Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

14 03 13

 

Je leare elke dei wer mear. Yn Peinjum stiet bygelyks in Werkplaats, wist ik net. Werkplaats. In wurkplak soene wy yn Fryslân sizze, mar it blykt hjir dogge se meast oan kultuer. De werkplaats Waddenwyn. Toch wer Nederlânsk en Frysk troch elkoar hinne. Da’s artistyk tink ik. Want de Stifting Theamus dy fierd der foarstellings op. Mar dêr hie’k dus allegear noch nea fan heard. Lit we’t sa sizze, it is allegear noch net wrâldferneamd. Of sels Fryskferneamd. It skine foarstellings te wêzen dy’t noch al yngeane op it lânskip dêr om Peinjum hinne. Mar ik bin bang dat de measte Peinjummers noch yn de tiid fan Rients libje. It lânskip om Peinjum hinne is lykwols net mear dy hearing en dy bokking, mar oer in pear jier bin dat wynmûnen. Want de werkplaats Waddenwyn seit it al, dêr is de wyn. Dus at Fryslân earne wynmûnen boue moat dan is dat yn’e buert fan de ôfslútdyk. Dêr waait it, yn Appelskea is dan mar in sigentsje. Ja, dizze wike moate dy wynmûnen yn de Eemshaven stean, mar dy eastewyn is der inkel mar at it gjin echte winter mear opsmite kin. Letkommer. Gean mar wer nei it súdwesten. Dan komt de ôfslutdyk dus wer yn byld. En dêrom moat je jûn nei de Werkplaats Waddenwyn yn Peinjum want dêr ha se jûn in temajûn oer wynenerzjy. Organisearre troch Nieuw Atlantis. Ja dat is in utopyske roman fan Sir Francis Bacon. Dy spekman skreau dat earst yn it latyn, dat wie yn 1624 , letter doe’t er wat better ferkeapje woe die hy dat yn it ingelsk, 1627. It gie oer de ûntdekkingen dy’t de minsk noch dwaan soe, al koe Bacon doe net bekroadzje dat soks ek noch wynmûnen opsmite soe. It Peinjumer Nieuw Atlantis set lykwols net in streek ûnder de kennis, mar in fraachteken by de wynmûnen. Wie beschermt het waddenlandschap in de toekomst, als de politiek dat niet doet. En welke invloed kunnen burgers uitoefenen op de besluitvorming. No dat lêste is hiel ienfâldich. Krekt as alle oare minsken, Jim falle dêr ûnder de gemeente Súdwest Fryslân, no dan lûk je gewoan de riedsleden oan de earm en sizze, wy moat ris prate. Ha se alle tiid foar. O, ik sjoch no dat Gea Akkerman de wethâlder der jûn ek is. No better kin it dochs net, jim prate sowieso mei har, no dat kin de measte minsken net hear, jim kin jim miening jaan. En lit har dan mei de provinsje belje, dan komt dat wol klear. Oare ynfloed kin oare minsken ek net útoefenje. Wie beschermt het waddenlandsschap in de toekomst als de politiek dat niet doet. No it Waddenlânskip wurdt beskerme troch de Waadferiening en de 36 ynstânsjes dy’t fanút de oerheid dêr oer gear binne, de polityk docht hast altyd wat de Waadferiening seit, de Wadden bin in poldergebiet. Dus it is mar in wat nuvere opset fan sa’n programke jûn en je moat foar sa’n temajûn ek noch sân en in heale euro betelje, om inkel mar te hearren dat it jo waddenlânskip net is at dêr wynmûnen komme. It wurdt wat in megere jûn. Mar dat is mei sokke dingen ek wol wer logysk. De minsken dy’t der ticht by komme te wenjen protesteare, oppenearje harren. De rest sliept troch. Krekt as by de ferslaafdeopfang yn Ljouwert, dêr wer’t se sizze dat it komme sil is der dalje, oeral oars fine se it wol bêst. No bin der by wynenerzjy miskien ek wol minsken dy’t yn Peinjum of derom hinne wenje en it wol hiel goed fine dat der wynmûnen komme, omt se echt fine dat Fryslân no ris sok sette moat mei de duorseme enerzjy ûntwikkeling. Mar dat bin ek lju dy’t it gjin moai byld fine, dat te folle leven makket en dat gewriegel fan dy wjukken ek noch. Dy minsken bin it net mei harsels iens. Dn krij je in swiere temajûn.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s