Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

11 04 13

 

Der bin fan dy dagen dan organiseare guon entosjaste mar wierskynlik noch net al te erfaren lju in tal saken werfan je sizze: fata morgana, dream, quatsch, kinst net miene, do doochst net. No ja fan datsoarte praat. It is sawat sa fan je wolle de spoarline Dokkumer Lokaaltsje wer iepenje. Soks soe noch kinne, mar at je it spultsjegehalte en oar gedoch besjogge wat nedich is, en je witte dat de steamtrein fan Snits nei Starum it ek net helle hat, dan is soks te hege ferwachtings fan neat. Ik kin my net foarstelle dat je dat wolle soenen. Mar dochs hjoed is it wol in dikke dei yn datsoarte saken. Sil we ris wat dwaan. Vervuilde weidepercelen zorgen voor verliezen in opname en smaak. Yn ús wurden: de greide is smoarch en de ko, foarsafier dy noch bûten komme mei, en it skiep en de goes ite minder gêrs at der wat stront tusken sit. O. No at se honger ha dan frette se alles, sjoch marris nei ús greide no, tuorre rotsooi. Mar no is der immen dy’t in greidewasker útfûn hat. En dy wurdt hjir hjoed op de Dairy Campus demonstreard. De kij soenen by maaitiid de greide ynstoue en him hielendal keal frette. No ja, doge jo wol. De greide spiele, wylst de boer út alle macht besiket de wetterstân sa leech mooglik te hâlden. De greide waskje omt tefolle stront de ko net smakket. Der komt net in minsk foar fansels. Wêr’t ek net in minsk komme sil is it kennismakingsarrangement, ik ferdom it om dêr in Frysk wurd foar te betinken, in kennismakingsarrangement fan horeka, hotellerie en organisatiebureaus. Se ferwachtsje der ek net folle fan, want do moast belje om der hinne te kinnen, likegoed ast dy al opjoust dan hingest der twa dagen om, wylst in bedriuw hast wat yn dizze tiid wer in nije start meitsje moat, dus do hast wol wat oars te dwaan. Ast der al hinne giest , dan kinst nei trije ferskillende parten. De meist harkje nei it kongres “anders congresseren en vergaderen”. No ja dan wurdst inkel yn en om Ljouwert hinne sjen litten wêrst kongressen hâlde kinst. No dat witte we sels wol, jo moat in seal ha wer’t it tal minsken wat je ha yn kinne, in kop kofje en in soad drank nei de tiid, in listje is genôch en dy hat it VVV wol. Der is ek it programmaûnderdiel Puur Friesland. Dat spilet om Snits hinne, je moat dy kongressykjende lju yn Ljouwert net foar de fuotten rinne no. De titel doelt op Friese gastvrijheid, authenticiteit en culinaire mogelijkheden. No dan giest dus te beerenburg priuwen by de weduwe, no priuwe kin we wol, dus it wurdt sûpen, efkes by in ielfisker op it hiem sjen en dus rikke iel frette en nei in bijzondere industriële locatie, dat sil wol Lankhorst wêze, fan âlde rommel moaie meubeltsjes meitsje. Puur Friesland is een programma dat u in vervoering brengt en een onuitwisbare indruk achterlaat. Ik ha hiel lang oer dat sintsje neitocht, mar ik ha noch gjin wip yn de angel krigen fan dit gedoch. No ja, en we bin yn Fryslân, dus Waddenexperience is der ek noch, no Flylân snuve, frette en sûpe dus en in opsette seehûn besjen, want dêr komt it fansels op del. Elkenien hat toch wol wat betters te dwaan.

Dan mar gau nei it nijs. Mar at dan blykt dat Jannewietske de Vries hjoed as foarsitter fan it Network for the promotion of linguistic Diversity in rapport oer de European road for Linguistic Diversity útrikke moat op de Ierske ambassade yn Brussel oan in amtner fan de europeeske Unie, yn’e mande mei in Korsikaanske Europarlementariër dy’t ek sa’n soarte rapport skreaun hat oer minderheidstalen dan begjin ik út meilijen mei Jannewietske, mei Fryslân en it nijs te skriemen. En gean myn eigen paad yn nei it echte libben, efter myn buro.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s