Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

03 04 13

Yndertiid is der in wet oannaam dat njonken it ryk, de provinsjes, no ek elke gemeente syn eigen rekkenkeamer ha moat. Seis Fryske gemeenten ha neffens de Ljouwerter Krante gjin rekkenkeamer. Ja, se ha‘m wol, mar hy is  ynaktyf. Wa´t dêr dan yn sitte wit ik ek net, mar wa´t  it ek is, hy of sy is ynaktyf. In aktyve rekkenkeamer docht ûndersyk nei allerhande dingen. De noardelike rekkenkeamer……  ja no moat ik earst wat útlizze, sju eins moatte de provinsjes in rekkenkeamer ha, mar omt it noarden dochs by elkoar komt is der dus in noardelike rekkenkeamer Fryslân hat dêr fansels tsjin protesteard, mar doe sei de regearing jim moat mar leare fan de Grinzer lju. Dy noardelike rekkenkeamer heare we de kommende fiif jier neat fan, want dy hâldt him no dwaande mei de kulturele haadsstêd Ljouwert, siz mar Fryslân. Dat skynt sa allemachtich yngewikkeld te wêzen, dat se dêr pas út binne fier neidat Fryslân siz mar Ljouwert allang ôfserveard is, omt it net te leauwen is dat je der sa’n bedrach foar op it kleed lizze dat in rekkenkeamer nedich is om it allegear nei te rekkenjen, begripe jim it noch, ik ek net. No dy noardelike rekkenkeamer dy hat ek  neirekkene dat de provinsje Fryslân tefolle grûn oankeapet foar tefolle sinten. It skynt sa te wêzen dat in rekkenkeamer dat bepale kin, wylst neffens my hannel gewoan hannel is, en de provinsje inkel yn de Wâlden tefolle jild betelle en tefolle grûn oankeapje moast, dy lju kin altyd noch better hannelje as hokker rekkenkeamer ek. In rekkenkeamer foar it oare bestiet út in tal jappannerkes, rekkenmasientsjes, en in pear minsken dy’t dêrnei útlizze dat it ferkeard sit. Unôfhinklike minsken, mar wa is tsjintwurdich ûnôfhinklik. Seis gemeenten yn Fryslân ha net sa’n rekkenkeamer. Da’s in heech getal, mar Fryslân is ek sawat de lêste provinsje mei safolle minigemeenten, dus yn dy sin falt it wer ta. Sju je kin wol lulk wurde dat Boarnsterhim net in rekkenkeamer hat, mar sûnt de oprjochting fan 1984 hat se yn Boarnsterhim sels noch nea rekkene. Boppedat ha se no, no’t se terminaal binne, trije ûnôfhinklike wethâlders beneamd, da’s in rekkenkeamer op ‘m sels. Skiermûntseach hat ek gjin rekkenkeamer, mar dêr is de ried noch hieltyd oan it útsykjen wat je bûten dat iene feltsje mei sifers noch mear berekkenje wolle, der bin gjin mear sifers.  Dus dy beide, is net slim. Mar dan dy fjouwer noardwestelike gemeenten, Ljouwerteradiel, it Bildt, Ferwerteradiel en Menameradiel, Da’s wol ferfelend. En it komt ek net goed. Wis, wis, ik soe net graach yn in rekkenkeamer fan it Bildt sitte wolle,  dy Bildkers rekkenje ek yn it Biltsk, mar se soenen eins al in pear lju ha moatte dy’t tafersjoch ha. Want de measten fan  dy gemeenten leauwe noch hieltyd dat se gewoan selsstandich bestean bliuwe kinne. Der hat noch nea immen west dy´t seit, jongens ik ha´t efkes berekkene, mar jim soargje derfoar dat jim ynwenners in apart hege gemeentelike belesting betelje moatte, omt jim oars net rûnkomme kinne. Yn Ljouwerteradiel hat sa´n nije boargemaster dat útrekkene en ferteld, no doe wiene se gau dach fan harren  Middelseeplantsjes en se skoue no moai ûnder Ljouwert , hoe hurder hoe better. Mar Tom fan Mourik, hy is waarnimmend boargemaster fan Menameradiel. Waarnimmend, dat is de hobby fan de wethâlders fan Ljouwert, dy´t allegear longerje om krekt se heech te fallen as Peter den Oudsten. Mar de waarnimmend boargemaster fan Menameradiel seit op de fraach fan de Ljouwerter Krante sjoernalist ja do hast gelyk we ha net in gemeentelike rekkenkeamer, de ried fynt it net nedich. It kin wêze dat myn Ljouwerter Krante kollega wat op in apart tiidstip skille hat, fanwege it no moarns ferskinen fan de krante en dat Van Mourik net al te bot útsliept wie, mar it wie fansels it foute andert fan Van Mourik. Dy fynt it dus bêst at de ried fan Menameradiel it goed fynt dat je de wet net neikomme. Mar ja, at dat no de ienige wize is, werop at Menameradiel krekt sa lang bestean bliuwe kin as dat Tom waarnimme wol…., tsja. Want dêrnei  komt der in rekkenkeamer en dus in fúzje mei  Frentsjer.    

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s