Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

10 04 13

 

Nea witten, mar yn ús provinsje bestiet in boerderijenstifting Fryslân. Op de webside wie tocht ik, ek neat te finen wat se no eins dogge, mar it blykte hiel simpel, se organiseare de wedstriid om de pleats fan it jier. Je huldigje elk jier in moaie âlde pleats, dan kin we noch wol 400 jier foarút yn Fryslân. Noflik wurk. Der omhinne dogge se noch wol in soad hear, at je op âlde maaie in aardige fytstocht ha kinne lâns in pear monumintale pleatsen by Wytgaard en Reduzum, soks is o sa noflik. En it aardige fan dizze stifting is, dat se net sa sear geweldige en dus ûnlêsbere doelstellings ha, se dogge gewoan. Dêrom ha se jûn yn’e Mande yn Tytsjerk in jûn oer it belang fan de buorkerij yn it Fryske lânskip. Dat is de start fan har searje aktiviteiten en dy stean fansels hielendal sintraal want we sitte no yn it jier 2013 en sa’t jim allegear witte is dat jier fan’e buorkerij. No en at je yn it jier fan de buorkerij de pleats fan it jier 2013 wurde, no dan skodzje de beammen om de buorkerij hinne fan de freugdegjalpen fansels. En dochs, dochs stean we jûn op de temajûn efkes earnstiger stil by it ien en oar. Arsjitekt Jelle de Jong fan de Lemmer hat in fraach foar elkenien: ferliese we ús oarspronkelijke buorkerijbestân. Eeh ja, dat tink ik wol. At je derfan útgeane dat we fiersten en fiersten tefolle buorkerijen yn Fryslân ha yn ferhâlding ta de hjoeddeiske skaaimerken fan lân en kij, en krekt ús Fryske monumentaliteit bestiet foar it greatste part út de pleatsen, dan moat je der fan útgean dat we hjir en dêr wolris ien of twa net bestean litte kinne. Is dat slim. Els van Loon fan lanskipsbehear Fryslân hâldt jûn in lêzing oer buorkerijen yn it Fryske lânskip, en sil sûnder mis oantsjutte dat dy buorkerijen in fêst plak ha yn dat lânskip, sterker dat lânskip bepale, it lânskip sit fêst oan dy buorkerijen. Mar wer’t ik my no oan steur, en ik steur my fansels earne oan want oars hie’k dit ûnderwerp net ta ûnderwerp makke, is dat we al jierren en jierren, al minimaal fyftjin jier prate oer wat dogge we mei dat te grutte part buorkerijen dat aanst oerbliuwe sil as de lânbou normaal is. En ik steur my der oan dat we no noch bepale moatte hoe wichtich dy buorkerijen foar it Fryske lânskip binne. Dêr hienen we dochs al lang út wêze kinnen, en dan hie dizze jûn bestege wurde kinnen oan it gesellich mei elkoar beneamen fan de sterke punten fan de pleats op it Fryske plattelân, of sa. En de oerheid docht hielendal neat dan inkel mar fraachtekens bejeuzelje, deabenaud dat se dat ek noch betelje moatte. Sis dat dan. Sis dan tsjin de buorkerijenstichting at jim it moai fine betelje jim it sels mar. Ja mar provinsje fine jim it net moai, ja wy fine it o sa moai mar we ha der gjin sint foar oer, dy moat we besteegje oan it akwadukt by de Skarsterrien. Of je moat in belied ha wat wol en net yn dy sa moai yn it Fryske lânskip steande dingen mei; hoefolle auto’s at op in hiem stean meie; at der ek noch in âld trekkerke foar de sjo yn de greide omtuorkje moat; hoefolle at se brûke meie foar hoereketen; werom Jelle de Jong der wol yn mei en in oannimmer net; wa bepaalt it beleid yn it op lânbou rêstende gêrslân; wat bin echte monuminten; moat dy hokken en lizboksen net ôfbrutsen wurde; gean sa mar troch. Fyftjin jier lang bin der inkel fragen stelt, der is noch nea in andert kaam. Sleau belied. It ynteresseart my amper wat der barre moat, mar siz in kear hoe’t we dat no allegear dwaan sille. Meitsje belied en fier it út. Dy earme lju fan boerderijenstifting Fryslân wer in jûn wer te eameljen oer at it al of net slim is om ris in buorkerijke al of net ôf te brekken. Ik kin der net mear oer.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s