Eelkesweblok

It each fan eelke

Een reactie plaatsen

07 03 13

 

De stien dy’t de ûnderwiisried yn de fiver fan de basisskoalle smiten hat, soarget foar in soad wiete lju. En wiete lju dy prate dûbeld sa folle, want dêr wurdt je wyld fan. Alle skoallen soenen minimaal 100 bern ha moatte om bestean bliuwe te kinnen, seit de ûnderwiisried. De skrik wie grut, blykber hat de ûnderwiisried in soad ynfloed, miskien hast itselde as de SER op ekonomysk sosiaal mêd, elk is benaud dat de minister de ûnderwiisried folgje sil. No docht se dat seker om it jild, want der soenen mei it getal 100 yndied hûnderten skoallen ferdwine kinne, safolle opfanghûzen foar swangere ien âldermemmen ha we net iens nedich. Mar eins hoege we ús der ek hielendal noch net sa drok oer te meitsjen, de ûnderwiisried is in ûnôfhinklik adfysorgaan, en dy brocht efkes in net frege advyske út. It kin wêze dat frou Bussenmaker, de minister, stiekem frege hat smyt der ris in moai getal yn, mar dan noch ha’s 20 yn it ûnderwiis trochwrotten lju der oer praat. It ûnderwiis kinnende soenen dy dêr sa’n trije jier mei dwaande wêze. Mar nee, se koene no ynienen hurd, 100. Ik tocht ek noch se ha ferjitten der in Fries yn te setten, mar dat is net sa. Berend Kamphuis foarsitter fan it fuortset kristlik ûnderwiis yn Sudwest-Fryslân sit der tusken. Hy hat by de NHL wurke, by Thorbecke, by de Wyldemerk , sit yn it bestjoer fan it Friesch Dagblad, likegoed of krekt fanwege al dy drokte hat er sitten te sliepen. Fryslân, Kamphuis, kin net ta nei skoallen boppe de 100 bern. En dat moat sa’n kristlike man hielendal witte, want de twasoartige skoallen yn Fryslân smite dus hieltiid de helte fan de bern mar op. Dochs wol opfallend dat Fryslân no wat paniekerich reageart op it adfyske. Hjoed bygelyks in temadei oer it fuortbestean fan lytse skoalen yn in krimpgebiet, werby twa te lytse kristlike skoallen sjen litte sille op hokker wize sy dat ûnderwiis no oanleverje. Ik sil jim de metoaden besparje, en at jim se al witte wolle gean jim mar nei Ryptsjerk (noait witten dat soks in krimpgebiet wie) , mar ik ha’t lêzen, ik fyn it hartstikkene goed, neat mis mei, kwalitatief foldwaande. Mar oan wa lit jim dat sjen op sa’n temadei, oan de lju dy’t wol witte dat it ûnderwiis dêr goed is. Of oan Berend Kamphuis? Jûn yn Achtkarspelen yn de gemeenteried ek omtinken foar itselde, no komt it fan de PvdA, dus de iepenbieren dogge ek mei, mar de ynhâld is itselde. De PvdA begjint nammentlik mei de sin dat it ûnzin is dat in skoalle ûnder de 100 bern gjin kwaliteit biede kin. No ja en dan komt der jûn fansels in moasje en der stiet elk efter, want it is it ienigste wat we op it ús plattelân noch oer ha. Mar krekt dy kwaliteit wurdt in it adfys fan de ûnderwiisried ter diskusje steld. Bussenmaker har foargongster van Bijsterveldt wie ferline jier noch tige ûnder de yndruk fan de ûnderwiiskwaliteit fan skoallen dy’t mar om de 23 learlingen hinne sieten te seuren, want dat bin de skoallen wer’t it wettelik om giet. De gemeenten ha’t allegear omdold, mar fia fia die de minister dat fansels, se kaam net oan de kwaliteit mar de gemeente mochten minder útjaan oan de gebouen. In hiel soad lytse skoallen bin elkoar doe mar út need yn de earms flein, besykjend dy kwaliteit yn stân te hâlden fan doe’t se lytser wiene. Dus Berend Kamphuis moat no dy oare ûnderwiisriedsleden meinimme nei Ryptsjerk om sjen te litten dat it net om de kwaliteit giet en dat de wurkwize fan lyts miskien wol oars is, mar net minder. No en at dy lju dat sjoen ha moat se wer in net frege advysk útbringe: om de kwaliteit hoegt it net 100 te wurden. At it om de kosten giet moat dy minister dat sels mar útfechte mei de skoallen.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s