Eelkesweblok

it each fan eelke

2 reacties

23 04 13

 

Jûn om kertier foar achten yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar prate oer Hoe fierder mei it Frysk. Hoe tapaslik. Doe’t Gysbert Japicx noch libbe siet de mienskip noch net yn oer hoe’t se fierder mei it Frysk moasten en wat Gysbert die moast er hielendal sels witte. Mar politikus-skriuwer Willem Verf wol dat wy der no wol oer ynsitte. Hy hat de stifting fierdermeifrysk oprjochte, en organiseart no jûn dus dy diskusje. No en at je de direkteur fan de Fryske Akademy perfesser doctor Reinier Salverda ree fine om dy ynlieding hannen en fuotten te jaan, eins hoech je dan net mear oer dy takomst yn te sitten. Unsin seit minister fan ynlânske saken perfesser doctor Ronald Plasterk. No ja hy sei gjin ûnsin, hy sette juster in hântekening ûnder in nij bestjoersakkoart Frysk. Deryn stiet wol hoe’t je fierder moatte mei it Frysk, dêr hoech je net foar nei perfesser doctor Salverda. Mar no moat ik earst de skiednis mar yn: Willem Verf woe in brede maatskiplike diskusje oer hoe no fierder mei it Frysk. Mar doe’t Verf in nij soart brede maatskiplike diskusje, dus in referendum woe, betelle de Ried fan de Fryske beweging al net mear mei. De provinsje ek net, dy die leaver in taalsosiologysk ûndersyk. Tuike tuike konstateart Willem wat ûntefreden, dat sil ús noch raar opbrekke foaral mei in reagear dat as in oaljefant troch de porsleinkast hinne wâdet. Plasterk as in oaljefant troch de porsleinkast? No nee Willem, hy set it Frysk netsjes yn de taalwet, da’s de basis, de rjochten dy’t je as taal ha. En dan de útfiering dêrfan yn bestjoersakkoarten, seis jier nei it earste moast der nedich wer ien komme. Want sa seit er, alles feroaret altyd, hy seach skalks nei mei-ûnderskriuwster deputearre meester doctor Jannewietske de Vries, en dan kin je moai om de seis jier wer wat bystelle. Sa as no dat der ekstra jild ynstoppe wurdt om wat mear minsken dy’t fryske les jaan kinne op te spoaren, want wat we hjir sels dogge yn Fryslân foar it Frysk is fanseles hopeleas. Sterker dat sei Plasterk eins in bytsje yn dat fierder wat wollige gedoch, provinsje doch no ek sels in kear wat. En dat is ek it antwurd wat perfesser doctor Reinier Salverda jûn eins krijt en troch jaan moat oan Willem Verf. Provinsje, doch wat. Net seure by de minister we wolle dat fan Tryater ek yn de taalwet ha, dêr stiet de Gijsbregth ek net yn foar it hollânsk. Oan it wurk. Perfesser doctor Ronald Plasterk joech in hiele sterke foarset. Jim hoege as Friezen gjin tiid te ferliezen oan diskusjes oer Grins, at jim net wolle dan hoech jim dêr net by. Fan my alteast, mar dat sei er net lûdop. Mar doch no sels ek ris wat. Begjin jûn mar yn Tresoar, net mear âldehoere oer bestjoersakkoarten, taalwetten en oar guod: nee, wat wolle we no. Dat útfiere, net seure oer it jild, dêr komme we ek net oan en jim ha genôch. Want wat de perfessers doctors fansels allang yn’e gaten ha, we lulle der mar wat op om, mar we dogge neat. It is krekt as mei sa ’n keningsliet de iene helte fynt it net moai, no slach dy dan oer en meitsje dy fryske dingen foar de oare helte dy’t faak folle minder lûd jout. Soargje foar genôch en goed ûnderwiis. Stypje boeken, utjouwers. Stypje ferbreding fan rotwurd marketing. Lit minsken frysk prate, sjonge, spylje. Jou de omrop en de kranten mear romte yn it Frysk. Jûn krijt Willem Verf sa in listje fan de tweintich wichtigste saken dy’t de kommende seis jier barre moatte. Fier dat út. Dan mei om my dernei de provinsje Fryslân wol in middei yn Den Haach âldehoere oer in nij bestjoersakkoart. Mar wâldzje no sels ris as in oaljefant troch jim eigen porsleinkast. En doch dus net wat yn it akkoart stiet. Wat dêr yn stiet. Der komt in adfysorgaan om alles earst nochris te behaffeljen. Dan bin we dus werom by Gysbert Japicx.   

Advertenties

2 thoughts on “it each fan eelke

  1. Pingback: Hoe fierder mei it Frysk | ensafh

  2. Troch sykte fan de ynlieder giet de gearkomst van ‘Fierder mei Frysk’ jûn spitigernôch net troch!

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s