Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

24 04 13

 

Selden hat in bedriuw sokke bêste reklame hân as it NUON de lêste jierren hielendal fergees krigen hat fan de hiele provinsje Fryslân en ek noch gâns ynwenners dêrfan. Hielendal fergees. Sterker, de provinsje Fryslân ferkocht de oandielen dy’t it hie en hie doe ynienen in miljardsje op de rekken. En sûnt dy tiid praat elkenien oer dat NUONjild. Maklik, je witte presies wer’t it om giet. En it is freonlik jild fansels, Fryslân hat noch wol jild, wat foar jild?, no NUON jild. Nee, Fryslân hat neat ferkeards dien, nee nee en NUON ek net. Goh wat in reklame. Mar it is dus PEB jild he. PEB. Provinsiaal Elektrisiteits Bedrijf. Dat hie ek al ris 32 miljoen oerhâlden en deltelt foar de dyk dy’t letter dus ek de A32 waard, tusken Ljouwert en Hearrenfean. Twa akwadukten… We wiene al fol bewûndering. Yn 1994 is it PEB fuseard mei de PGEM. Gelderlân. It wie in hiel singeliere fuzje. Se lulden mei syn fjouweren oer gearwurking en sa, Grins en Oerrisel sieten der ek by, dy ferrasten ynienen mei dat se oankundigen om ta fuzje oer te gean en doe bin PGEM en PEB hiel hastich by elkoar stapt. Sa hastich dat it it PGEM sawat ûntkaam, al sizze guon dat it ek kaam fan de hiel handige besprekkingstaktiek fan de Friezen. It skynt dat de politisi úteinlik in foar de Friezen better akkoard makke ha as de direkteuren, mar dat soe inkel betsjutte dat dy Gelderske deputearren kloaten wiene. Ik wit wol, en dêrom neam ik it ek, dat der yn dy tiid noch wol hiel wat lijen west hat tusken de politisi hjir yn Fryslân en de direksje fan it PEB lykas algemien direkteur Oebele Wynstra, koartlyn ferstoarn. Mar de nije direkteur fan NUON wie hastich, Swelheim, dus Fryslân krige noch al wat oandielen, eins wol mear as wêr’t se rjocht op hiene en doe’t it enerzjybedriuw yn Noardhollân derby kaam, krige Fryslân yn ferhâlding wer mear. Mar it wie wol wat in tsjuster saakje, Oebele Wynstra waard nei hûs skood en deputearre Van der Horst waard ynienen NUON direkteur. It skynt dat Wiegel soks allegear bedissele hat, hy wie in hiel kundige deputearre kwyt, dy wie lêstich en Wiegel hâlde ek net sa fan Wynstra dy’t it regele hie dat hiel Fryslân betelle hie foar de lange elektrisiteitslinen dy’t nei fier ôfgelegen buokerijen giene, soks wie him te sosiaal. No ja NUON ûntstie, it bedriuw stie fier fuort fan de minsken yn Fryslân, en dy Swelheim kocht Vitesse en boude it dome dat no fan Ziggo is. Mar se fertsjinnen likegoed noch wol jild en in part dat jild hat Fryslân dus no. Jan Ploeg is al begûn om der oan te skuorren, it joech hjir ek nochal wat opskuor, de dividenten wiene dochs genôch en selfs no, no ’t it op de bank stiet (op hokker bank trouwens, bin eins wol benijd) bin der noch wol guon dy’t eins de rinte heech genôch fine om aardige dingen te dwaan. Mar de minne tiid, de nei jild longerjende regearing, en de nei aksje freegjende Friezen ha derfoar soarge dat it hjoed op de aginda fan provinsiale steaten

stiet. En al hoe aardich dy NUONjilden ek binne, it ferhaal wurdt wer lykas de fuzje, strid yn de steaten. Dogge we no tuike tuike, hjir en dêr in pear stuorkes. Of dogge we sa’t de deputearren sein ha earst efkes 300 miljoen foar noch net iens allegear dudlik ynfulde saken,want at je dat net goed witte sis je de steaten moat it mar sizze, dan bin je ynienen hiel redelik. Of sis je, lykas de VVD seit (mar dy sitte dus net yn DS) pluk der mar gau 500 miljoen fan, bou in akwadukt by Skarsterbrêge, doch noch wat ekstra’s nei Thialf, wat nei it Frysk, mar benammen jild nei saken wer’t wurk mei anneks is. Sok freonlik jild, en dochs wer sokke tsjinstellings. Mar ja, da’s mei elk jild sa. 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s