Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

08 03 13

 

Moarn is de dyk tusken Nygea en de hoeke by Sumar ôfsletten foar it ferkear. Net tinke fan ik kin der moarns earst noch wol efkes lâns, se begjinne al om seis oere, neffens my is it dan noch tsjuster. Mar dy lju kin blykber blyn de bile wol brûke. Oan dy dyk sille nammentlik de beammen kapt wurde. Dy beammen moat der wei om de sintrale as oan te lizzen. Nee, nee, nee, ho, ho, net seure. En ek net skrieme. Dy beammen hiene nammentlik dochs kapt wurde moatten want se wiene siik. Net dat ien dat murken hie de kommende tweintich jier, mar omt dy dyk dêr dochs lâns moast, ha se efkes de koarts opnaam fan dy beammen en ynienen konstateart, jongens jim bin siik. Net ien dy’t ferteld wat se ha, se bin gewoan siik. Kappe dy hannel. Lokkich ha dy beammen har wol opjûn foar orgaandonaasje. De snippers sille wierskynlik brûkt wurde as enerzjy

boarne. Ja, se stoke dy snippers op en dogge wat mei dy waarmte. Ik tink dat it swimbad fan Burgum dêr in dei op draaie kin, at it bûten net al te kâld is. En de stamkes, ek sa siik as de pest, likegoed meitsje se der hikjes fan en dy biede se de boeren yn’e buert oan. Want o wat bin se fersichtich hè, sa alderferskiklike fersichtich. Se wolle al dy grienlinkse, partijvoordediereen en âld en âlde noardeastelike politisi dy’t hieltyd sizze jim bedjerre it lânskip mei dy nije dyk, dy minsken wolle se it swijen oplizze. Dus se snoeie ek net alle beamen, nee guon plantsje se wer, bygelyks dy by Sumar dy’t net siik wiene, dy steane no, hoe leaflik dy namme, oan it Heidereedsje yn Burgum. Ik wit it, de measte beammen wurde siik, sterker gean dea fan ferplantsjen, mar ferpleatste, bewarje dy beammen. Mar ek oeral oars wolle se boskstroken ha. Boskstroken? Ja jong je moat altyd wat oerdriuwe, we hiene yn’e wâlden beamwâllen, dy falle hast allegear om, mar goed we ha se, en no krij we boskstroken, dus noch mear beamteguod as wat we dêr al hienen. En net samar wat, want in beam dy’t 50 jier âld en dus siik wie, der wurdt nei ien beam foar kompenseart, neeeu, 4 beammen komme wer werom. Komme werom, want dy bin yn Brabân siedde fan sels, want beammen wolle ornaris yn Fryslân net al te hurd groeie, de grûn is hjir fierstente skjin en te wiet. En wit jim trouwens werom at we boskstroken krije en net inkel beamwâllen, dat is dat de flearmûzen fan de iene beam nei de oare gean kinne, en dan sa in moai paad yn Fryslân krije. Want o wee at nei de otter en de skries no ek noch de flearmûs ferdwine soe, no dan is Fryslân net mear wat it west hat. It is toch tige moai dat krekt de sintrale as der foar soargje sil dat de flearmûs yn Fryslân bliuwe sil. En jim hoege dus nearne ûngerêst oer te wêzen, de sintrale as levert ús gjin lânskipsbedjêr op, nee it smyt in noch folweardiger singelânsskip op. Al komme dy beammen fansels net lâns dy sintrale as te stean want oars mei je der gjin 100 ride. Dus is der ek gjin hûn mear dy’t dy beamwâlleboskstrokesingels sjocht, want elkenien riidt neffens de foarstanders oer dy sintrale as. Mar dat let neat, de sintrale as is der en der stean beammen. Mear wolle jim dochs net, eltsenien tefreden, de VVD-ers de dyk, de PvdA lju de beammen. Hielendal klear is it noch net. Der stiet ek op de websides dat op’e nij besocht wurde sil de grûn oan te keapjen om dy sintrale as te meitsjen, dêr stean de beammen fansels ek noch, en nimmen wit at dy al of net siik binne. Ek it komité fan bejaarde âld steateleden ûnder de titel Beter As akselt noch tsjin. En de sinten lizze ús dreech op de mage, at Prins no ek al ticht giet wa moat dan sa nedich noch nei Dokkum. Eeeh, moat dy beammen der moarn wol ôf? 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s