Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

06 03 13

 

De steaten fan Fryslân neame ien fan harren kommisjes, de kommisje Boarger en Mienskip. De hollânsktalige steateleden brekke har der hieltyd de bek oer, en nimmen begrypt daliks wêrfoar at dy kommisje der is, mar it is moai Frysk en sa heart it hjirre. It is dêrom ek wol hiel nuver dat der hjoed in punt op de aginda fan de kommisje Boarger en Mienskip stiet weroer élkenien him de bek brekt. Dat punt is: een next generation accessnetwork NGA voor elk huishouden in Fryslân. Neidat der op 29 juny yn dyselde kommisje al praat is oer de scenariokeuze voor de totstandkoming van een hoogwaardige toekomstvaste en open breedband infrastructuur voor particulieren in Fryslân, no dêr waarden wat oantekens by makke troch de steateleden en doe wie it logysk dat der no in startnotysje is oer een next generation accessnetwork NGA voor elk huishouden in Fryslân. Singelier. Huishouden? Wenten dus. Partculieren? Minsken dus. Scenariokeuze? Kar. Gean sa mar troch. Wat is dat NGA yn fredesnamme, next generation accessnetwork. No dat stiet ek yn de startnotysje: bekabelde toegangsnetwerken die geheel of gedeeltelijk bestaan uit optische elementen die in staat zijn om breedbandtoegangsdiensten te leveren met verbeterde diensten in vergelijking met diensten die via reeds bestaande kopernetwerken worden geleverd. No, ik in oere googelje en doe wist ik pas wat se bedoele: glêsfezel. Sis dat dan ferdorie gewoan, glêsfezel. No moat je earst fiif kear sa’n yngewikkelde startnotysje trochlêze om te begripen dat it inkel oer glêsfezel giet. En hâldt op dêroer te âldehoeren, dol in in groppe njonken de dyk en donderje dêr dy glêsfezel yn, aveseare. En wêrom al dat geseur wat jim hienen mei NL kabel, Kabel Noord, Ziggo, UPC, de F4 gemeenten, dy blike ek te bestean, dat bin Ljouwert, Súdwest-Fryslân, Drachten en Hearenfean (goed ûnthâlde foar de folgjende kear, dat bin de F4 gemeenten), CIF, Reggefiber, Lipen/Opennet. Donderje dy glêsfezel yn’e grûn, dan bin we hjir yn Fryslân miskien ien kear op de wrâld foar. No nee dus, want der is njonken de startnotysje oanfullende ynformaasje. En yn it lêste rigeltsje dêrfan stiet: met een dergelijk vast netwerk kunnen wij naar verwachting zo ’n 90 pct aansluiten. Dus tsien persint fan de mienskip, fan de boargers, werfoar der dus in spesiale steatekommisje bestiet, dy is hjir wer de lul yn Fryslân. Krekt as eartiids mei it wetter, mei de stream en letter ek mei it gas. En dan kin je sjen dat de politisi yn al dy jierren hielendal neat leard ha. Want at se dêr nei sjoen hienen, dan hienen se witten dat je efterôf der altyd wer 100 persint fan meitsje moatte, want glêsfezel wurdt gewoan like needsaaklik as stroom. En je kin net yn it provinsjehûs bepale wer’t je krimp sit. Mar je witte ek dat om dy lêste 10 persint sa folle letter te dwaan dat de kosten wol 15 kear sa heech binne. En no binne wy yn Fryslân hiel solidair hear. It PEB, it Fryske elektrisiteitsbedriuw, hat úteinlik alle ûnrendabele boerebedriuwen ek oan de stroom setten, mar dat ha wy mei ús allen betelle, dan waard it wat fuortsmart oer al dy 260.000 tillefoanrekkens, dan seagen je dat net. En dus slute de steateleden fan no wierskynlik ek de eagen foar dy 10 persint, dat komt letter wol, dan komt dat jild net op har polityke rekken. Mar jonges en famkes, krekt Fryslân hat aanst yn de next generation in hiel soad buorkerijen dy’t leech komme, dy’t tagelyk ûnrendabel binne foar glêsfezel, mar weryn lytse bedriuwkes komme dy’t mar fjouwer dingen wolle: stroom, wetter, gas en glêsfezel. Krekt as elk huishouden. 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s