Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

25 03 13

Beroemde minsken bin sa beroemd, dêrfan wurde faak de geboartedata fierd. Elke kear at it 8 jannewaris is, dan tink ik wer, o doe yn 1928, in jier foar dy swiere alvestêddetocht mei Karst Leemburg as winner, doe waard Jeen van der Berg berne op de Feanhoop. Sa sille wy de kommende jierren ek elke 1 febrewaris mei skrik wekker wurde, want dan moat de flagge út, want op 1 febrewaris 1986  waard Jorrit Bergsma yn Boarn berne. En hjoed, mar dat wit jim fansels ek, wie de geboartedei fan Kaat Mossel. No wie dat yn 1723, dus miskien is dat wat te fier fuort, no ja Patty Brard hat hjoed ek it ljocht sjoen, mar dêrnei noait wer. Soks bin we allegear hiel bekind mei. Mar we krije der noch in dei by: 6 maaie. Ja dat is dei dat George Clooney berne waard en dat Pim Fortuyn deasketten waard, mar dat falt yn it neat by ús nije omtinken foar dizze dei.  Op 6 maaie 1971 waard yn Voorburg Carla Faber berne. Wit jim miskien noch net wa´t Carla Faber is, mar jûn wit jim it allegear. Dan  wurdt se yn in geweldige triomftocht op de skouders droegen. Fanút Peasens sa nei de hillige Waadsee, en dan wurdt se boppe op de Stiennen Man set en dan  raast it publyk, do Carla Dik-Faber, want se is yntusken ek noch trout, do Carla Dik-Faber bist ús stiennen man. Want ik kin it jim no wol fertelle, Carla Dik Faber komt hjoed yn Fryslân. Yn it Waadgebiet. Carla Dik Faber, hast 42 jier, hat de normale wei rûn fan in kristlike keunsthistoaryske frou, se is is earst gemeenteriedslid wurden yn Veenendaal, doe is se steatelid wurden, doe is se dêr ek noch fraksjefoarsitter wurden, dan mei je yn de kristlike partijen ek begjinne te praten. Se siet earst yn de RPF en is no dus ChristenUnie, en no al wer sa’n twahûndert dagen Twadde Keamerlid. Se hie ús dêr  noch net yn de wei west, mar dat feroaret dus hjoed. Se komt hjir hinne en sil dan yn Peasens sizze “ich bin ein Peazener”, mark my words, se sil sizze dat at je alle ekonomyske aktiviteiten yn it Waadgebiet optelle, dat der dan skea dien  wurdt oan  natoer en milieu. Dus al dy ekonomyske aktiviteiten dogge apart net in lover kwea, mar optelt wol. We sille ferstomd stean. En  stom, want dat we dêr al dy jierren net oan takaam binne om ús dat ek te realisearjen. Se sil sizze dat der tefolle ynstânsjes en oerheidsorganisaasjes binne dy´t individueel beslissingen nimme kinne en dan  net sjen kinne of wolle wat it betsjut foar it grutte gehiel. Snap jim it. Se neamt soks cumulatieve effecten. Wy wolle gewoan tefolle. Inkel dat ha we net sein, want we wisten it net. Wat moat wy bliid wêze dat Carla Dik-Faber ús dat hjoed útlizze sil. Normale Keamerleden komme om ús wat te freegjen, Carla Dik-Fab er sil it ús útlizze. Utlizze?? Utlizze? Docht se dan neat? Ja se praat mei allerhande minsken dy´t ek noed stean foar duorsum, miljeu, natoer, ecologie, en wat al net mear yn de grize sokketerminologie sit, en se leit it út.  Cumulatief. Mar se docht neat?  No ja se hat al fragen stelt oan de steatsiktaris fan  Ekonomyske zaken Sharon Dijksma. Dijksma, ja dy is dy Verdaas opfolge, dy wenne der wat raar yn om en riidt hieltyd hin en wer tusken Zwolle en Arnhem, en nimmen wist wa´t dat betelle hie of sa. No ja, Dijksma. Nee Dik. En Dik seit yn dy fragen oan Dijksma “soenen jo no net by noch mear fan dy sâltfergunnings ris nei it kumulatieve effekt sjen wolle”. Dat doar je dan sa mar te freegjen. De minsken yn Peasens sille , at se dat foarlêst dat se dy fragen stelt  hat, wol trije oeren stean te klappen. Net allegear. Der sit in wat âldere Waddenferieningman yn in hoekje. En dy seit tsjin syn buorman “wy bin dochs oprjochte fanwege dat wurd kumulatief?” En dan giet syn buorman sitten en seit, “do hast gelyk. Mar doe ha we echt gjin applaus krigen fan lytse kristlike partijen”. 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s