Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

12 03 13

 

Jûn is der yn Warten yn kafee de Brigantijn in ynformaasjejûn. De ynformaasje dy’t der jûn wurdt giet oer in proefboaring nei gas. It giet dan om in plakje oan de Stûkloane, in dykje dwers troch it greidelân, tusken Warten en it kanaal rjochting de Foanejachtbrêge. Eins hoege se net iens proefboaring te sizzen, want der sit allegear gas yn’e grûn yn dy buert. Elke kear at se dan wer yn’e grûn prippe sizze se: ach dit is lang sa grut net as Slochteren, mar opteld komme se in moai ein dy kant út. Doe’t ik eartiids, we prate oer de ein sechtiger jierren, by de Drachtster Krante wurke, in brommerke hie en yn’e buert fan Aldegea (Sm) wie, doe seach ik wat mannen dwaande op in fjildsje, mei in hikke der om hinne. Ik stoppe, en frege dy mannen wat se dienen. No dy hiene der suver nocht oan en se fertelden dat der sa’n toer komme soe en dat se gas nei boppe helje soenen. Doe’t ik werom kaam op’e krante blykte dat in enoarme primeur te wêzen, net ien hie oan de minsken of de parse ferteld dat soks barre soe. It gie allegear stiekem, mar net ien makke him der drok oer. No ha we dus in ynformaasjejeûn, en wethâlder Meine Scheweer fan it terminale Boarnsterhim ûntfangt minsken fan Vermillion, Royal HaskoningDHV, it ministerie fan ekonomyske saken, de provinsje, de kommisje boaiumdaling en it wetterskip. O ja, gewoane minsken bin wolkom en meie ek noch wat freegje. En it earste en lêste wat se jûn freegje sille, wannear krij we hjir yn Fryslân de earste ierdbeving. En dan sille dy mannen sizze, dy krij we net, want yn Fryslân is it sa wiet, dêr sakket en slurket alles yn elkoar, wy soppelje wat nei ûnderen hjirre, mar Fryslân ferheget de diken wol wer ju. Dat fertelle se mei sokke yngewikkelde wurden, dat de gewoane minsken nei hûs gean en sizze, ik leau dat it ús tiid wol duorje sil. Dat is net sa. Want we ha no yn Nederlân net inkel gewoan gas, mar we ha no ek schaliegas. Tsja, da’s in hollânsk wurd fansels. Hoe neam je dat no yn it Fryske, skealjegas? Net moai en dan wit jim noch neat. Eeh no ik liz it earst efkes út. Dat gas sit yn stien, eins yn hiele âlde tige plat stampte klaai. Der boare se hinne, en dan gean de boarkes oer dwers en da sûgje se dy klaaistien leech en smite dat dan yn jo gaskacheltsje. Der sit hjir en dêr noch al wat fan datsoarte gas yn Fryslân. Mar se wolle no begjinne yn de Noardeastpolder by Luttelgeast/Marknesse, der sit it mar 4 kilometer ûnder de grûn. Frjemd dat it yn it lân wat we letter makke ha, sa heech sit, mar goed. In Brits bedriuw wol proefboarings dwaan, dan sil it wol wier wêze. Boargemaster Aucke van der Werff fan de Noardeastpolder, earder fan it Bildt en wethâlder fan Wymbrits, wol net dat se dat dwaan sille. Hy en in hiel soad oare lju ferwachsje dat at dy klaaistien sûnder dat gas komt te sitten der in klap komt en dan sit de hiele Noardeastpolder sa leech dat de dyk by Rotterdammer hoeke wer omheech moat. Us ingenieursburo Oranjewâld seit, dat soks, tinke se, wol tafalle sil. En dat tink ik ek wol, want at se it gas der út helje en wy bliuwe seuren dat soks gefaarlik is, dan seit it regear aanst en dat ha se fansels allang op de preammen stean, dan dogge we der it kearnôffal wat we net kwyt kinne mar yn, da’s lekker stevich. No ja soksoarte diskusjes bin dat. Dy hoege der jûn net yn Warten hâlden te wurden, mar wy bin sa linkendewei al in bytsje ûngerêst fansels. Want de oerheden gean troch mei boaren, wolle net nei Syrie om oalje, se wolle sels gas ha, leafst noch ferkeapje, in OESO lân wêze, dan doch je mei yn de wrâld. Mar at dat betsjut dat we dêrmei ús eigen lân ôfbrekke, dan hoecht dat net. Lit mar sitte dat schaliegas. Dan hoege we der ek net in Frysk wurd foar te betinken.  

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s