Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

25 02 13

It is 31 desimber 1969. Dik winter. Nimmen tinkt op de wize sa´t we no dogge oan âldjiersjûn, fierstente kâld, sels om te tôgjen. Oeral skitterende reedriderswedstriden. Ek op’e Gerdyk. Langebaan froulju. Stien Kaiser, de wrâldkampioene is der. En  Ans Schut. Elly v d Brom, Carry Geysen. Goh wat in gekwêk. Mar ek de stille Fryske froulju bin der, Akke Falkena, en de nasjonaal kampioene fan de koartebaan Atsje Keulen-Deelstra. Mar dit is fansels langebaan, Ans Schut wint úteinlik. Mar yn de kroech wer´t de priisútrikking is komt de taart út it hoekje fan Atsje, se wurdt hjoed 31 jier. Se komt fan de buorkerij, dus gebak at je jierdei binne. Ik krij ek in stikje en meitsje kennis mei Atsje Deelstra. Se wie yn har jeugd in goede riidster, waard yn de fyftiger jierren al Frysk jeugdkampioene op de koartebaan, mar doe wiene der lang net altyd iiswinters, se troude en krige trije bern. Doe´t dy  goed en wol rinne koenen, doe kaam se Atsje wer op redens, Thialf waard berne, dat luts wer in hiel soad nei it iis, wat der dan ´s winters yn elk gefal wie. Reedriden wie doe de langebaan, Van der Grift hie de basis lein, Verkerk  en Schenk kamen op.  No ja Atsje wie in alles-riidster, dus se ferskynde ek op de langebaan en se wie it seisoen foar dizze wedstriid yn Gerdyk sânde wurden op it nasjonaal kampioenskip. Mar se kaam net iens yn de subtopploech telânne, want sei de KNSB, 30 en trije bern, neeuh. Dêr op´e Gerdyk siet in wat yn himsels gnizende man yn it hoekje, Klaas Visser, har trainer. Letter hat er my wolris ferteld hoe ´t it gien wie. Atsje hie noait folle wurden, mar, nei´t de KNSB nee sein hie, en dat wie sneu, want ek in kwestje fan jild fansels, doe hie se tsjin Klaas sein dat sil we noch wolris sjen litte. Traine bliksem, traine. No Klaas woe wol, dy hie fanwege Akke Falkena al sa syn nocht fan dat reedridersbûn. Op´e Gerdyk spile Atsje noch ferstopperke, mar in pear wike letter waard se nasjonaal kampioene. En noch in pear wike letter yn West Allis wrâldkampioene. Foar Stien Kaiser. En, om sjen  te litten dat it gjin ferrassing wie, se soe fiif jier lang de heerseres fan de langebaan wurde. Fjouwer wrâldtitels, trije Europeeske. It gie fansels wolris mis, lykas by it wrâldkampioenskip yn 1971 yn Helsinki, doe´t  se de 1500 net útride koe fanwege  in braam op´e redens, der leine stientsjes op it minne iis. Ek de Olympyske Spelen yn 1972 Sapporo, ach se wie wol goed, mar sulver en twa kear brûns wie foar Atsje krekt wat te min, se hie letter wol it ferwyt nei harsels ta dat se net spesialiseerd hie. Want se hie altyd mar ien doel, winne! Wêr en hoe´t se ek op redens stie, se woe altyd winne. In yn-leave frou , sa begien mei alles om har hinne, mar at se ien kear oan de startstreek stie dan wie alles foar har allinne. Dat tsjutte se ek oan nei har langebaan-karriere doe´t se noch fiif kear nasjonaal kampioene maraton waard en ûntelbere maratons wûn hat. In typyske yn-Fryske frou, boeredochter, boerinne, trije bern, dreech, en dan  ek noch altyd wer dat trrainen en trainen , alles op krêft, har technyk wie net daverjend , mar dy klauslach , der koe nimmen tsjin oan, se riidt gewoan hurder as de rest. Wy ha ús wille  der oan hân, 1972 en foaral 1974 har wrâldkampioenskippen op Thialf , dat folslein útferkocht wie. Se krige in  kever fan de befolking fan Jirsnum, dy´t o sa grutsk op har wie,  omt se Jirnsum ek sa moai op de kaart sette, de sjoernalisten hienen oan dy te âlde mem Atsje in ferhaal, dus se kamen graach op de buorkerij. Heuh jong, wat dogge we hjoed. Want ferjit dat net Atsje is ek troch it reedriden makke. Wie´t doe yn Gerdyk yn 1969 noch wat in blue-e frou, se waard troch it reedriden rûnom yn de wrâld selsbewust. As ik har dan letter ris praten hearde foar  600 froulju yn de Harmonie, dan tocht ik dit hast toch mar berikt. Mar it moaie is, Atsje Keulen-Deelstra is altyd harsels bleaun.   

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s