Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

26 03 13

 

In woest bosk papier is op myn buro delwappere. Ik leau wol dat it oarspronkelik allegear mailtsjes wiene, mar ik sit yn de leeftiid dat je soks dochs wer printe, dan sjoch je der nei as je der mei oan it wurk binne. En ik moat der heel goed nei sjen, want ik begryp it eins hielendal net wat der allegear opstiet. De bedriuwekontaktdagen bin der net mear en dus begjinne hjoed twa dagen yn de âlde Frieslandhal, it WTC it World Trade Centre, wer’t bedriuwen kontakt mei elkoar ha sille en harsels presinteare, presies krekt as altyd op de bedriuwekontaktdagen. Sels de iepener is gelyk bleaun, de boargemaster fan Ljouwert hat soks fêst yn aginda stean. En dêrnei wer de like tradysjonele ûnbegryplike diskusje, dizkear oer netwurkjen 2.0. Sokke sifers moat jim daliks wer ferjitte, dêrmei joue de 30-ers yn ús mienskip oan dat se bedoele dat it fan hjoeddedei is. Se neame it yn de oanpriziging ek in spetterjende diskusje, mei Bernd Damme oprjochter fan Cravatte Pelliano, der giet in wereld fan ûnbegryp foar my iepen, Bertina van der Berg fan Berino, the art of Beauty en Ferdi Bolland, o dy kin ik, lietsjesskriuwer, dy wurdt dus ek oankundige as songwriter, want de teksten bin alhiel ingelsk fansels om mar safolle mooglik Friezen binnen de doarren te krijen, want ik kin my net foartstelle dat dy bedriuwen inkel foar wat geâldehoer mei elkoar hiele moaie stands opboue. Mar it is nij, miskien wurdt ús ek net frege te kommen. It hiet dus ek oars, koenen we it wurd bedrijvencontact dagen noch begripe, no is it Trade Experience Ljouwert. TEL . Wat is TEL? No sizze se, gjin tradysjonele sakebeurs, nee, een frisse nieuwe impuls aan efficiënt netwerken. In oantreklik netwerktafelkonsept, wat soks ek wêze mei. Legere tarieven, oars hiene se net mear in bedriuw der yn kringen. Der is in workshopplein, dêr kin je diskusieare, mar der is ek in grut horekaterras. Nee it is noch gjin terraswaar, mar ik wik jim dat dy minsken fan gemeenten en bedriuwen dêr de hiele dei en jûn sitte te netwurkjen, want sa neame se dat gesûp. Ach lit mar, it mei wol, mar sis net dat it allegear feroare is en nij is, want it is itselde byld as de bedriuwekontaktdagen. Je ha dêr ek, krekt as altyd, ek wer allerhande ynklaaide saken, dy’t as fanâlds wer moai passe op ditsoarte dagen, dan hoech je net wer apart nei Ljouwert. Fannemiddei om fiif oere is de netwerkborrel, al wer sûpe, fan de gemeente Ljouwert en de Kommersiele Klub Ljouwert. En dêr wurdt bekind wa’t de nije ûndernimmerspriis fan Ljouwert wûn hat. Wat der nij oan is wurdt ús net ferteld, wol dat der hiel entosjast reagearre is op sa’n nije ûndernimmerspriis, omt de bedriuwen op fiif, ja ja mar leafst fiif eleminten besjoen binne, marketing, finânsjes, duorsemens, ynnovaasje en strategy. Allegear heel nije dingen. Blykber, inkel bestean se al like lang as dat je ûndernimmers mei elkoar fergelykje, wat op’m sels al ûnlogysk is. En dan blike der fan de 57 dielnimers, ha we net mear bedriuwen yn Ljouwert, ek noch seis bedriuwen útrolle dy’t no nomineard binne, dan kin je altyd letter sizze , ik wie dan wol net winner, mar ik wie wol nomineard hear. It stiet o sa moai op je cv. Want dy lju dogge it eins ek mear as de bedriuwen, se bin sels wer nei skoalle west. En it wiene yn de lêste perioade en wiken dus de bêste jonkjes en famkes fan de klassen, o sa goed yn harren Citotoets. Se ha har dwaande hâlden mei ynnovaasjesesjes mei trendwatcher Adjiedj Bakas, en se hienen ek noch presintaasje en mediatraining, no dan kin we gerêst wêze, de winner komt o sa experienced foar de mikrofoan, en dat is wol hiel moai op de Trade Experience Leeuwarden. Wit jim hoe’t dy priis hiet. De HET. De HET wurdt fannemiddei útrikt op de TEL. We libje yn in frjemde wrâld.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s