Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

27 03 13

Je kin mei dit waar toch it lân net yn. It is te kâld en de fûgels ha de ferwaarming oanset en sitte te klommerjen yn de hoeke, ha alhiel gjin nocht oan feilen of aailizzen. Dus kinne  dy fûgeltsjelju moai wat om har hinne sjen. En wat seagen se, want se bleauen fansels yn’e hûs, se seagen op de tekeningen hoe’t de dykjes om bygelyks de Gaastmar hinne noch al ophege wurde sille. Dat hienen se fansels al in jier lyn sjoen doe’t dy 100 miljoen dêrfoar beskikber stelt waard troch it wetterskip, want dat hat in dûbel plan: der moat ek noch in gemaal by en mei dy hegere dykjes bin der twa mooglikheden om de stiigjende see en de sakjende sâlt- en gasgrûn goed te liif te kinnen. Safty first. En de âlde CDA-ers wolle fansels mei droege sokken oer harren lân kinne, dat is de boeren as in jarremasjine yndruid en derfoar ha se de wetterskippen as harren belangeorganisaasjes oprjochte. Mar dat wetterskip kin ek wol wiet hear. Ja, want dy fûgeltsjelju ha no op dy tekeningen sjoen dat se it lân bûten de hegere dykjes nei de mar ta wat mear ûnder wetter ha wolle. Bûtlannen sizze we mei gefoel foar humor. Mar wetter, wetterskipsjonges, ferrûget dy bûtlannen. Der komt allegear reit en boskjes gedoch. Dat stiet net moai oan de Heegemermar, in mar heart yn Fryslân yn it iepen fjild te lizzen, oars binne it boskmarkes en dy sjoch we wol yn Switserlân en Vietnam. Mar wat bart der yn ferrûge, wiete kriten. Just, dêr komme de moardners. De rôffûgels. En wat ha rôffûgels foar hobby, dy frette jonge greidfûgels op. En de fûgeltsjelju besykje safolle mooglik fan dy jonge fûgels te bewarjen, dat bin wer streekjes yn harren statistieken en mei dy statistiekjes yn de hân kin je dan bewize dat je miskien in bytsje gelyk bleaun kinne yn de griedefûgeltallen, dy’t fierder oeral ôfnimme. Sterker, de boeren by de Gaastmar, se bin sammele yn  de skriezekrite idzegea, fine dy streekjes ek wol moai, want dan  kin se ek wer wat sinten byskriuwe op de leech reitsjende rekkens. Dus dy boeren bin ek yn de penne klom en ha de fûgeltsjelju stipe: kin dat dêr oan de igge fan de Heegemermar net wat oars. No moat je fansels ek net it wetterskip op’e bealch jaan foar alles wat der yn de Fryske wrâld bart. Ik bedoel it is no krekt trochkrong yn wetterskipskringen dat je oan de bûtenkant fan dy dykjes moai wat natoerfreonlik bûtlân meitsje kinne. Sju sizze se, dêr yn Earnewâld en de Feanhoop stiet dochs ek allegear rûchte oan de kant en dat fine de minsken moai, de Alde Feanen is toch nasjonaal park, soe de Heegemermar dat ek net wurde kinne at jim it hjir al sa goed dogge foar de natoer  mei it aaien fan de skriezen en ljippen. En dy mûzebiters en hoarnsskrobbers dy’t yn dy lege boskjes en it hege reit sitte en nêstelje bin dochs ek beskerme fûgels. Sa kom je dus noait fierder. It docht bliken, benammen ek yn dy diskusjes om de kening fan’e greide, de skries, hinne, dat elkenien seit we dogge allegear ús úterste bêst. Fûgeltsjelju, fjildminsken, jagers, it Fryske Gea, Staatsbosbehear, it wetterskip Fryslân, de boeren, perfesser Theunis Piersma, de provinsje, neam mar op, mar at it ienige doel is beskermje de greidefûgels, dan slagget dat muoisum, dus net. Je kin sizze dan joue we it op en litte ús oernimme en meinimme troch in oare natoer. Of je gean der noch ien kear tsjinoan mar dan wolle al dy beskermers mar ien ding: de predaasje oplosse. Ljochtbakken om foksen te sjitten. Fangkooien foar de roek en krie. En hielendal gjin boskjeguod yn it fjild of om it fjild hinne, sadat de mûzebiters en hoarnsskrobbers inkel noch yn sônes sitte dêr’t se foar de greidefûgels gjin kwea kinne. Mar dan blykt dat partijvoordedierelju in leger foarmje om jo leaver te sjitten as dy foks of rôffûgel. Of it blykt dat in wetterskip tinkt dat se de natoer in tsjinst bewize, mar oare natoerminsken wer yn de sek naaie. It is mei de natoer krekt sa as mei alles: kom no ris in kear ta ien belied. Mar tsja, dat is sels yn Fryslân net mooglik. 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s