Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

18 04 13

Sûnt ferline jier is 18 april en dat is it hjoed dus, de nasjonale Fryske twitterdei. Ik doch net mei oan Facebook, dus ik wit net wannear at it Fryske Facebookdei is. Ik doch net oan Linkdin, dus ik wit net wannear at de Fryske Linkdin dei is. En eins ynteresseart it my ek net dat it hjoed Fryske twitterdei is. Sterker, ik ha ferline jier op 18 april net twittere, en ik tink dat ik dat hjoed ek net dwaan  sil. Miskien dat ik der noch in ferwizing nei dizze kollum  opset, mar eins wol ik dat net, want dan sizze de lju dy’t betocht ha, sjoch Eelke Lok docht ek al mei oan de Fryske twitterdei. Fansels, it libben is hiel simpel at je twitterje wolle, dan doch je dat op je eigen wize. Mei Obama twitterje ik yn it Ingelsk, mei Hollande yn it Frânsk, mei Wilders yn it Dútsk en mei Koen Eekma yn it Frysk. En at ik it foar mysels doch, twitterje ik it meast yn it Frysk en fyn it wol aardich dat Frits Barend, Gerrit Hiemstra en Charles Groenhuizen dat ek wer yn it Frysk beanderje. Want twitterje, sa is it opset en sa brûk ik it ek, is kommuniseare. En kommuniseare hat mar ien betingst, dat je begripe wat in oar seit, skriuwt of skyt. Oars kin je net reageare. Bygelyks Henk van der Veer ivige stêdsdichter fan Snits, hat foar it oare in moaie blog, en hy hat mar ien  ôfwiking, hy twittert yn it Snitsers. Ik hie dat eartiids ek al, at in Snitser, of in Starumer of sa Snitsers of Starums tsjin my prate, besocht ik dat werom te dwaan, myn gefoel woe kommuniseare. Och, en se gniisden wolris wat, it koe der wol op troch, mar skriuwe, myn himel. Ik ha Henk van der Veer lêsten in twitterke stjoerd, ik ha noait andert krigen, neffens my is hy noch oan it útsykjen wat ik bedoelde. No kin Henk fansels in Snitser twitterdei besykje op te setten, en dat hat er ferline jier mei Snitterklaas wol wat besocht, mar te min minsken kinne dat goed genôch om har lokkich te fielen yn kommunikaasje dy’t je net goed byhâlde. Ik bedoel mar de Tytjerksteradielster wethâlder Houkje Rypstra op en top Frysk siet fannewike yn it hollânsk te jeuzeljen mei Chris van Beek, dy’t al salang yn Fryslân wennet dat er yn it Frysk dreamt. Mar dan is Houkje dochs net ynienen ôffallich of sa. Ik hie Wiegel yndertiid doe’t er minister wie alris in pear kear ynterfjoed yn it hollânsk, dus ik hie grutte muoite mei om him as kommissaris sa hiel strang yn it Frysk te befreegjen, sa kommunisearden wy net. Boppedat ferstie hy je ynearsten ek net altyd, dus dat wie op syn minst ûngelokkich, al koe Wiegel him ek wol rêdde sûnder ferslachjouwers. Mar soks kin sa wêze, we sille de Fryske twitterdei wol net foarkomme kinne. Al dy Fryske twitterders. Praat mar frysk, Fryske siswizen, de fiere Fries, Omrop Fryslân, AFUK, provinsje Fryslân, Gemeenten en Frysk, Fryske Akademy, Frysk wurdboek,  Fryske music Night, Fryske Hynstewhiskey, Fryske Gea, Alde Fryske Tsjerken, Fryske Beweging, Frysk famke, Frysk bûn om utens, Frysk Ljeppers Bûn, FryskLab, Frysk Almere, Frysk fûgelpaad, Frysk, Fryske sechjes, Fryske video’s, eduFrysk, Frysk Frisan Fries, Frysk bloed,  Frysk GGZ platform, Frysk Jeugd Orkest, Frysk Jeugd Fanfare orkest, Frysk fanfare orkest, Frysk is hot, Tips Frysk skriuwen,  Fryske Gratis Fashion, Fryske karundeng, Fryske referee, Frysk damjen, Fryske wysheden, Fryske memkes, Fryske haringparty, de Fryske popbelofte, Fryske kalinder,  Fryske cash, Fryske rumopa, fryske kirstin, Fryske taalhelp, Fryske  kompjoeters, Fryske frou, Fryske paddy, Fryske aksje, Fryske grappen, Alles Frysk, FanFryslan, Frisismen,Fryslân 2018…………. Ik kin noch oeren trochgean, ek mei de lju dy´t yn har twitterkop sette, ik bin Frysk, of ik kom út Fryslân. Begryp jim no in bytsje werom at ik hjoed net meidoch oan de Fryske twitterdei. Normalerwize ach dan skoue der wat fan dy dingen foartby, dat mei, elkenien is frij. Mar  hjoed wurdt it in goarre. En it heart eins allegear mar ta ien twitteradres wat ik noch net neamd ha, mar ik tink, stjoer dêr dan alles hjoed mar hinne. Dom Frysk Praat. 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s