Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

27 02 13

 

Der bestiet in FabLab. Ik wist dat ek net, mar it is sa, want we ha in mailtsje krigen weryn at dat stie. No hienen se al tocht dat ik soks net wist, want se fertelle ek wat in FabLab is. In FabLab is in makerspace, in high-techproduksjeplak, wêr’t elk kreatieve ideeën en konsepten útwurkje kin ta prototypes. Jim mei soks daliks wer ferjitte, omt it fansels dom yngewikkeld gelul is, mar benammen om at der in FabLab bestiet wy hjirre fansels in FryskLab makke ha. Wy wolle altyd eigen Fryske wegen folgje, krekt as soe de rest fan de wrâld it alhiel ferkeard dwaan. Us yn elk gefal net nei’t sin. It betsjut fansels wol dat it FryskLab wat in oare betsjutting hat as it FabLab, en dat ha se ek mar efkes maild, se wolle hjir de faardigheden stimuleare dy’t nedich binne foar de wrâld fan moarn: kreativiteit, ûndernimmersskip, gearwurking en swierrichhedenoplossend fermogen. Hoe betinke se it. It wurdt hjoed allegear presinteard, mei de brûklike stream fan muoilike wurden. It is allegear folstrekt sinleas , en it hat inkel wat te krijen mei hoe’t je de jeugd fan hjoeddedei noch mear yn de kompjoeters ha wolle as at no al it gefal is. En wit jim wat it slimste is, de biblioteken organiseare ditsoarte ûnsinsaken. It FryskFabLab is hjoed yn de biblioteek fan Ljouwert dy’t it spul ek noch mei organiseart. No ja, sa wurdt it stadich oan ek dúdlik dat it logysk is dat de bibliotheken yn Fryslân gjin minsk mear oer de flier krije. At de jeugd harren hiele gedoch op dy tillefoans dien hat, lit se dan fuotbalje en dêrnei in goed boek lêze, mar dan sille dyselde biblioteken wol sizze lês mar in e-boek. It definitieve ein fan de bieb, it boek op de kompjoeter. Hans en Wim Anker sille nea mear in boek lêze, want dy ha noch nea in kompjoeter brûkt. Wim en Hans Anker wurde hjoed 120 jier, se diele alles, se wurde 60, it kertierke dat Wim der earder wie krijt er kado. Fan dy 60 jier bin de beide mannen no sa’n 30 jier foaroansteande abbekaten yn Nederlân. Beide. No is dat net sa frjemd, se bin ienaaiig, en dat ha se yn it ekstreme trochlutsen. Dat se abbekaat binne is ek net frjemd, se ha noch nea tsjin immen sein: jo ha gelyk, no ja en at je dat mar lang genôch folhâlde bûget elke rjochter de holle, dat grinzelease geâldehoer fan dy mannen. Boppedat wikselje se elkoar hieltiid ôf en sjocht dy rjochter dat net. Se bin yn de wrâld fan de misdied mateleas populêr, want se dogge nochal oan neisoarch, se reizgje alle finzenissen ôf om in eardere klant in tikje op it skouder te jaan. Se bin foar it oare ek populêr by net misdiedigers, want se komme oeral mei saneamde sprekbeurten, mar by eintsjebeslút stean se dan yn sa’n âlderwetsk kafeetsje mei pluzen kleedsjes op de taffeltsjes, oars wolle se net, mar se stean dêr dan nei ôfrin op it biljert lietsjes te sjongen fan Melanie Weber, Andre Hazes , Jan Smit en soksoartigen en elk stiet der omhinne en skoot harren fol mei jenever, se ha in sjauffeur om it netsjes te hâlden. Se gedrage har as in pear lytse bern op’e tribune by SC Hearrenfean, swaaiend mei reade en gele kaarten, de minsken om har hinne sjogge neat fan de wedstriden, want se stean hieltiid oerein te griebeljen, te dûnsjen en te stampen. In pear kear per jier húnje se elkenien, by manifestaasjes yn harren Akkrum, bygelyks it mêstklimmen en touslingerjen. No ha se my ea ferteld dat at se 60 wienen dat se dan ophâlde soene mei wurkjen, dus ik tink dat we yn de rin fan de dei dat grutte nijs wol melde kinne. Tsjalling van der Goot rêdt him dan wol mei Robert M, bin sy ek fan dy haatlike mailtsjes ôf, dy’t se foar it oare sels net lêze kinne want se ha dus noch nea in kompjoeter brûkt, en sille dat ek nea dwaan. Se heare by de âlderein dy’t dat Labgedoch allegear oan har foarby gean litte. Dat makket harren wer leaf.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s