Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

28 02 13

 

It is frjemd, want it wie altyd in D’66-er, mar ik hie toch wol wat mei Hans Wijers. Minister fan Ekonomyske Saken. Rjochtút, altyd sizze wat se mis dien hienen, gjin omwegen. Letter as bestjoersfoarsitter fan Akzo/Nobel itselde. Dudlik byld. Mar no hat dyselde Hans Wijers in fersin makke. Hy waard foarsitter fan in, nee sels fan it comité oer hoe’t 30 april 2013 troch ús ynfuld wurde moat. Sju de abdikaasje, ûnsinwurd, it ôftreden fan Beatriks en it ynhuldigjen fan Maximá, dat is in saak fan de Earste en Twadde Keamer, no dy kinne helemaal net mei elkoar dus dat wurdt al neat. Ik tink dat Beatriks seis kear de kroan ôfsette moat omt de kameraminsken noch in sigretsje smoke. No sjocht werklik elkenien dat allegear want it stribjen is dat der yn it hiele lân grutte skerms komme by alle feestlikheden dy’t ynienen transformeard binne fan koekehappen foar keninginnedei, ta sjongen foar de ôftredende ynhuldiging. It liet feroaret der net werklik fan, oranje boven, Maxima is wereldkampioen. Mar dan moat sa’n comité fan Wijers dus wat betinke foar wat we fierder as Nederlânders mei syn allen dwaan kinne op dizze nasjonale rou- en feastdei. Njonken ek noch in eigen feestje fan

Amsterdam, dêr fersûpe in soad lju, want Maxima komt yn de sloep it wetter op. It nasjonale comité foar de oerbleaune festiviteiten wurdt gearstald út allerhande úterst ferskillende minsken, en dat betsjut al dat it net wurke sil, hoe sille Andre van Es en Joop van der Ende no ea itselde betinke, en wat moat yn de fredesnamme Richard Krajick dêrby, moat der tennisse wurde of sa. Utkomst, wy Nederlanders wurde beskôge as in soadsje debielen. Op in geven stuit stiet der ien of de oare groep sjongers, yn de oarder fan tink ik, want Joop van der Ende sil dat wol regelje, Rene Froger, Jeroen v d Boom, Gerard Joling, Paul de Leeuw, Lange Frans, Jan Smit, Nick en Simon ensafuorthine, en dy sjonge in liet en dat moat we allegear meisjonge, de tekst stiet op de foarside fan de Tillegraaf, en we kin ferbûn wurde troch dy grutte tillefyzjes en troch ynternet, op de wize sa’t de Syryske fersetsminsken no oan it wurk binne, mar absoluut net sjonge. De legere skoalbern sjonge ek net mei, want dy bin noch wurch fan de koninkrijksspelen fan in pear dagen earder. Mar it wichtigste wat se betocht ha is dat je je dream oer de takomst fan Nederlân dat je dy ferbyldzje moatte. Wa hat yn fredesnamme in dream oer de takomst at je net wit dat sokke lju as dy’t yn dat comité sitte je op de ien of oare wize besoademietere ha ûnder it ferlechsel we sitte midden yn’e krisis. Tusken heakjes Rutte en Samsom karre alles ôf yn dit lân wat mar in sint mear kostet, mar freegje net wat dit ús kostjen giet. Want wy moat dy dream maile, usb-e, downloade of wat al net. Ek al is dy dream ferwurke yn in breiwurkje, we moatte dat troch trieden en de loft nei Willem Alexander triuwe, ús dream is syn ienige ynspiraasje. Sels al soene alle republikeinen sizze myn dream is Nederlân sûnder keningshûs, dan noch is dat ynspiraasje. Ik bin bang inkel dat dy wurden net foarkomme sille yn it boek wat alle Nederlanders krije sille oer dy dream. Doe’t Wijers fan newike útpraat wie, hie’k in momint it ide dat er sels net wist wat er allegear sein hie. Hans jonge, doch soksoarte dingen no net. It klinkt allegear sá ûnnoazel, seker at it út dyn mûle komt. Oke , as nije man fan Heineken hast alle belang by feestjes. In echt feestje yn Nederlân is gewoan musyk en bier. Mear ha we net nedich. No rekkenje mar dat sûnder dat gedoch fan jim dat ek wol klear komt. Dêr rêdde we sels wol mei. Al soe’t allinne mar wêze om net oan dy ûnsin fan jim meidwaan te hoegen. 

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s