Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

08 04 13

 

Hjoed sil de Twadde Keamer prate oer de besunigins op de diken yn Nederlân. It sil wol yn de kommisje barre, want Lutz Jacobi sit yn Nij Bethanië, en it sil dus oan de ein fan de dei allegear noch wol net muorrefêst wêze. En dochs wit ik no al dat we as Fryslân in kear alderferskuorrendste lulk wurde moatte op dy Twadde Keamer, de ministers, de Keamerleden, de Fryske Keamerleden, de amtners en wat al net, ja sels ek lulk op ússels, op ús DS, op ús steaten op ús amtners, ik wit net op wa allegear, om my op de hiele wrâld, mar it giet hielendal ferkeard en der is ferdorie nimmen dy’t ek mar in poat útstekt om it noch wer te feroarjen. It is folsleine ûnsin dat Sander de Rouwe hjoed yn de Twadde Keamer oer syn kuifke strutsen wurdt, mar gjin meistimmer krijt foar in akwadukt yn de A6 ûnder de Skarsterrien troch. En dat wylst dat allegear al regele wie dat it wol soe. Yn 1973 ha dy rykswettersteatidioaten de grutste rotonde fan Europa oanlein by de Jouwer. Dêrnei is der ferlytse, fergrutte, feroare, mar it is in probleem bleaun. Gewoan omt we dêr allegear te hurd ride, mar sels ôfsjitte fan ferkearsfandalen hat neat holpen. Dus we sil der aanst mar oerhinne. En dan koenen we moai tagelyk dy brêge yn de Skarsterrien ferfange toch in akwaduktsje. Want ferjit net: foar 650 miljoen sil Grins no it lêste stopljocht tusken Amsterdam en Bremen út it Julianaplein, de ôfslach nei Assen, wei helje. Mar dy stopljochten bliuwe dus by de brêge oer de Skarsterrien. Want de minister fynt in akwadukt te djoer. En wy Fryslân, wy noegje de toeristen hjir hinne, kom jonges en famkes, wit jim wol wat in moaie rûte we ha fan Langwar nei de Tsjûkemar, dan kin jim dêr wat yn it iis omtuorkje. Leuk, gewoan troch Skarsterbrêge, ja jim moatte troch dy brêge, mar dy lju op de A6 dy wachtsje wol efkes. Tussen Amsterdam en Bremen kunt u enkel bij de brug over de Scharsterrien nog oponthoud hebben, een normale doorvaart van recreatievaartuigen duurt ongeveer 20 minuten. De route is vooral bedoeld voor oudere mensen in wat te grote bootjes, die hebben ook wat langer werk in die brug. Mar jonges dit wie in foaropset doeltsje. Sju we krigen yn Nederlân de 130 en doe waard it hiele projekt rotonde/akwadukt in jier útsteld. In jier om in pear lijntsjes wat oars te tekenjen. Ald-deputearre Piet Adema flokt nea, mar hy hat my ris ferteld hoe’t er der doe deun tsjinoan siet, likegoed it joech neat. In jier. Oars wienen se no al begûn te dollen, no wie’t wachtsje en wachtsje op dy lijntsjelûkers en dan seit dy Schulz ynienen, ho jongens dat akwadukt giet net troch. En dan roppe wy wol dat kin net leave, mar dan hâldt it op, se is net leaf. Eins moatte we dus hjoed nei Den Haach om se dêr de harsus yn te slaan, mar dat jout neat, want Rutte en Samsom sizze dat alle protesten yn dit lân begryplik binne, mar ek dat Schulz net in sint mear krijt. Ja, no ja, dat is dan de oplossing, dan moat we hjir yn Fryslân de sinten mar wat oars ferdiele. Dus gjin sintrale as, hoech je dêr ek net foar nei de rjochter. Ferkeapje dy grûn mar wer, leafst foar like folle sinten as werfoar at jim it kocht ha, mar dat sil wol net slagje. Brek dat wurk ôf, set de beammen wer yn’e grûn en smyt dy sinten nei Skarsterbrêge. Of noch better, doch wat Jan Ploeg seit, betelje it as provinsje Fryslân sels mar. Lit it jild rôlje troch en yn it akwadukt. En dan wol de âlde dyk oer dy brêge bestean litte foar de lju dy’t op VVD en PvdA stimt ha, dy meie net troch ús akwadukt, dy kin wol efkes wachtsje op dy twa âlde minskjes. Want dan mei dy brêge om ús wol sa lang mooglik iepen stean bliuwe.  

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s