Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

29 04 13

 

Doe’t Piet Adema út it provinsiaal bestjoer weistapte om foarsitter fan de lannelike ChristenUnie te wurden, ja ik wit ek wol dat it oars wie, dat se Piet net mear ha woenen en dat hy fia Achtkarspelen en foldwaande twitters dochs noch foarsitter fan dy ChristenUnie wurde koe, omt it net gefaarlik is, omt Arie Slob dêr dochs alles yn hannen hat, mar doe’t Piet Adema dus út it provinsiaal bestjoer weigie wisten de steateleden wol dat iepenbier ferfier, in oerlêstige portefeuille, want deroer seure de minsken it measte, dat dy portefeuille foar ien fan harren lizzen bliuwe soe. En doe’t de grootmogols PvdA en CDA sprutsen hiene en Jehannes Kramer as nije fasal ynhellen, lei dy portefeuille dêr noch. Hy hat der lang om hinne draeit, mar ‘m dochs mar opkrigen op it lêst, der wie gjin ferwin. Hy moast him noch wol ut de hannen fan Piet Adema weiklaue dy woe der min fan ôf. No wie it ellindige dat it programma fan de FNP skreaun is troch reizgers, minsken dy’t dizze provinsje ûntflechsje wolle. FNP-ers dy’t sizze Fryslân is it geweldigste lân fan ierde en dus moat we sjen dat we sa no en dan earne oars komme. Dus ien fan de wichtigste ferkiezingsitems fan de FNP wie mear treinen fanút Ljouwert. No nei Harns en Grins stean de spoarbomen al hast hiele dagen ticht, dus it moast nei it suden. Der siet foar Jehannes Kramer neat oars op de spoarwegen te skiljen, kin we ek wat mear treinen krije richting Swolle. Dy spoarwegelju ha doe sa alderferskrilikst lake, it is net foar te stellen. Se ha sa lake dat ferskate spoarlinen ferskoden en der allerhande opstoppings wiene, mar se koenen der neat oan dwaan. Doe ha se Jehannes meinaam nei de spoarline en doe ha se him sjen litten nei de treinen dy’t fan Ljouwert nei it súden riden. Leech. Hielendal leech. Ja der sit wolris in politikus yn, in Fries of Friezinne dy’t yn de Twadde Keamer sit, mar fierder leech. Hielendal leech Jehannes. No ja doe is Jehannes mei de skouders del wer nei it provinsjehûs gien, yn de deputearrebmw fansels. Mar ja doe’t er dêr werom kaam hearde hy hieltyd elkenien razen kom no ris op FNP, set wat del, jim sitte no dochs yn it kolleezje. Hy begûn fûgels te aaien, mar dy leine tefolle aaien, en dat koe hy net betelje want Jannewietske hat de hiele hân op de knip, sa sunich as de neten. No doe hat er de kop yn it plattelânsbelied stutsen, mar doe’t dêr net in bus mear kaam, syn bussen, wie dat ek oer. Dus hy hat de spoarwegen jitris skille en sei, jim laitsje earst mar wer efkes, doe hat er twa dagen letter wer skille en sein, mar kin jim my no net stypje , dan smyt ik de stoomtrein derút kin jim trochride nei Starum. Mar stypje my. No en doe ha se sein dan dogge we it sa, de treintsjes ride no nei Wolvegea, mar at we dat no ien halte fierder dogge, nei Meppel. Dêr komme de treinen fan Grins ôf ek lâns en dan ha jim ynienen in ryk ferskaat wer’t jim hinne kinne. Dus dat Twadde Keamerlid kin dan moai yn Meppel oerstappe yn de trein dy ’t fan Grins de wrâld yngiet en dy oare riidt wer leech nei Ljouwert werom. Is dat net moai, Jehannes. Jehannes knikt en skriuwt in parseberjocht en Sybren Posthumus glorieert oeral en seit rûnom dat ien fan de wichtigste ferkiezingsitems fan de FNP no ynwillige is. En wit jim wat der no bart, no wurdt hjoed dy nije tsjinstregeling begûn. Hjoed. En jûn en moarnier wol de helte fan Fryslân nei Amsterdam, oranje boven. Dus wat bart der de twadde dei dat dy trein nei Meppel riidt. Fol, hartsikkene fol. Leve Jehannes Kramer, leve de FNP. Hoera hoera hoera.  

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s