerksteradiel it ek net oan kin en der komt noch folle mear op jim boardsje as yn de tiid fan Polderman bekind wie. Dus jim moatte tsjin de minsken sizze, we kinne it net oan, we kinne jim net goed genôch fertsjintwurdigje en fersoargje. We kinne de jeugdsoarch aanst net goed genôch dwaan, we ha gjin idé fan jild foar bejaarden en siken. Hâldt op mei dit eineleaze geâldehoer, fan politisi, gemeentlike politisi, dy’t mar sizze, sis jim it mar en sa folle ferdiele en hearse dat se noch wol fjouwer jier harren posysje hâlde kinne. Want mear is it net. Dy politisi ha allang troch dat it net te hâlden is, ik bedoel Plasterk hie’t nei ien middei lêzen al troch. No sis dat dan ek tsjin de befolking en set se net hieltiid op de ferkearde foet troch te roppen ja we kin noch bêst ús taken útfiere. En provinsje, dy’t ek al troch Plasterk oansein is te fusearen mei Grins, moat derom net sizze alles wat Plasterk seit doocht net, nee de provinsje moat no eindelik sizze, we hâlde op mei dat fan ûnderen op, fuseare bliksem, sa en sa. Want ik wik jim, Pasterk doart it sels net, mar ek deputearren en steateleden soene net oandoare sa’n lytse gemeente te bestjoeren mei it takepakket wat der no oankomt.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s