Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

26 04 13

 

Moarn is it PvdA kongres yn Ljouwert. Ooh. No en? Heeh, wekker wurde, moarn is it PvdA kongres yn Ljouwert. In lannelik kongres fan de regearingspartij PvdA. En it is dochs altyd sa dat at sa’n kongres yn jo provinsje is, dat je dêr moai wat foardiel út helje kinne. Ik bedoel at der gjin kongres is, en je sizze wat, dan is it inkel Lutz Jacobi of miskien Jacques Monasch dy’t dat opheine, en no gean je moarn sels efkes hinne en skuor allerhande Keamerleden, steatsiktarissen en ministers oan de figuurlike mouwe. It is altyd nofliker om Fryske problemen nei foaren te bringen yn Ljouwert as dat je dêrfoar nei Tilburg moatte of sa, dan wol dat net. Dus, se bin der moarn, en at se moarntejûn wer fuortgeane dan moat se folpropt sitte mei al de Fryske swierrichheden. Frâns Westra moat Wilma Mansveld oansjitte, dat is dat frommiske mei it koarte blonde hier Frâns, oer dat akwadukt by Skarsterbrêge. Hans Konst rint mei de tekeningen fan it fjirde nije Thialf yn’e bûse want hy wol dat de lannelike oerheid noch wat meibetellet, dus dy skoot nei Dijsselbloem. Jannewietske wol Tryater, de Akademy en Omrop Fryslân dochs noch yn de taalwet ha, dus dy draeit hieltiid om Plasterk hinne, mar ja dêr stiet Sicko Heldoorn ek al hieltyd by. Lutz Jacobi wit dat Jehannes Kramer gjin genôch sinten hat om it ambysjeuze fûgel- en natoerbelied stâl te jaan. En hy hat ek gjin CO2 genôch om de guozzen dea te meitsjen, dus Lutz moat der mar efkes oer teset by Sharon Dijksma. En …… Mar gewoane lju moat ek komme hear. Watte? No, gewoane lju, gjin regionale of lokale lju, gewoan minsken dy moat ek komme. Dy wolle it oer wat wichtigers ha. Wichtiger as Thialf, fûgels en Frysk, kom no? Weroer wolle dy gewoane minsken it dan ha? Oer wurk. Wat foar wurk? Der is gjin wurk. Presies en dêr moat se it oer ha. Hoefolle wurkleazen fan dy 643.000 yn Fryslân sitte, seker? Nee. Oer alle 643.000 wurkleazen yn Nederlân? Ja omt de PvdA yn see gien is mei de VVD en it is allegear wakker moai dat de PvdA yn it regear sit foar bygelyks it Frysk of de fûgels, mar de PvdA moat noch te faak de VVD wer harren gerak jaan. En at je de VVD ers harren gerak jouwe dan giet dat ten koste fan in pear tûzend illegalen en in pear hûnderttûzend arbeidsplakken. Dus gewoane PvdA lju: ik ha it folgjende plan. Moarn allegear nei it WTC, ek al sa’n nijmoadrige VVD tinte, spandoeken mei, en sadree at Diederik Samsom glorieus op it poadium stapt en sizze wol: wat ben ik blij dat ik even terug ben in de stad waar ik de indertijd vooral in VVD-kringen zeer populaire opleiding namelijk het gymnasium bezocht, op dat momint gean dy minsken dy’t ek kaam binne allegear stean en dogge de spandoeken omheech. Op dy spandoeken, pamfletten en stickers, want jim moat der al noch efkes in goede en professionele aksje fan meitsje, dêrop stiet:

Jou ús wurk en sa nee

dan gean we nei de SP

of

Denk niet Diederik

dat ik het langer pik

of

Frysk , iis of natoer

makket ús libben soer.

En dan yn diskusje mei Samsom , hy kin net oars, en dan sizze: we hiene nei it sosiaal akkoart no al fan jo ferwachte dat je sizze soenen dêr lit we it by, mar jo seinen it moat yn de simmer al wer dien wêze, jim moat krekt as Rutte seit ynfesteare en auto ’s of boatsjes keapje, oars krij jim noch dy 4 miljard op de bealch, dat hiene we no net fan jo ferwachte. We hienen ferwachte dat de PvdA no daliks nei dat akkoart komme soe mei in geweldich oanfalsplan om de wurkleazens yn te damjen, om mear minsken oan it wurk te krijen, jong en âld, yn’e mande mei de sosiale partners. Om konkreet wat te dwaan oan de sitewaasje wer’t in hiel soad minsken mei tangele sitte. Of ha jo Samsom, op dat gymnasium net leard wat Domela, Troelstra, Drees en Den Uyl besielde?

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s