Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

06 05 13

Wethâlder Thea Koster riidt fannemiddei om healwe ienen nei it Aldehouster tsjerkhôf yn Ljouwert. Se kin  dêr ek op de fyts komme en juster hat se dat fansels ek wol dien, want Thea  liket my wol in meiswingster op it Befrijingsfestival. Mar hjoed moat se moai mei de auto komme. In ûngelokkige dei, op it gemeentehûs is net sa folle mear te rêdden as de huldiging fan Cambuur op datselde Tsjerkhôf en op it Tsjerkhof sels binne de lju noch oan it opromjen, foar’t je alle plastik glêzen en fivers fol urine oprêdden ha, no dat rêdt je net foar healwe ienen. En dan komt Thea Koster al, want dy moat ek wer op tiid fuort wêze foardat al dy Cambuur supporters komme. Thea moat der efkes tusken yn, mei de auto. Mar se riidt  net de parkeargaraazje yn, nee se siket in parkearplakje. En dat fynt se, want der is in plakje en dêr stean allegear lju. Sterker, de twa kameramannen dy’t der steane stappe by har yn de auto, dan makket se in rûntsje, en dan riidt se wer nei datselde parkearplakje, wer’t de lju dy’t dêr stean bleaun binne alle oare Ljouwerters dy’t sa idioat binne dat se ek op 6 maaie nei it Aldehouster Tsjerkhôf wolle fuortstjûrd ha. En at dy dan einlik allegear fuortbinne, komt Thea Koster der wer oanriden. Stapt út de auto, en drukt in pear toetsen yn op har mobile tillefoan, of strykt der efkes oer hinne. En dan rint se nei it stêdhûs wer’t se dus neat te dwaan hat. Dat docht se trije kear oer foar de kamera’s, en dan beantwurdet se noch ek de fragen dy’t dy lju ha, moai mei de Aldehou op de eftergrûn. Wêrom at dit allegear bart? Ja, it is net bêst dat minsken gjin euro’s mear yn‘e beurs ha, mar o sa moai dat se dan no gewoan toch de auto op in te beteljen plak delsette kinne en dan efkes wat yntoetse op harren mobile tillefoan en dan merke se dus net dat se likegoed dochs earmer wurden binne. Ik hoopje dat immen fan dy útnoege sjoernalisten ek freget wat soks Ljouwert no kostet, mei mobile tillefoan te stjoeren betelle parkearplakken, want fan dy euro kaam oars neat wer werom, mar at je der no efkes koarter steane, der is dochs neat te dwaan op it stêdhûs, dan  krij je fia de mobile tillefoan ek noch wer in pear sinten werom. Dus Ljouwert jout jild út om in systeem te meitsjen weroan se úteinlik minder oan fertsjinje as at se oars dienen. Hoe sosiaal. Sil Thea Koster sizze, wy sizze gewoan hoe dom. At dy sjoernalisten dat dan ek sein ha moat se hurd nei it Grinzer Mearum, want ek dêr stiet in stikje autoradioskiednis ta ûntwikkeling te kommen. At der lûd út in ambulanse komt, dat gemekker oeeoeowwoe, dan komt tenei dat ek op jo auto radio en dan kin je dêr rekken mei hâlde. No ha’k krekt as by Thea Koster noch wol wat fraachtekens, it is allegear noch wat lyts en faach. Want jo moatte dus at je yn it noarden binne, want dêr is de proef, dan moat je de autoradio oan ha. Der bin ek minsken dy’t sels sjongem absoluut ferbean. Dy ambulanses brûke  de signalen fan de regionale omroppen, Grins Fryslân en Drinte, dus foar safier ik der ferstân fan ha, moat je dus nei de regionale radio harkje wol je it lûd fan de ambulanse derop krije, dus net radio 2 of 538, dan hear jo wol musyk mar de ambulanse net. Ja, eins is dat ek wer net sa, want je moat likegoed bûten hearre , want at je buten in sirene heare moat je likegoed oan de kant want it bin noch inkel de ambulanses dy’t fia de regionale omroppen lûd joue, de brânwar en de plysje dy sitte noch net yn it systeem. Mar foar de rest is it fansels hiel weardefol, at je bygelyks blyn binne en net in blaue flikkerlampe sjen kinne dus, en jo ride yn in auto dat der dan in lûdsje o jo radio, jo regionale radio komt om jo te fertellen  der in ambulanse oan komt.  

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s