Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

01 05 13

Jo ride fan Ljouwert nei Snits. Net fia A32 en de A7, nee, oer de gewoane âlde dyk oer Tsienzerbuorren, in 80 km dykje, dat no al hast sa fol auto’s sit dat se der best ris oer in dûbelbaans tinke mochten, dy soe mear fertuten dwaan as de sintrale as. Mar ja, net ien hat’m op it listje, want Snitsers wolle net nei Ljouwert hoege en Ljouwerters ferleegje harsels net troch nei Snits te moatten. Mar jo wol. Jo ride nei Dearsum. Krekt foar Dearsum in moaie opknapte rotonde, rjochtsôf nei de doarpen en dan Frentsjer, wy gean rjochttroch. Tuike tuike troch Dearsum, 50 km en der stean ynienen ek stopljochten, mar dy wurkje gewoanwei net, dan moat der in fytser of twa kuierders op in knopke drukke, mar je kin op de ho moatte. Net slim en it giet der ek net om. De dyk Dearsum nei Skearnegoutum is ferline jier opknapt. Se ha der ûngefear trije kwart jier mei dwaande west. Dat moast want der stiene twa buorkerijen dy’t net mear buorkerij wiene. Ien autohannel, de autohannel Snits, mar dy namme is wat oerdreaun, want dêr bin je noch lang net. Dêr stean in soad auto’s en ik wit net at dat de bedoeling is as je it ha oer it  brûken fan buorkerijkes wer’t gjin buorkerij mear dien wurdt. Hy stiet op de hoeke fan de ôfslach nei Sebrandebuorren. In eintsje fierder stiet in buorkerij dy’t ek net mear as buorkerij brûkt wurdt, en da’s in wyn- en whiskybuorkerij. Gâns spandoeken, ek net hielendal it byld sa’t je dat lânskiplik foar it each ha. Dy beide buorkerijen ha blykber goede netwurkers, want der waarden fentwegen hinne oanlein. Gewoane buorkerijen  hoegde dat net foar, dizzen wol, al tocht ik altyd dat de whiskydrinkers ek wol troch it lân  krûpe woene om dêr te kommen. Fentwegen. En fanwege dy fentwegen is der in maxi ellipsfoarmige rotonde oanlein op de ôfslach nei Sebrandebuorren, sonde fan it jild en de tiid dat we der dus net lâns koene, mar it is sa. Mar no wie’t meast freeslike oeral wer’t fintwei lei tusken Dearsum en Sebrandebuorren hiene se yn de berm tusken de autodyk en de fentdyk pealtsjes delsetten. Likernôch 2500  pealtsjes fan in lytse meter. Fjouwerkant, nei boppe ta op in punt útrinnend. Hout mar djoer. Dy bin hiel fersichtich en goed delset, de ûndergrûn moast perfekt wêze, want se moasten like heech stean bliuwe, oant op de millimeter. Want yn de pealtsjes siet in gat, en de pealtsjes waarden ferbûn troch in buis dy’t troch dy gatsjes rûn. Mar dat koe net in lange buis wêze, boppedat gie de dyk sa no en dan efkes yn’e bocht en elke kear moast dy buis presies yn it gat fan sa’n pealtsje wer fersage  wurde, en dan koenen je wer fierder. It wie in alderduvelst muoilik en in soad wurk, it hat moannen duorre, en wy hiene der ek lêst fan want at minsken yn’e berm wurkje wurdt de helte fan de dyk ôfsetten. Doe’t se der stiene liken it krekt 2500 tûzend lytse militêrkes, o sa moai yn it gelid, mar efkes fierderop stiet in âld stik izeren bermbefeiliging en dat docht it ek. En at ik op jierdeis it ferhaal fertelde fan dy pealtsjes wie’k it sukses fan de jûn, sa idioat sit in ekonomysk swak Nederlân no yn elkoar. Mar no riidt ik der al in pear wike lâns  en ik realisear my ynienen, dy pealtsjes en dy buizen bin al wer fuort. Yn in nacht ha se dat blykber dien, of miskien wol yn myn fakânsje, al dy pealtsjes wer útgroeven, alles wer folpropt mei sân en modder en alles is fuort. En no soe ik op dizze dei fan de Arbeid graach witte wolle, werom is dat gedoch mei dy pealtsjes dien en werom bin se der dochs ynienen wer weihelle. Ik wol witte wa hat it betocht, wa hat goedkard dat se der kamen, wa hat betocht dat se der wer wei helle wurde moasten en wêrom en wat hat dit allegear wol net koste. It is in provinsiale dyk. Hjirmei stiet it ûnderwerp fêst foar de earste provinsiale parlementêre enkête.  Ik wol wol foarsitter wurde.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s