Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

29 03 13

 

Hjoed is it Goedfreed. Eins Goede Freed, want it is offisieel Goede Vrijdag. Wy Friezen bin wat hastich, dus is it goedfreed, net te lang oer âldehoere, it is in dei dat je foar de peaske meast frij nimme dan ha je in moai wat langer wykein. De measte minsken witte neat fan de betsjutting fan Goedfreed. Ja, hjir en dêr wit noch wol immen dat it giet om de dei dat Jezus krúsige waard. It frjemde dêrfan is wol, dat Goedfreed nea op deselde dei falt, je soenen sizze dat noch wol immen dat yndertiid goed opskreaun hat wannear at dat wie. It is dus in symboalyske dei. At ik dan freegje wêrom at de dei dat Jezus krúsige waard en dus dea gie, werom at dat in goede freed is, dan bin der noch mear dy’t dat net witte. Omt it in symboalyske dei is, moat je dêrfan ek de symboliek sjen, God liet op dy dei syn soan krusigje foar ús sonden, dus dêrmei wurdt de dei wer goed, want ús sonden bin ek wer fuort. Boppedat goed, omt we midden yn in feestwike site. We bin juster al begûn hear. Witte donderdag. Nee net wyt fanwege de snie en it iis, symboalyske witte donderdag. Dat wit jim toch wol. Dan begjint dy feestwike. Mei it Laatste Avondmaal. Ja it is miskien frjemd de feestwike te begjinnen mei it lêste miel, mar ik ha nearne lêzen dat je de rest fan de wike neat ite meie, dy aaien moat toch ek op. De witte donderdag is it begjin fan it triduum sacrum. Dat bestiet út tri, trije dagen.Wite tongersdei mei dat miel, dan wurdt Jezus dus de folgjende dei krusige en dan folget sneon, moarn Stille Zaterdag. Stil, omt it de lêste dei fan de vasten is, yn it Frysk offisieel de fêsten, en ek de ein fan de lijenswike op wei nei it Peaskewykein. Dus der is it lêst fan de fêsten noch wol in lêste miel, oh dan ha je dochs net sa bot te lijen. Mar ssst, stille sneon. Dan komme de Peaskedagen. Dat hat yn de ferskate tsjerken wol wat in ferskillende oanset, mar grûngedachte is dat trije dagen nei de krusiging Jezus wer opstien is en noch oan Himelfeartsdei syn wurk dien hat. Dat opstean moat dan bard wêze op Peaskemoandei, mar dat wurdt Peaskesnein al fierd en dan ha wy de moandeis der wer by dien omt we dit sa wichtich fûnen, dêr koenen je wol twa dagen wille oan ha, mar dat dogge se yn oare lannen net. It singeliere is, dat dizze feestwike dus allerhande dingen betinkt, dy’t yndertiid op in bepaalde dei wiene, mar it feest feroaret hieltiid fan datum. Peaske is de earste snein nei de earste folle moanne fan de maaitiid, dy’t dan wer op de sinne oanwiisd is. Dat betsjut dat dy maaitiid 20 maart begjint. De earste folle moanne wie juster en dan is it daliks rekke. No en Himelferatsdei dochj je dêr dan wer 40 dagen nei, en Pinkster 50, wylst Kryst neat mei folle moanne te krijen hat. It nuvere is no dat de tsjerken yndertiid sels ôfwykt binne. Want eins is Peaske gewoan it maaitiidsfeest fan de heidenen. En dy smieten dy moanne der yn, se moasten dochs wat leauwe. Op it konsilie fan Nicea yn 325 nei Kristus ha se besletten dat de rituelen fan it heidenske feest folge wurde moasten. De gedachte dêrby stiet my net mear helder foar de geast, mar ik tink dat mear feestjes yn dy maaitiid wat tefolle wie. Boppedat wie der hope dat de heidenen yn harren feest wat gauer yn tsjerke sieten, want der is fansels wol geweldige musyk by betocht, de Mattheus Passion. No moat wol sein wurde dat in maaitiidsfeest kommend wykein tige oerdreaun is. It is mear Wite peaske, yn it fjild bin de fûgels stil, en foar it toerisme, oars goed foar in soad sinten, liket it net goed. De nije paus sil ek net betankje foar de blommen, dy hearre der dizkear net by. Hy beheind him ta urbi et orbi. En dat is wer foar elk gelyk. 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s