Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

18 03 13

 

Hjoed is it healjierlikse oerlis fan de COVM. COVM stiet foar Commisie Overleg en Voorlichting Mileuhygiene. It oerlis is yn it Provinsjehûs. Dat is in Commissie dy’t him dwaande hâldt mei it lûd fan de fleanbasis Ljouwert. It is it ienigste wat Fryslân oerbleau neidat de hiele provinsje jierrenlang sangere hat oer it leven wat dy fleantugen dêr meitsje. Ja yndertiid is der wat hûs en skoalleguod yn Marssum wat better isolearre, want se joegen op it lêst wol ta dat at der sa’n Starfighter de loft yngie der dan efkes net te stofsûgjen of te lêzen wie, en meester Boele de Haan koe muoilik tsjin de bern sizze, stil jongens at der krekt sa’n ding oer kaam, want dan seine de bern gewoan en hy dan? De oare kant út, Koarnjum Jelsum, no we ha der in pear jier lyn wat opnaam foar een dokumentêre, mar dat doch ik dus noait wer, hieltyd dy frekte dingen oer. Mar ja, we skekke he, wat isolearre en der komme net sa folle minsken te wenjen yn dy hoeke, mar dat is no earne oars ek net sa, dat ach lit  mar. Je bin ek ris in kear útseurd en at al dy ferskate regearingen it needsaaklik fûnen, dan  sil it miskien wol sa wêze. Dus wy ha inkel noch de COVM. Der gean se dan sitten, in pear amtnerkes fan de provinsje mei mappen fol seurstikken, de gemeentlike ferstjintwurdigers, ek wat amtners, de stikken bin gâns minder, en se gean alfêst gesellich in hoekje sitten, want aanst hoecht noch mar ien fan harren derhinne, at Menameradiel en  Ljouwerteradiel by Ljouwert kaam binne, se bamsaaie efkes wa’t de pineut is en der twa kear yn it jier hinne moat. No en dan komme de lju fan de fleanbasis deryn, altyd wer yn unifoarm. Ik bin wat anti-unifoarm, mar ik soe at ik dat net wie, as ik mei minsken oer myn tefolle oan leven prate moate soe, dan soe ik gjin unifoarm oandwaan. Dat skept in ôfstân. Dat skept in hierarchyske ferhâlding. Je soenen nammentlik as fertsjintwurdigers fan de fleanbasis wat mear betrouen fan de pleatselike befolking ha kinne at je net yn unifoarm wienen. Dat dogge se at se jûns tús komme ommers ek út en dan bin it min of mear gewoane lju, mar ja se wenje net yn dy hoeke fansels, want soks jout tefolle leven, se wenje yn Hurdegaryp en Burgum. No ja en dan komme de doarpelingen deryn, dat bin de minsken dy’t it lûdst seurd ha, aksje hâlden ha en dêrom dus no yn de COVM sitte. Sju Geert Verf, de grutste activist tsjin it leven, hy is der no wol hiel ûngelokkich mei, hy is no alhiel ynkapsele troch de rigels en  rigeltsjes, omt hy yn dy kommmisje sit en it patroan folgje moat. Bygelyks syn ferhaal oer de JSF dy’t aanst folle mear leven meitsje sil as trije F16-ens by elkoar, mar foar de safolste kear wurde syn yntsjinne notysjes no ôfdien mei, wy nimme dat ta kennisjouwing oan. De regearing beslist aanst ris, en dan sjogge we it wol. Earme Geert Verf. Mar wat jim miskien net witte, jim kin dêr fannemiddei ek hinne, fjouwer oere provinsjehûs. En it soe sa moai wêze at jim der ris massaal hinne gienen en seinen, we ha’t wol sawat hân jongens yn unifoarm. At jim dy F16 derút donderje, it is ús bêst. Mar kom hjir net mei dy JSF, dat pikke we net mear. Hee unifoarmkes, dy JSF jout sa folle leven dat Hurdegaryp ek isolearre wurde moat. En dan tsjin dy bamsaaiende amtnerkes sizze : jim moat fan jim polityke baaskes altyd en hieltyd sizze dat it o sa’n grutte wurkgelegenheid jout,  en foar Fryslân sa wichtich is, it bin inkel jongens fan bûten de provinsje dy’t dêr wurk krije, en boppedat at it jild wat jim besteegje soenen oan de JSF at jim derfoar no nije banen meitsje mei projekten dy’t sa’n 1000 kear mear nuttich binne, dan  ha wer der allegear mear oan en dan bin we ek in kear fan dat frekte leven ôf. Sa sawat. Sis dat mar. Oars sliept dy kommisje troch.    

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s