Eelkesweblok

It each fan eelke

Een reactie plaatsen

03 05 13

It kommend wykein bin der wer gâns betinkingen fan sawol deaden as fan de befrijing. In grut ferskaat. Yn Fryslân wiene de ôfrûne wiken ek al gâns betinkingen te belibjen. Skoalbern dogge soks sa goed, dat der al lju begjinne te roppen dat Fryslân op 15 april mar in eigen nasjonale provinsiale betinking ha moat. Want sa bin we yn dit lân en dan bedoel ik net inkel Fryslân, wy kinne noit ris wat mei syn allen dwaan. We betinke dus ek allegear ús eigen saken. It giet moarn en oare moarn om wrâldoarloch twa, mar we ha dêrnei ek oarloch fierd yn Nederlânsk Indië, yn Korea, yn Sebrenica, yn Afghanistan, yn Libië  no ja gean sa mar troch. We neame dat wol gjin oarloch, mar we sjitte dêr wol oarskleurige, oarspratende en oarstinkende minsken del. En wurde sels ek delsketten. Dat betinke we op allegear oare dagen. Elk hat oer dy oare dagen ek noch syn eigen betinking. Yn Alphen aan de Rijn waard de betinking fan de delsketten minsken yn it winkelsintrum twa jier wer werom net troch elk fan de famyljeleden besocht, want dy wiene dan wer lulk op de organisearjende boargemaster en hiene dus wer harren eigen betinking. En ik ha´t miskien wol maklik hear, bin emosjoneel by gjin inkele betinking direkt belutsen, is der foar sokke minsken net in aparte betinking, mar ik ha dus altyd foar eagen dat je en lit dat mar op 4 maaie om acht oere jûns wêze in geweldige betinking ha, wer´t we allegear al ús meiboargers dy´t dea gien binne of op oare wize lêst hân ha fan de grize en de grauwe fan om har hinne sjittende en stekkende minsken dat we dêr allegear mei syn allen ien kear yn it jier efkes alles hiel yngreven betinke. Mar nee, wy betinke allegear ús eigen dingen. Letterlik hearde ik sa´n âld strider sizzen, nee jong dêr bin ik net, wy ha ús eigen betinking. Da’s no typysk Nederlân. Dêr dogge 21 polityke partijen oan de lêste Keamerferkiezings mei. At we efkes oars tinke, hup oare partij. Net diskusje oangean, of ris in kear dan mar in diskusje ferlieze, nee, bam, oare partij. Sinleaze ambysje, sinleas wurk, sinleaze sinten, sinleas gedoch. Op 1 maaie wie it ek sa sichtber. Hjir en dêr, wêr´t noch sa´n âlde SDAP-er sit is der in moaie byienkomst, ik kom der net oan, mar as je yn de lannen om ús hinne sjogge is der op 1 maaie altyd wat mienskipliks, ienriedigens. Wy kinne dat net, sitte ek altyd mei dat keninginne en keningsgedoch de dei derfoar.  Dan ontwaak je net as in ferworpene der aarde, mar as ien dy´t tefolle sopen hat. Mar ik lies de brief dy´t fakbûnsman Anne van Dijk skreaun hat oer Prins Dokkum op 1 maaie. Hy hie in soart earbetoan oan de wurknimmers, dy´t stride tsjin in direkteur dy´t as systeem hanteard hat, we sille dit bedriuw sa gau mooglik opheffe mei sa min mooglik kosten. Dat is op himsels net ienfâldich, want dan  moat je in geweldige striid ha mei de wet, mei fakbûnen, mei rigels, mei wurknimmers. Dy direkteur docht dat. In keihurde striid, weryn hy dingen docht dy´t stridich binne mei wetten en rigels, dy´t wy hjir lit mar sizze mei ús allen fêststeld ha. Dy´t yn elk gefal neilibbe wurde, de hân fan Wientjes de ûndernimmer en Heerts de fakbûnsman lêsten ûnderstreke dat. Mar minsken, at we dat fine, dan hiene we op 1 maaie as ferworpenen nei Dokkum moatten en dêr stean moatten njonken de wurknimmers fan Prins Dokkum, dy´t as útkôge sjoekelaatsjes yn in doaske skood wurde neidat se tritich of mear jier har de fjûr út de sloffen rûn ha foar al dy oandielhâlders dy’t it jild opfandelen. Selfs as ûndernimmer dy´t in bytsje de skurft oan fakbûnen hat, soene je je ôfkeare kinne fan de wize werop Prins Dokkum bestjoerd wurdt en  dan hiene je moai in eintsje efter ús stean kinnen ôfrûne woansdei. Anne van Dyk derfoar mei sa´n lultoeter de brief foarlêze dy´t er no mar elkenien tastjoerd hast. En dan ien kear sa goed klappe, dat de direkteur begrepen hie, hea, dy wurknimmers stean net allinnich. Mar we ha der net west.      

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s