Eelkesweblok

It each fan eelke

Een reactie plaatsen

20 03 13

Sûnt Lemmer yn de gemeente Friese Meren sit, dy lju bin dêr trouwens stiekem no al fierder as Súdwest Fryslân, mar sûnt Lemmer by de Jouwer sit bin se dêr de tried wol kwyt rekke. De skiednis. Jierren en jierren al set de provinsje yn op Starum. De eksponint fan it provinsiaal rekreatief belied. Ja, Lemmer hie ek kinnen, mar se botsten dêr hieltyd tsjin de Noardeastpolder oan en Lemmer wie sels sa stom om op de twadde pier grutte yndustrie te setten, it makket it oansjen fan Lemmer lillik. En it moat sein wurde, Starum koe it ek noch wol oan. In yn Starum útjûn tientsje oan rekreaasje is 20 euro wurdich, yn Kollumerlân mar in sint. En dat tientsje soe wol fyftich euro wurdich wurde at je wat normaal yn Starum komme kinne soene. Dat is net sa. At je by Koudum binne, gean der inkel noch karrepaden nei Starum. En dat wylst se dêr optheden de grutste slûs fan Europa oan it bouen binne, dat wurdt aanst in machtich gesicht at al dy boatsjes sneins om fjouwer oere troch dy slûs komme. Watte, dat wurdt noch in ekstra attraksje, at der auto´s nei Starum komme kinne soenen. Der is in tal jierren lyn in ûnnoazel rûndykje om in part fan  Himmelum lein, mar dan kom je dochs dêr noch troch de buorren. No ja, se sil dêr sil noch wolris wat omknoeie, it is heechst nedich, rekreaasje stiet tsjintwurdich seker ek foar in goede ynfrastruktuur oars wurdt der fan de rekreaasje net goed gebrûk makke, en hat it gjin rindemint. Dus moat der ek yn Lemmer wat barre, ek dat is ien fan de knipepunten. Alle freedetemiddeis en jûns is der in hiele lange file, fan al de lju dy´t fanút it hollânske en it dútse foar it wykein nei Fryslân komme. Nei lang knoeien, waarden yn Lemmer fiif rotondes betocht, it bêste ferkearsfeiligheids- en snelheidsmiddel wat de lêste 100 jier útfûn is. Der waard ek noch in akwadukt betocht. De auto´s moatte nammentlik oer de brêge , en dy giet om dyselde tiid noch al ris iepen en soms ek noch wer heel efkes ticht. En al dy minsken stean dêr foar en dy wolle nei Starum. Of wat oars yn dy rekreatieve súdwesthoeke. Of simpelwei nei de jachthaven fan de Lemmer, ek oan de oare kant fan dy brêge. Dêr waard dus in akwadukt tekene. Moai. Eins net wer sa folle heard, oant twa wike lyn de bewenners har útsprekke mochten oer it plan. Dat ynienen net mear doogde. No moat je dat as provinsje ek net yn de winter behannelje fansels, dan ha de minsken gjin lêst fan  de files en ek net fan de brêge, dan giet er net iens iepen, is altyd tocht. Je moat dat simmers dwaan at je lêst ha fan  dy CO2 dampjende weinen fol Starumsike lju dy’t dêr steane te razen smyt dy brêge ticht. Nó seine se, ach der ha we mar seis wike lêst fan, fierder falt it wol ta, en fiif fan dy rotonde’s meitsje, wat in lêst en dan jierrenlang gedoch om hjir in akwadukt te meitsjen, dêr ha we gjin sin oan. Gemeente en provinsje hienen 37,5 milioen klear lizzen, en dat leit der och wol efkes, want deputearre Sietse Poepjes switte har dea en skrok sa fan dy Lemsters en se wol sa graach leaf en goed foar elkenien wêze en altyd sa folle mooglik begryp ha, dat se sei dan lûke we it plan wol wer yn. En har amtners tekenje al in nije rûnwei hielendal boppe de Lemmer, dwers troch Eastergea hinne en in akwadukt ûnder it kanaal en de Brekken troch, frij lang en dan moat der ek noch wer in stike dútse rekreaasjewenten omhelle wurde, it kostet aanst sawat it dûbele. Mar de lju kin wol nei Starum. Mar ik hoopje dat de steaten fan Fryslân want dy hienen it hjoed op de aginda stean, dat dy sizze kom no, we koenen moai wat jild ynfesteare, moai wat wurkgelegenheid biede, moai projekt, we ha al dy jierren neat heard, wer op’e aginda hjoed en ramme. Want at we no alris in beslissing nimme, lit we dy dan ek útfiere.  

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s