Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

04 04 13

 

Kompjoeter, mobiele tillefoan, laptop, i-phone, tablet….. wat is ús de lêste jierren net oerkaam. De earste mobiele tillefoan hearde ik juster is al fjirtich jier âld. Doe sieten wy noch mei ien sa’n ding by Radio Fryslân, dy’t op in accu siet. Mar dy koenen we nea brûke, want dy hie de direkteur altyd mei, want dan koe hy ridende efter de auto fan de direkteur fan Radio Noard moai tegearre âldehoerend nei Hilversum ta. Mar goed, we hienen sa’n ding, dus de mobilofoan dy’t we krigen nei de sniewinter fan 79, doe hienen we him nedich hân mar hienen ‘m noch net, dy nije is nea brûkt, dy leit yn ús museum, at dat der wêze soe. Wat dêrnei oer ús kaam, jim witte it allegear, at je net in mobyltabletsje ha mei android of apple, dan doch je net mear mei yn dizze wrâld. Ek al bin je hielendal kwyt hoe’t soks ek al wer wurket en sit der net iens ûnlêsbere learboekjes by, want dy lêst dochs net ien. Boppedat ha je allegear wol in jongere yn de famylje en dy fertelt it dan skodholjend en ûngeduldich, no sá ju. Mar aanst om twa oere komt der wat nijs yn Fryslân. Noch moderner, je kin it je hast net foarstelle dat immen it betocht hat. Ungelooflik. At jo tenei in tillefoantsje ha nei it gemeentehûs fan Frentsjeteradiel, fan Harns, fan Littenseradiel, fan Súdwest Fryslân, fan Lemsterlân, Gaasterlân Sleat, Skarsterlân, of nei dat offisieel net besteande fan de Friese Meren en jo belje op jo tillefoan 14 en dernei it netnûmer fan dy gemeente, dan wurde jo ferbûn mei it gemeentehûs. It is dochs net te leauwen. Ha se sels wol in tillefoannûmer mar as je dat fuortdonderje en je draaie of toetse dan wol efkes 14 en dat doch je earst foar it netnûmer, dan kom jo dêr te lânne wer’t jo telânne komme moatte. Geweldich, oerdonderjend, wat in technyk, 14+netnûmer en je bin te plak. Hoewol, je bin noch net hielendal te plak, want jo komme op de ôfdieling KCC. Yn moai hollânsk/ingelsk hjit soks klanten contactcentre. Dy kin jo dan moai trochferbine mei degene dy’t je ha moatte. Dy krij je net, want dy krij je ek net at jo de tillefoaniste gewoan skille hiene, mar goed, jo bin dochs in stap fierder. Guon KCC-ers yn dit lân wurkje nammentlik ek sa dat se opskriuwe dat jo skille ha en it giet soms safier dat se dat ek trochjoue nei de man of frou dy’t je ha woene, mar dy ferliest it bryfke echt wol hear, jo komme der echt net. Dat is de stratezjy op gemeentehûzen. Amtners wolle nammentlik gjin ferantwurdlikheden ha, en …..moarn frou, Omrop Fryslân, ik soe graach de boargemaster efkes sprekke wolle. Wêroer. Dat giet jo neat oan, mar der komt in wolk arsenicum op jim ôf. Ik ferbyn jo troch. Foarljochting. O nee dat hiet Kommunikaasje. Ja, ik woe graach de boargemaster efkes sprekke. Dat kin net. Jo kin it my fertelle. Dat kin wol mar jo wite net wat je dwaam moatte mei in wolk arsenicum. Ik ferbyn jo troch. Siktaresse fan de boargemaster. Soe ik de boargemaster efkes sprekke kinne. Nee hear , dy bringt syn soantsje nei skoalle en dan giet hy nei in 100 jier âlde man. De boargemaster is der moarn wer, doeeg. En at je dan ek noch witte dat op guon gemeentehuzen dy’t no meidogge oan dat 14+ gedoch de tillefoaniste dêr it hiele kcc is. En at je dan ek noch witte dat dy gemeenten dy ’t har hjoed byfoegje al opfolgers binne fan Ljouwert en de noardeastlike gemeenten, lykas Kollumerlân en Dantumadiel, en dat we dêr net in wêzentlike ferbettering sjoen ha fan hoe berik ik de man/frou dy’t ik nedich ha op it gemeentehûs. En at je yn Waldsein oant Starum wenje dan is it netnûmer r 0514, mar jo moat belje 0515, ja dan wurdt de betizing folslein, no dan soe ik sizze gemeenten set yn jim brieven no efkes it mobiele nûmer fan de man dy’t je werom berochtsje moatte, dan soe alles better wurde. Dy boargemaster hoe’k net mear, dy is al ôfset nei dy arsenicumramp.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s