Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

22 03 13

Ferdorie, no is it 22 maart, en no moat ik aanst rúten skrabje op de auto. En at ik earne de skurft oan ha. En dy ferfelende Piet Paulusma hat sakrekt foarsein dat we in kâld, watte, in  tige tige kâld wykein krije sille. Alle rekords wurde brutsen. Juster wie’t noch in sunich sintsje en at je net bûten kamen koe’t wol. Mar sneon -18 en at it snein sneit, sille moandei alle file rekords ek noch wer brutsen wurde, want sa sit dit lân yn elkoar. Mar dy winter dy’t aloan mar trochgiet en trochgiet, it is dochs hast net te leauwen, it raast oan alle protters dy’t mar lekker mei syn hûnderten op ien takke sitten bliuwe fanwege de waarmte. Ja fansels it hat wolris swierder, dreger en slimmer west, ik wit it. Ik kin my noch yn it sin bringe dat mids simmer, yn july, noch iis fûn waard yn in kuilbulten. Ja ik wit wol, yn de kuilpakken komt dat tsjintwurdich net mear foar, mar yn sa’n  dikke bulte wol, sa koene je ek goed sjen hoe isolearjend at in goede kuillaach wêze kin. Iis yn’e kuilbulte, ’47, ’63 ek yn ’79, no dan wie’t hielendal net sa plesierich efkes in pear stikken bolle op te iten tsjin de bulte oan. Mar ik sil it jim noch sterker fertelle, ús heit hat yn 1929 op syn jierdei, dat is op 16 maart, it doe noch oanwêzige iis op de sleat efter hûs kapt. En hy moast in meter djip trochslaan en doe wie der op de boaijum fan de sleat, en doe hie hy noch gjin wetter sjoen. Safolle iis wie der doe noch, no dat wie op 22 maart ek noch net fuort. Dus we ha’t wol faker hân, we jouwe it ta, mar we ha fansels wol deeglik ús nocht fan dit winterske gedoch. Idioaten.  Sa’n idioate wyn, hat de hiele winter net yn de noardeasthoeke wollen, mar no yn de maaitiid bliuwt er der sitten as joech Poetin alle dagen in slokje. Mar wy sitte in wike foar peaske. Aaien fyn je net yn it fjild, de fûgels sitte yn de hoeke fan de greide har te waarmjen oan wat yn de brân stutsen gêrs, net folle, want dat echte hienen de guozzen al opfretten. Aaisikers stean  mei de hannen yn’e bûse by de brêge, net te lan g, sil we mar efkes de kroech yn en ha dan sterke ferhalen oer earste ljipaaien dy’t op 5 maart fûn waarden, doe’t de maaitiiden noch maaitiiden wiene. We ha ien moaie wike hân, en doe soenen we fan alles dwaan, mar ik frees foar de trije beamkes dy’t  buorman yn syn tún setten  hat. En ik woe sels ek wol dat ik dy iene dei net trochsnoeid hie, want de klimop sjocht my alle dagen fertrietlik  oan, skeef oer de simmerstuollen dy’t noch stiif ûnder it oranje winterkleed sitte, miskien kin we septimber dat der noch efkes ôfdwaan. Mar buorman sinen en myn gefoelens dogge der net ta, it is net oars. Mar ik hearde camping- en rekreaasjehûskebazen dy doare net iens de hûskes te ferhieren in wike foar peaske, at in soad dutsers al went wiene te kommen. Want it wetter is ôfsletten en je kin dat der mei dit waar net opsette. De brêgewachters ha de pet wer opsetten, se moatte mei de peaske wer draaie, mar de boaten komme net troch it iis hinne. De garaazjehâlders bin benaud foar maaie, dan ha se in soad apk , mar no moat se ek noch alle simmerbannen der pas omsette. Fisken, wjirms en mollen lizze juny noch yn de wintersliep, en de fûgels ha dus gjin fretten. De ferkeap fan barbecues is mei 105 persint sakke, se smite se de winkeliers ek al nei de harsus. Sipels, woartels, suer- en boerekoal , it falt net oan te slepen, de stampotten raze noch oer de brânders. Boateferhierders sette noch neat yn it wetter, te riskant. Krisislannen as Nederlân moat rekken hâlde mei nije besunigings omdat de kachels moannen langer bârnen bliuwe op folle krêft. De boeren, de leanbedriuwen kin neat dwaan, it lân is noch sa skier as de hel. Maxima hat al in iismûtse yn Milaan helle foar 30 april. Want it waarberjocht foar nije wike is: fierstentekâld foar de tiid fan it jier.  Idioaten. 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s