Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

25 04 13

 

Juster is der in nije startbaan werop je ek lande kinne en dus in nije landingsbaan werop je ek starte kinne op noardelike fleanbasis Eelde iepene troch frou Wilma Mansveld. In hiel gedoch, in soad minsken, se bin der ek al hiel lang mei dwaande west. Dus allegear feest, inkel it Fryske flagje ûntbruts juster yn dy feestlike slinger. Net letterlik, mar der waard dus noch al wat stroffele oer it brek oan Fryske belangstelling. It skynt dat Joop Atsma der wie, teminsten dy twittere in lokwinsk, mar dat moat sawat de ienige west ha. Ik wit wol, it wie juster steategearkomste en yn de ferparte NUON-jilden wie der neat mear beskikber foar de noardelike fleanbasis Eelde, dat se fûnen dat se der net hinne hoegden. Se wolle dy Grinzers ek net by ús alvestêddetocht ha. No dus ha de Grinzers út wraak der in soartich Frysk VVV tintsje wer weihelle juster, toeristyske reklame inkel foar Grinslân en Drinte.

Mar jonges, sjoch no nei Schiphol, hast noch de ienige moter yn ús kwakkeljende ekonomie. En je witte dat Eelde dat yn it noarden ek is, teminsten dat stiet yn it Dagblad van het Noorden. En wy Friezen leauwe net dat soks ek wichtich foar ús is. Want alles wat Noord hyt is Grins, dus is alles wat noord is ek ferskriklik fys. Wy Friezen bin yn’e war, wy sitte dernjonken, we bin mis. En dat kin je sjen op in prachtich filmke dat makke is foar BeleefFriesland. Sju we bin as provinsje no fiif jier wanstaltich dwaande om ússels sjen te litten, mar we ha no de argewaasje fan Fryslân Marketing sa’n bytsje fuortspielt yn Joustra beerenburg, dy’t foar it oare noch datselde oerdreaune ûnfryske toantsje hat, mar de beerenburg smakket der net minder om. Der is dus no in filmke ferskynt en binen fiif menuten dat it op youtube stie, net op beleeffriesland.nl , waard it al ferspraad op twitter, facebook en wit ik net wat. Jim moat it marris sjen, Fabulous Friesland, extendet version. It hat mar ien ellinde, de teksten bin yn it Ingelsk, mar bin bedoeld om hjir Amerikanen hinne te krijen en der sit safolle humor yn, geweldich. We have Leeuwarden, yeah, we also have Heerenveen, but thats only football. Acht menuten bylden yn sa’n tempo, mar ek sa tekenjend en dus gewoan. Echt perfekt. Fyn ik. Der sit ek wat histoarje yn dat filmke, dat Fryslân bestie fan Amsterdam oan Kopenhagen. En at je dat sjogge wie Grinslân ek gewoan in stikje Fryslân, mar ja doe bin de Saksen der tusken skood (1628 leau’k) en fan dy tiid ôf wennet der in warber, mar wol drok, frjemd pratend mar benammen heerserich folkje yn Fryslân. Se neame harsels no gjin Saksen mear, mar noarderlingen. En dus is it no sa dat wy Friezen leaver nei de nasjonale luchthaven Schiphol geane as nei de noardelike fleanbasis Eelde, wylst dat folle maklikker is, en se ha dêr no ek in nije folwoechsen lannings- en startbaan. En ik moat earlik sizze, Fryslân hie dêr juster wêze moatten. Moat folle better om him hinne sjen nei noardelike saken dy’t net kompetatyf binne, mar foar ús allegear wichtich. Pas at je as Friezen Grinzers en Drinten mei elkoar datsoarte saken opsette of desneeds inkel respekteare is der wat mooglik. Oars bliuwe Grinzers ôfgeunstich op saken dy’t wy inkel ha en oarsom. Fansels, je kin no sizze dat Plasterk sein hat jim moat it sels mar witte, jim hoege net by Grins. Bêst. Mar om no de al sa’n fjirtich jier duorjende noardelike gearwurking op de ôffalbulte te smiten giet fierstentefier. Dus is Eelde ek in bytsje fan ús. Bliid dat it der is, dat hie ien fan de deputearren en in ûndernimmingslieder bêst der efkes fertelle kinnen. Of tinke dy dat je de fleanbasis Ljouwert ta in publiek fleanfjild omtoverje kinne, nee toch?

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s