Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

17 04 13

Jûn komt der in bus Fryslân ynriden. It is de âlde bus fan de SC Hearrenfean mei fan dy grutte pompeblêdden derop. Mar no sitte der in kear echte Friezen yn. Se bin al in pear dagen ûnderweis troch Europa hinne. Se komme earne út it suden wei en ha in lange triomftocht troch hiel Europa makke. It publyk stie en stiet seis man dik lâns de kant om de Fryske bus ta te juichen, it hâldt net op. Sa no en dan komt Annigje Toering efkes troch it skolûk boppe op de bus. Gjin Sibon, Camataru of Finnbogason, nee Annigje Toering. En it publyk mar raze en roppe efenpee, efenpee, efenpee, se hâlde net op. En at Sybren Posthumus en Douwe Bijlsma nei boppe skood wurde om dêr njonken Annigje Toering te hingjen, dan wurd it publyk suver hysterysk. Yn Paris skoot Hollande wat ûngemaklik yn syn lege bêdsje om, yn Berlyn sit bundskansler Merkel ferwêzen efter har burooke en staart nei de tillefyzje dy’t net ophâldt de triomftocht te ferbyldzjen. Yn Den Haach sitte Rutte en Samsom ferslein yn it tsjustere Tuorke, de  VNO en FNV koene se oan, mar de FNP, nee, dat rêdde se net op. Want hear oan, mar leafst twaentritich europeeske polityke partijen, ik sis it jitris, lit it goed yn jim earen sakje, twaentritich europeeske polityke partijen ha ynstimd mei in moasje fan de FNP. It wie yn Tiroal. Watte, no goed de minderhede sitewaasje foar eagen hâlde Lok, dat wie yn Súd Tiroal. Dat leit dan wer yn Italie. Se wienen nammenltik yn Meran. Dat hiet yn it Italiaansk Merano, mar de FNP-ers sizze Meran. Der is ieuwen lang om fochten, nimmen wit wêrom, mar it risseltaat is dat Meran no yn Italie leit, yn de autonome provinsje Bozen. Autonoom. Is it net geweldich. Meran is in plakje fan de grutte fan Snits. No dat is dochs wol hiel grut. En dêr ha twaentritich polityke partijen ynstimd mei in moasje fan de FNP. Ik wist net iens dat Europa safolle polityke partijen hie, mar leafst twaentritich. Dy moasje dy hâldt yn dat dy twa entritich polityke partijen fine dat Fryslân in bestjoerlike ienheid bliuwe moat. It skynt, we koenen der net by wêze, dat yn in orkaan fan gejuich en geâl dy seal yn Meran folslein út elkoar batst is.Wat geweldich, Fryslân neffens twaentritich Europeeske partijen in bestjoerlike ienheid. Ik hearde fan Lutz Jacobi, dat Plasterk yn ien klap ôfreizge is nei Curacou, om harren út te lizzen wat besjoerlike ienheid is, en dêrnei net wer nei Nederlân te kommen. Mar dêr kaam noch wat oerhinne, dat it entosjasme sa hysterysk makke, der is ek noch útsprutsen dat Fryslân syn eigen jild sels besteegje kin. Jannewietske hat noait oars witten, mar it is no ek Europeesk útsprutsen, geweldich dochs. Dy Nuon jilden, dat dikke miljard dat is fan ússels. Ja der sil ek wol sein wêze dat it inkel foar de Frysk sprekkende lju is hjirre, en der bin in pear jitikmiegers dy´t der fraachtekens by sette, mar twaentritich polityke partijen yn Europa dy´t sizze dat jild is fan de Friezen sels, lit my it sa mar fersichtich sizze. Mar wit jim wat no sa nuver is, dy bus komt jûn by Tuk de Fryske grins oer, en dan stiet der net ien mear. En dan gean Merkel en Rutte wer lekker sliepen. Want dy twaentritich polityke partijen binne in ûnderdiel fan de EFA, de Europeeske Vrije Alliansje. In partij dy´t ynskood is by de Grienen yn it Europeeske parlement en der in fiergeande minderheid mei ha. En dy’t dus allegear idioats roppe kinne, soks docht net in minsk sear. Fansels meie dy Europeeske minderheden by elkoar komme, meie fan alles roppe, meie sels Douwe Bijlsma yn harren bestjoer beneame dan ha’t dy op kosten fan de FNP leden noch wat moaie reiskes, mar je moatte net parseberjochten de himel ynstjoere  dat soks in grutter belang hat as it hat. As Fryslân in bestjoerlike ienheid bliuwe sil, moat we dat mei syn allen hjirre betinke en dwaan, moat we konsesjes dwaan en eindelik dy gemeentetroep opromje as kompensaasje en bewize dat we foldwaande identiteit ha om soks te dwaan. De FNP soe de Friezen ris wat freegje moatte.    

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s