Eelkesweblok

It each fan eelke

Een reactie plaatsen

21 03 13

 

Hjoed begjint it lêste hichtepunt yn it reedridersseisoen, de wrâldkampioenskippen per ôfstân. Alle reedriders en reedriidsters fan de wrâld binne ôfreizge nei it Russyske Sochi. It is dêr aardich wat waarmer as by ús, mar yn dy iishal falt it wer wat ta. Bertus Butter, de iismaster mar sa linkendewei in iiskening, soarget der foar dat dêr allegear iis is. En it skynt ek noch goed iis te wêzen, want riders en riidsters wiene net ûntefreden. Sterker Mark Tuitert woe mar dat se de hal aanst ynpakke en nei Rotterdam stjoere, oer see is it neffens him net sa’ n ein fan it oan de Swarte see lizzende Sochi. En Sven Kramer sei yn elke tekst dat it tiid wurdt dat Thialf der ek sa útsjen sil. En ik wik jim dat al dy Nederlânske lju dy ’t dêr dit wykein binne, dat dy goed om har hinne sjogge en at se wer tús komme, dan wolle se fertelle dat Sven gelyk hat en dat Thialf ek dat en dat dwaan moat. En Bertus Butter hat fansels al lang útrekkene hokker part hy fertsjinje kin fan de 50 miljoen dy’t de provinsje beskikber stelt hat, njonken noch 10 foar Ljouwert. Fertelle oan, beskikber stelle oan. Oan wa eins. Wa wurdt aanst de nije eigner fan Thialf. Nimmen dy’t it wit. Ik besykje it wat nei te gean, mar ik kin eins net mear fine as dat Konst, de deputeare

it tegearre mei wethâlder Buwalda docht, en fansels sit boargemaster Van der Zwan der ek wat yn om te griemen. Mar mei wa dogge se dat eins. Sju neffens it projektfoarstel Nij Thialf is fanwege de jurydyske foarmjouwing keazen foar in separate Onroerend Goed BV, dy’t dan ek eksploiteare moatte. Ik wit net wat in separate Onroerend Goed BV is, mar ús heit hat altyd tsjin my sein dat je nea witte as de lju yn onroerend goed wol doge, en BV’s wiene wol hiel gefaarlik. Ik wit net at soks wol doogt jonge. Mar der stiet by dat Thialf eigendom wurdt fan de oerheid. No ja en dan komme der noch in hiel soad muoilike swiere jurydyske wurden, mar je moat it sa sjen dat Konst en vd Zwan Thialf ha en dan wat minsken ynhiere om it te eksploiteren. Werom at soks wichtich is? No, dat sil ik jim fertelle. Yn 2001 stoar Abe Bonnema. Hy liet wat jild, in miljoen as 18, nei om in nij Fries Museum te bouen. It duorre nochal efkes en de ambysjes waarden hieltyd grutter, mar it stiet der no. Foar it dûbele. Hindert neat, at je earne oars jild weiskuorre kinne en je kin dan wat meitsje wermei’t Ljouwert 2018 goed te liif kin, en wat it oansjoch moaier makket, okee. Mar dan wurde der ynienen omt it safolle kostet in 10 tal minsken ûntslein En no begjinne jim allegear, ja mar oerál binne ûntslaggen, en we libje yn in minne tiid en it wie allegear net te foarsjen. Unsin. Der wie presies bekind wat it museum kostje moast en hoe’t je it eksploiteare moate soenen. It kin net dat je no yn in perioade fan opbou sitte en dan ynienen konstateare, hee eins ha we tefolle minsken yn tsjinst. Jawis tidens de bou is al konstateard dat de eksploitaasje wol ris ferlies jaan kin. Dus doe wie al ôfpraat om it te ferbouen, en dan pas ûntdekke dat der ferlies wêze soe. Ja, oerheidsynstellinkje he. Dêr ha se dus neat oan dien. No moat se sels de saaklik direkteur ek dien jaan. Soe dat wêze omt hy net soarge hat dat je betinke hoe’t je de eksploitaasje nei ûnderen bringen, of moat der net ien bliuwe dy ’t rekkenje kin. Mar je moat no konstateare dat it tinken foar dy nijbou net goed dien is. Je kin oeral wol hele djoere rommel delsmite, mar je moat je eksploitaasje wol fiere kinne. En no wit ik wol, pas at de âlde museum gebouen ferkocht binne kin de eksploitaasje wer wat draaie, mar it sleauwe net goed foarútsjende gedoch makket my al wat ûnwis foar de nijbou fan Thialf.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s