Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

02 04 13

 

Rein Jan Hoekstra. It is ien fan de meast ferneamde Friezen. Mar de measten kinne him net. No wie it ek al 1941 dat er berne waard yn Dokkum, dêr wit we net alles mear fan. Dan wurdt je dus lid fan de AR, de anti revolutionaire partij, mar dat wist der doe yn Dokkum noch net. Hy brocht syn jeugd nammentlik troch yn Stadskonoal, helle dêr it gymnasium en kaam fia de universiteit fan Grins yn it westen telânne. Earst noch as simpel abbekaat, mar letter fanôf 1970 lutsen de ministeries oan him. Fan 1975 oant 1994 wie hy riedsman, siktaris/generaal fan de minister presidint, dus fan Den Uyl, van Agt en Lubbers. Kok joech him wer dien, mar doe wie Rein ek âld genôch om trochskood te wurden nei de Ried fan State. En wat dizze dagen ek wol moai is, hy hat Maxima leard hoe idioat yngewikkeld ús steatsbestel is. It bin fan dy heal polityke, heal amtlike jonges. Hy hat noch in pear kear ynformateur of ferkenner west tidens de formaasjes, hy hat ek hiel wat kommisjes lieden. En hy is net benaud hear, typyske Fries, hy hat dit jier noch gewoan sein dat it ministerie fan ynlânske saken yngripe moatten hie by de idioat lieden wenteboukoöperaasje Vesta. Hy hat ek noch de dea fan Fortuyn mei ûndersocht, mar koe him net wer ta libben bringe. Dizze Rein Jan Hoekstra, nea wer werom west yn Fryslân, is likegoed hjoed foar ús wichiger as alle politisi yn Den Haach. At je in man ha dy’t wend is swiere e kommisjes en kloaterige ministers presidenten op it goede plak te krijen, dan wurdt der ek yn oare saken nei jo sjoen en harke, dan binne oare kommisjeleden wat beskiedener. En dizze Rein Jan Hoekstra is hjoed de kommisje Hoekstra , nei him neamd te deale, de kommisje Hoekstra, de en no moat ik de ynstellingsbrief efkes lêze, de tydlike kommisje garandearjen Fryske Taal yn’e media. Fryske taal yn de media. Der sieten noch twa minsken yn dy kommisje: Inge Brakman eartiids siktaresse fan de sjoernalisteklub en Ben Groenendijk yn it sâlt bebiten yn mediasaken yn it Hilversumse. Hat ek noch in tiidsje direkteur fan mienskiplike regionale omroppen west. Gjin rare minsken, mar wy Friezen moat it fansels ha fan Rein. De kommisje hat goed wurk levere, se moasten 26 maart klear wêze, no dat wiene se ek, alles is no printe en fannemiddei kin de sjoernalisten út Fryslân mar komme om der nei te freegjen, want oars interesseart it de lju fansels net in hol. Us wol. It giet oer it Frysk, mar it giet ek om jild. Sju, de striid foar it Frysk, ea begûn op Kneppelfreed, hat úteinlik syn gerak krige, der is yn de wet opnaam dat Frysk de twadde rykstaal is . Doe hat Europa der oan keppele dat je dan ek soargje moatte foar ynstruminten om soks út te fieren. De provinsje Fryslân hat sein, dat is wat te nuodlik foar jim, jou ús it jild derfoar mar en wy soargje wol dat we it dan útfiere. It Frysk is fan ús. No ja doe siet de minister mei de mûle fol tosken en in lege beurs, dat no moat Rein Hoekstra it mar sizze. Krijt Fryslân jild , sadat je dêrmei de kranten dy ’t fan hjoed ôf moarns ferskine besykje te stypjen om wat mear as 5 persint Frysk te dwaan. Kin je de Omrop stypje sadat dy net aanst mei alle oare regionale omroppen nei in oerke tillefyzje moat sadat je de lêste slach op de PC net iens meinimme kinne, of krijt dy de frijheid it eigen paad te sykjen. De provinsje moat ynstruminten ha om it taalbelied stâl te jaan. Ekstra jild. Mar as de Nederlânske taal alle oeren fan de dei op tillefyzje, radio, ynternet en kranten opkwikt wurde kin, dan is it andert dochs simpel, dan kin je de Fryske taal toch net inkel yn it himd yn de wet stean litte. Toch, Rein? 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s