Eelkesweblok

It each fan eelke

1 reactie

22 02 13

 

Begjin fan’e wike riidt ik op de ein fan de middei nei hûs, it wie noch ljocht, op’m sels al moai. Earst seach ik op trije plakken al boeren dy’t troch harren lân skoden, sa fan we moat marris oan’e gong. In pealtsje hjirre, in stikje tried dêrre, efkes sjen hoe’t it derby leit. Fierderop wie al ien oan it jarre yn de grûn spuitsjen, it lân koe de trekker al aardich ha. Twa swannen, dy’t de hiele winter wat yn’e hoeke fan it lân ferskûle sieten, swommen no hiel rjochtop yn’e feart, it boarst foarút. Keppels protters fleagen oer. In frou hie de wask al bûten oan’e line, it wappere freonlik yn it sêfte wyntsje. Ik gie wat rjochterop sitten, goed sjen. Ja hear, de eintsjes ynienen hiel warber, net mear yn groepkes mar mei syn twaen, de jerken grutsk en heech op it wetter, se ha wer in eigen eintsje, guon wiene al oan it gysgobjen. Ek sûnde, mar wol in teken fan de tiid, hjir en dêr al wer in deade ein op’e dyk. Te hastich om de hormonen efternei te rinnen. Oeral bin de lju dwaande mei putsjes oan de bûtenkant fan de hûzen. De merkols stean manmachtich op it dykje by Heech, se ha in pear moanne út byld west. Der bin lju oan it fietsen, nearne hinne, gewoan fytse. In jong keppeltsje riidt op skeelers. Twa hurdfytsers. At ik thús kom stiet der yn’e krante dat der al skriezen en ljippen sjoen binne, sweedske op wei nei harren briedplak. It waar docht noch net mei, it is no wer glûpende kâld, mar echt de maaitiid is kommende wei. Wat efterbliuwt bin de greiden, dy sjogge der noch wintersk keal út, mar dat is it wurk fan de guozzen, dy’t foar it oare al gâns ûnrêstiger wurde, se fiele de maaitiid ek. Sa’t we allegear dat gefoel ha, kom no mar op mei de sinne, mei moai waar, mei langer ljocht. Hearlik, hearlik. Dus ik gie optein nei de streeksessie fan Kening fan’e greide, de earste wie by ús yn it doarp, it koe net moaier. Dêr sieten we mei fûgeltsjelju, boeren, jagers, natoerlju en gewoane belangstellenden te praten oer wat foar betsjutting foar ús lânskip no hat. No de byfoeglike nammewurden fleagen oer de tafel, sa moai fûnen we it, en omt dat sakrekt neamde gefoel yn ús siet kaam der noch folle mear út. Kening fan’e greide, dat it ottergefoel foar de skries oproppe wol, kin der mei fierder, want de streeksessies moatte ek útwize hoe’t we mei syn allen wolle dat it noch better giet. No, ja it kostet jild en we moat mear oan de opfieding fan de bern dwaan dat dy dat gefoel ek krije, dan kin we miskien behâlde wat we no ha. Mar letter tocht ik, eins is dat te min. Sju jûn bygelyks sille Nynke Rixt Jukkema en Steven de Winter yn Blauhûs harren miening jaan oer dat lânskip en sûnder mis sille se ek in soad byfoeglike nammewurden brûke. Arzjitekt Nynke Rixt wat mear, se fynt dat it kapitaal foar de takomst ferweven sit yn ús omjouwing. Sjoernalist Steven sil it ha oer it wenjen op pleatsen dy’t net mear as boerebedriuw brûkt wurde en sil freegje om der net allegear hoeretinten en kantoaren fan te meitsjen, want dan stiet it lânskip wer fol auto’s. Sa hat elk syn rykdom of earmoede by it lânskip. En dêrom, ha we miskien wol te min. We prate oer de helte fan Fryslân as we it oer gêrslân ha, mar at we it dan oer kultuerlânskip ha, dan docht eins mar 5 persint fan dat gêrslân mei. Mar op 5 persint fan it gêrslân stean noch bûterblommen en bin skriezen, op de rest nimme de boeren it wer oer fan de guozzen en hâlde it keal, leech en flak, mei in lege wetterstân. At de befolking fan Fryslân it neamde gefoel hâlde wol, erkenning hat foar dat kultuerlânskip, dan sille we der mei ús allen foar soargje moate dat we der mear fan krije, ek al kostet dat in soad sinten. Oars brûke we alle byfoeglike nammewurden inkel foar in stikje museum, in nostalgysk stikje grûn. Dan bin je gau útluld.

Advertenties

One thought on “It each fan eelke

  1. Do bist sa no en dan dochs in man nei myn hert!

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s