Eelkesweblok

It each fan eelke

1 reactie

19 03 31

De lêste Fryske hope komt hjoed nei Fryslân ta. Minister Plasterk hat Fryslân nammentlik de wacht oansein. Hy hie der wat mear dizenich amtlik geâldehoer omhinne, mar wat er eins sei wie: jim Friezen moat net tinke dat wy sa idioat binne yn dizze krisistiid ek mar in krom omtinken en al hielendal gjin stoer oer ha foar dat idioate gedoch fan jim mei dy eigen taal. We ha yn de wet setten dat it in taal is, dat moat genôch wêze. En hy sei nei ôfrin ek noch stiekem tsjin Jannewietske, en leave, at jim no earst efkes mei Grins fuseare en sels fiif gemeenten oerhâlde, dan kin we miskien noch wolris prate, mar dan noch is it in sinterske negoasje. Dus wy moatte it no ha fan Eero J. Aarnio, frou Alionna Grossu en Valery Ovchinnokov. In Fin, in Moldafyske en in  Rus. Se foarmje mei har trijen in delegaasje fan de advyskommisje fan it Kaderferdrach ta beskerming fan nasjonale minderheden fan de Ried fan Europa. At je oan de ein binne, bin je it begjin al wer fergetten. Mar goed, se wolle wolris yn Fryslân sjen. Sterker sy sille ek prate mei lju hjir yn Fryslân dy’t alles witte fan de Fryske taal en kultuer. It is fansels wat yngewikkeld, net elkenien yn dizze provinsje dy’t saakkundich is op it mêd fan de Fryske taal kin daliks ek Moldafysk, dus der moat tolken komme. Mar de krampeftigens fan it hiele gedoch is dan ek dat dy tolken net gewoan nei it Nederlânsk tolkje mar nei it Frysk. Finsk-Frysk. Soenen sokke tolken der wêze? Tink it net, wannear wurdt in Finsk Fryske tolk brûkt. No ja as sa’n Europeeske advyskommisje nei Fryslân komt, dat is miskien ien kear yn de fiif jier. Dus hjoed is dy tolk nedich om meneer Aarnio prate te litten mei lju út it ûnderwiis. Ha jim op in doarp fan in pear hûndert ynwenners twa skoallen, in kristlike en in gewoanen? En dy krije ien oerke Frysk? En dêr bin jim mei akkoart gien? Ja dan hoege wy hjir net mear yn om te readen, jim ha’t sels ferpesten. En frou Grossu hat in Moldafysk-Fryske tolk nedich om mei Jan Koster fan Omrop Fryslân te praten. Jout de provinsje jim hielendal gjin sint om wat te dwaan oan de Fryske taal en kultuer? En it andert fan Koster hat se gjin tolk foar nedich, nee is ek yn it Moldafysk nee. Dus praat de kommisje ek mei Jannewietske de Vries, de deputearre. En it meast singeliere is dat dy Europeeske advyskommisje ek fan de minsken en Jannewietske witte wol hoe’ t it mei de skaalfergutting is. Sjoen wat Plasterk stiekem tsjin har sei is dat wol nijsgjiirrich. Wêrom soe in advyskommisje foar de Ried fan Europa dy’t giet oer de beskerming fan nasjonale minderheden soks witte wolle. Miskien dat skaalfergrutting net te hurd gean moat, de taal stikken makket. Mar in ryk kultureel ferskaat yn Europo is dochs hiel wat oars as in polityk fan ferdeel en heers, sa folle mooglik lytse minderheden ha sadat je in dizenich te grut belied fiere kinne. It moat dochs soarchlik wêze dat je Europa oanstjoere moatte mei 26 ministers presidenten dy’t der fanselssprekkend net útkomme. Presies da’s itselde as dat 26 fryske boargemasters der noait útkomme wêr’t fannesimmer dy lêste plysjeman dy’t se noch oer ha hinne moat Skylge, Langwar of Ljouwert. No ja, it is leaf dat dy Europeanen hjir komme en efkes nei ús harkje wolle. Oer in  jier of sa hearre we wol wat de advyskomisje dien hat, mar it set hoe dan ek gjin siedden oan’e dyk, Europa is noch mear amtlik leven as echte risseltaten. Mar foar Fryslân is folle wichtiger yn de Twadde Keamer foldwaande oanhingers te finen foar de Fryske taal en kultuer, sadat minister Plasterk net in  solootsje meitsje kin troch wat yn de wet stiet foar kenninsjouwing oan te nimmen, en oergean ta de oarder fan de dei Ja, fansels we ha yntusken de kommisje Hoekstra hân en dy siet der wat tuskenyn, ja der moat wol wat barre, mar noch net alles. Mar it is noch ûnfoldwaande. En dus moat der in Fryske advyskommisje nei de Twadde Keamer. Nee, dêr hoecht gjin tolk by.    

One thought on “It each fan eelke

  1. Pingback: De lêste Fryske hope | ensafh

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s