Eelkesweblok

It each fan eelke

Een reactie plaatsen

05 03 13

 

Olrik Bouma. Ólrik. ’t is wat in oare namme as Jesse of Jorrit, dy’t no hiem binne yn Fryslân. Ik wit net iens at it wol echt Frysk is. Olrik is wrâldwiid bekind as dy fan de minne persoan yn strips fan Blake en Mortimer, net sa bekind yn Fryslân. Olrik Bouma is net in minne jonge. Hy is yn ’85 berne op’e Jouwer, hat netsjes nei skoalle west, studeare, rjochten, en alles helle. Hy hat mar ien ôfwiking, hy sit by de FNP. En at je dêr jong binne, bin je hiel populêr. Want fansels ha de âlderen it dêr foar it sizzen, se beneame no wer in pensionearden as foarsitter, mar it is altyd o sa moai om sjen te litten dat de jeugd ek meidraeit. Olrik wie noch mar 25, doe siet er al yn it bestjoer fan de FNP yn Skarsterlân. Hy wie ek al rille gau skaadriedslid, dat betsjut dat je ek al yn de polityk meihaffelje meie at der ien ferkâlden is. It wie Olrik allegear noch wat te lyts, hy socht wurk en rûn staazje yn Brussel by de EFA. De EFA is de organisaasje fan lytse regionale demokratyske partijen, dat bin yntusken sa’n 40. Allinne, de EFA hat fansels neat te sizzen, se roppe inkel mar wat at it giet om lytsskalige oarspratende minderheden. En dêr wurdt net nei harke. Likegoed hobbelt de EFA troch. Se sette Olrik Bouma, de stazjêre, no del as foarsitter fan de jeugdgroepen fan de EFA. No ja, net iens as foarsitter, dat hiet dêr siktaris generaal. So. It applaus davert fan de side fan de FNP ôf. In skaadfraksjelid, watte sa’n jong skaadfraksjelid yn Skarsterlân, no siktaris generaal fan de jeugdbeweging fan de EFA. Hy moat dêr de perskontakten dwaan, de webside behannelje, de gearkomsten organiseare en hy hat it jildbakje. Gâns ferantwurdlikheden. Fansels is dizze Olrik Bouma op wei om Sybren Posthuma op te folgjen. Dy hat as FNP jongeling ek de hiele wrâld ôfreizge, docht dat trouwens noch, om elke ferhûduke befolkingsgroep te fertellen dat der yn Nederlân ek noch fan alles te dwaan is om de provinsje Fryslân, alteast it Frysk pratende part dêrfan, der by te skuorren. Mar bêste Olrik, goede Sybren, leave FNP, wêrom sa de klam op Europa. O ja Jannewietske de Vries dy moat ik dêr ek by neame, ús deputearre Jannewietske dy’t foarsitter wurden is fan wat dizenichs oer lytse hast net mear besteande talen yn Europa. In Friezinne fiert it Welsk, it Baskysk, it Retroromaansk, it Oegrysk, it Ossetysk oan ……. wêrhinne eins. En wêrom. Is it foar it Frysk wichtich dat it Galicysk oerein bliuwt en moat wy dat fia Europa befechte? Omt se yn Den Haach net heard wurde reizgje de FNP-ers dus nei oeral yn de wrâld nei de minsken ta dy’t wol nei har harkje wolle. Da’s maklik, je moatte toch gewoan yn Den Haach wêze en dêr it gefjocht oangean. Of is it in moasje fan ôfkarring oan Hindrik ten Hoeve, dat dy dêr acht jier sliept hat. En is it foar Jannewietske net folle wichtiger om it programma foar Europeeske haadstêd 2018 klear te krijen, ynstee fan om te haffeljen yn de noeden fan de lêste trije lju dy’t noch Estysk prate. Je moat nammentlik as lytse mienskip, mei in lytse taal, it fan je direkt omjouwing ha, fan de minsken dy’t komme en begryp ha, ynstee fan in dizenich gedoch yn dy grutte amtlike mûne fan Europa. Boppedat bêste Olrik, krekt Europa soarget der foar dat Van der Werff yn St. Nyk dêr by jim net de brede skoalle op’e Jouwer boue mei en dêrom faillyt is. Dat moat dy as skaadfraksjelid yn Skarsterlân net inkel sear dwaan, dêr soesto miskien ek yn Europa wat oan dwaan moatte, lykwicht tusken Europeeske en regionale belangen. Inkel dan moast net siktaris generaal fan de jeugd fan de EFA wêze, mar in selsbewuste Fries dy’t syn eigen paad siket om te wêzen wêr’t je echt wêze moatte. 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s